Trotwaer. Jaargang 17
(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 134]
| |
1. De titelIn protte Friezen sille it keatsen as in typysk Frysk ferskynsel beskôgje. It is dan ek te ferwachtsjen, dat literators ûnder har dy sport ta objekt fan beskriuwing kieze. Waard it keatsen oant no ta hast allinne mar yn fers- en dichtfoarm beskreaun, Piter Boersma is de earste dy't it ûnderwerp yn romanfoarm behannelet. De skriuwer hat syn boek de op it earste gesicht oansprekkende titel Keatsroman meijûn. Dêrmei suggerearret er lykwols wat dat der net is: de term ‘keatsroman’ jout ommers oan, dat der in genre wêze soe dêr't it keatsen (in keatserslibben, in tal keatsers ensfh.) sintraal yn stiet, krekt lykas it yn de boereroman om it libben ensfh. fan de boer giet. Yn de konstatearring, dat de skriuwer mei syn roman oer it keatsen de primeur hat, leit al de konklúzje besletten, dat der fan in genre datoangeande gjin sprake is. Ik achtsje de term ‘keatsroman’ noch om in twadde reden net sa lokkich keazen. Troch it weilitten fan it lidwurd ‘in’ hat it boek as titel de oantsjutting fan in (net-besteand) genre krigen. Dat is ryklik pretinsjeus, mei't de titel op sa'n manear útlein wurde kin as: it foarbyld, it prototype fan it genre keatsroman. It is - en dêrmei kom ik op myn tredde beswier tsjin de titel - ta beslút de fraach yn hoefier't it boek de oantsjutting ‘roman’ fertsjinnet. Ik kom dêr wiidweidich op werom. | |
2. De struktuer fan it hiele boekIt boek omfettet de ôfdielingen I-V, allegearre sûnder titel. De struktuer fan it boek is sa opfallend, dat ik dêr no earst by stilstean moat. Ofdieling I (s. 5-12) bestiet út allinne mar sitaten. It giet om trije gedichten/dichtfragminten fan Obe Postma, in proazafragmint út Douwe Hermans Kiestra syn ferhaal Mascotte en in proazafragmint út Reinder Brolsma's novelle De Skarlún; alle fiif geane oer it keatsen. Ofdieling V (s. 153-155) is ek allinne mar sitaat, yn dit gefal ien oanhaal, dy't it ferfolch foarmet op it sitaat fan Brolsma út I Hoewol't it keatsen yn it ôfslutend sitaat net neamd wurdt, | |
[pagina 135]
| |
is it gefolch fan de skriuwer syn wurkwize in sterke gearhing tusken I en V. Dy koherinsje jildt ek foar de ôfdielingen II (s. 13-27) en IV (s. 141-151). Yn beide wurde - en ik sitearje no de skriuwer út de ynlieding ta syn boek (s. 4) - ‘persoanen neamd dy't werklik bestean of bestien hawwe en wurdt ferteld neffens wierheid’. Wat de ynhâld fan de beide ôfdielingen oanbelanget, kin sein wurde dat it Boersma (en dat is wat oars as de skriuwer) benammen te rêden is om syn persoanlike bân mei it keatsen en de keatsers te beskriuwen. In formele oerienkomst is dat sawol yn II as IV in gedicht oer it keatsen te finen is, yn beide gefallen ûnder deselde titel (Keatsgedicht) en yn beide gefallen oan 'e ein. It wichtichst formele en ynhâldlike ferskil is, dat yn II ál en yn IV nét in fraachpetear mei in keatser opnommen is. Ofdieling III (s. 31-139) foarmet (ek letterlik) de kearn fan it boek. Yn tsjinstelling ta II en IV (en I en V soe ik dêr oan taheakje wolle) docht de skriuwer neffens syn eigen sizzen hjirre in berop op syn ‘ferbylding’ (sjoch s. 4). III omfiemet 10 haadstikken, nûmere fan 1 oant en mei 10, dy't, krekt lykas de ôfdielingen, gjin titel hawwe. It earste haadstik jout yn kronologyske folchoarder in koart oersjoch fan (in grut part fan) in keatsseizoen. It kin sjoen wurde as in earste fjildferkenning en sfeartekening, dy't yn de folgjende njoggen haadstikken útwurke wurdt. Yn 2-10 giet in hiel keatsseizoen oan de lêzer foarby: fan Drachten/Weidum ein april-begjin maaie oant de Aldehoupartij te Ljouwert yn septimber. It effekt fan Boersma syn yndieling is, dat de roman in sterk syklysk karakter krijt: de opset fan I komt werom yn V, dy fan II yn IV en dy fan III-1 yn III-2 o/m 10. Dy foarmjouwing soene gâns ynhâldlike parallellen fan te jaan wêze, mar ik sil my ta ien dúdlik specimen beheine, nammentlik it gelikense begjin | |
[pagina 136]
| |
fan 'e ôfdielmgen II en IV (s. 15 resp. 143): ‘Ik bin net yn 'e keatshoeke berne, mar us mem wol Se komt fan 'e Grouwe Kat, de buorskip tusken Arum en Wytmarsum, oan e Harnzerfeart. yn 'e lytse Bouhoeke, in gea mei in ieuwenlange keatstradysje | |
3. Evaluaasje fan de struktuerDe yn 'e foarige paragraaf beskreaune technyske helpmiddels hawwe funksje as dêrmei net allinne in uterlike, mar ek in ynhâldlike ienheid en gearhing berikt wurde. Dat lêste is de skriuwer nei myn betinken net slagge en dêr is mear as ien reden foar oan te wizen. Ferbân tusken de ôfdielingen I en V en de rest fan it boek is der amper: ik sjoch eins gjin oare oerienkomst as it mienskiplike ûnderwerp. Hoe tafallich at de relaasje is mei bliken dwaan oan dizze konstatearring, dat de sitaten sûnder beswier troch oare literêre uteringen ferfongen wurde kinne soenen. It soe foar de ynterpretaasje fan II-IV gjin ferskil útmeitsje. De konklúzje moat dus wêze, dat I en V los tan it boek steane en net in struktuerfersterkjend, mar folle earder in struktuerferswakjend effekt hawwe. De ôfdieingen II en IV lykje neffens foarm en ynhâld sa sterk op inoar, dat it útinoar heljen as in keunstgreep sjoen wurde moat, dy't gjin oar doel tsjinje kin as it boek oan de oerflakte in hechte struktuer te jaan. De bining mei de kearn fan it boek is swak: II en IV binne neffens ‘wierheid’ (wat dat dan ek wêze mei) ferteld en geane oer de persoan Piter Boersma en dy syn relaasje ta it keatsers. III is fiksje, hat optochte persoanen as ûnderwerp fan beskriuwing (alteast, dat soe sa wêze moatte (sjoch lykwols § 4) en de persoan Piter Boersma komt der aus net yn foar. Tusken I en V oan 'e iene en II en IV oan 'e oare kant is al like min in twingend ferbân. Myn iennichste konklúzje kin wêze. dat it boek yn stuktureel opsicht in mislearring is. It liket my yn dit ferbân gjin tafal ta dat ae skriuwer de ôfdielingen (en nammers ek de haadstikken yn III) gjin titel jûn hat. As it boek al in roman neamd wurde kin, dan soe dat eventueel allinne noch mar foar ôfdieling III jilde kinne. Ik sil my no ta dat part beheine Dêrby kom ik noch wer op de struktuer. | |
4. In neiere typearring fan IIIWy hawwe al sjoen dat it earste fan de tsien haadstikken in soarte fan ynlieding foarmet op wat dêrnei yn III komt. Yn haadstik 1 is hieltiten in keatspartij earne yn Fryslân (of krekter: yn de keatshoeke, d.w.s. it noardwesten fan de provinsje) it útgongspunt foar de beskriuwing, dy't oer keatsers en âldkeatsers, it keatsen, it publyk en de sfear dêr omhinne giet. Yn koart bestek (17 siden) komme de earsteklaspartijen fan Weidum, Tsjom, Winsum, Sint Anne, Dronryp, Arum en Bitgum en fierder ek noch de Freule en de PC, foar | |
[pagina 137]
| |
keatsleafhawwers de beide jierlikse hichtepunten, oan 'e oarder. Guon fan dy partijen komme yn de haadstikken 2-10 werom, mar dêr wurde ek nije aspekten op 't aljemint brocht, benammen yn haadstik 6 en 7. sa't wy aanst noch sjen sille. In belangryk elemint yn it hiele boek is de sfeartekening. Ik jou in foarbyld út it earste haadstik (s. 36):
‘Dronryp. Snein. De sinne skynde omraak. Der stie gjin wyn. It wie suver near. Yn 'e strjitte tsjin it keatslân oan en yn 'e sydstrjitte dy't it doarp ynrûn stie de merke, in helsk kabaal fan popmuzyk. Fonger mocht oars wol graach oer de sfear, mar dit gong him mâl genôch. Oeral leine patat-, krokette- en frikandellebakjes en ijskotontsjes, -papierkes en -stokjes. By de patatkream wie in dûbel mantsje mei in liif fan komsa dwaande om mei syn koarte grouwe fingerseinen wol hiele giele stikjes út in wol hiel wyt bakje wei oer te bringen nei syn mûle mei oars neat as wrakke tosken. Jong en âld rûn mei in ijsko yn 'e hân. De lju wiene loftich yn 'e klean en de kleur wyt hie fier de oerhân. Om 'e waarmte, foar it trochwaaien, wiene de sydkleden fan 'e feesttinte der op twa plakken foarwei dien. Fonger murk ynienen dat syn kiel droech wie en dêrom stapte er earst de tinte yn om in pilske. Nêst de frachtauto mei dêrop de bestjoerstinte stie in mânske oanhingwei dêr't it muzykkorps op siet. De muzikanten hienen in read himd en in swarte broek of rok oan. Sawol foaroan yn 'e bestjoerstinte as yn 'e muzyktinte stiene potten mei blommen. Oan 'e kleden om it fjild hongen boeketten. De oanklaaiing is op 'e Ryp dochs altyd mar tige ynoarder, tocht Fonger.’
Dat bringt my op in oar wichtich elemint: hoewol't de skriuwer neffens himsels de ‘ferbylding’ sprekke lit yn III, is de beskriuwing dochs foar in belangryk part op de realiteit basearre, sterker noch, hy hat yn gâns gefallen alle war dien om dy werklikheid sa herkenber mooglik wer te jaan. Ik sitearje de skriuwer nochris út syn foarwurd op side 4: ‘Der wurdt keatst op ûnderskate nivo's. De keatsers dy't yn dit boek opdrave hearre ta in ploech fan likernoch 36 selektearre keatsers dy't spylje yn 'e earste klasse fan it Keninklik Nederlânsk Keatsbûn. As wy dy meidieling letterlik opfetsje - en de skriuwer ferplichtet ús dêrta -, dan binne de, dus alle, keatsers yn III net optochte, mar werklik besteande persoanen. Dy konstatearring is lykwols yn striid mei dy oare meidieling fan de skriuwer yn it foarwurd, dêr't er ommers seit, dat yn III ‘de ferbylding’ sprekt. Ik leau, dat wy hjirmei op ien fan de swakste punten fan it boek komme: it net kieze wollen of kinnen tusken it iene of it oare útgongspunt. No't de skriuwer him sa konsintrearre hat op it beskriuwen fan | |
[pagina 138]
| |
hast allinne mar uterlikheden fan werklik besteande keatsers en boppedat sa'n grutte mannichte beskriuwt, is de typearring fan syn idoalen tige oerflakkich bleaun: de lêzer krijt oer har net folle mear ynformaasje as dat se noris winne, dan wer ferlieze en trochinoar rekkene graach in gleske bier meie. Persoanen dy't men net of amper ken, is fansels net folle oer te sizzen. De skriuwer hie in berop op syn fantasy dwaan moatten. Ik ha de nammen net teld, mar ik skat dat yn III al gau in fyftich spiiers oer it keatsfjild fleane. Fierwei de measten komme mar inkelde kearen foar en dy moatte dus wol frjemden foar de lêzer bliuwe. In stik as acht, byg. Albert Smit, Teade Reitsma en Lammert Sytsma, soenen op grûn fan it tal kearen dat se neamd wurde, ta de haadpersoanen rekkene wurde kinne, mar ek foar har jildt, dat de lêzer oan 'e ein fan III eins noch like folle oer har wit as oan it begjin, der is gjin inkelde groei en ûntjouwing yn karakter en opfettingen, der bliuwt jin neat fan har by. Dat is ien fan de redenen wêrom't de spanning yn III ûntbrekt en de struktuer swak is. In oare reden leit besletten yn de skriuwer syn útgongspunt om de roman op te bouwen út sketsmjittige, fragmintaryske stikken. Yn de neffens lingte fan 4 oant 22 siden fariearjende haadstikken 2-10 wurdt as regel hieltiten in oare wedstriid beskreaun. It boek krijt dêrtroch in broazelige opset. Dat effekt wurdt noch fersterke troch de brek dy't de haadstikke 6 en 7 (s. 92-113) mei de rest fan it ferhaal foarmje: yn 6 wurde hast allinne mar ‘sterke’ keatsferhalen ferteld en yn 7 wurdt ynienen in ledekeatspartij beskreaun; yn dat haadstik komt sels net ien fan de earsteklassers foar. It ûntbrekt III dus oan opbou en spanning. Dêr kinne de keatsferhalen út bygelyks 7 neat oan feroarje: dy wurde net sa ferteld, dat de lêzer de siken ynhâldt. In foarbyld (s. 98):
‘Ik koe trouwens goed mei him [Marten]. Ik sei al dat ik dy kear yn Dokkum by him sliepe soe. Ik ha gauris sneontejûns by him sliept en hy ek wol by ús. Mar hy moast gjin drank ha, want as er drank op hie dan wie it in mâl man. Ik bin net folle lju tsjin kommen dy't sa'n kweade dronk oer har hiene as hy. Mar ien ding moat ik him neijaan, hy hie himsels yn 'e hân en bleau eins noait lang sitten. Yn Holwert die er dat in kear al. Hy krige spul mei in pear lju, ik wit net mear wêr't se weikamen, en dat rûn op in stuit sa heech, dat er in bêste treau fan har krige en troch it rút gong. Hy krige de rjochterhân yn it glês en koe wiken net keatse.’
Op grûn fan de ferteller syn meidieling, dat er net folle minsken tsjinkommen is dy't sa'n kweade dronk as Marten oer har hienen, ferwachtet de lêzer dêr fansels in treffend foarbyld fan. De skriuwer jout himsels kânsen genôch | |
[pagina 139]
| |
troch Marten net mei ien, mar mei mear minsken spul krije te litten. No kin er syn keunsten ris fertoane, al is it in ferteltechnyske tekoartkomming dat út de beskriuwing net bliken docht tsjin wa. Mar wat is it gefal, yn pleats fan dat Marten ris fiks om him hinne slacht as bewiis dat er mei drank yn it liif net sa mak is, wurdt er sels troch it rút huft, no ja, om yn 'e styl fan de skriuwer te bliuwen, hy ‘giet’ der trochhinne. De fuort op it boppeneamde sitaat oanslutende sin: ‘It heart as in ferhaal út ús pake syn tiid’ is grif bedoeld om de lêzer der fan te oertsjûgjen dat it wier om in sterk ferhaal giet, mar mei't dat no krekt net it gefal is, hat dy sin in tsjinoerstelde útwurking. Ek de op himsels slagge sfearbeskriuwing - byg. it praat fan de keatsers, it (foar in part fêste) publyk, de merke en feesten - kin it ferhaal net rêde. In swak punt datoangeande is, dat de skriuwer syn persoanen oant ferfelens ta ite en drinke resp. sûpe lit. Net dat de yn werklikheid besteande keatsers en keatsleafhawwers der yn spuie soenen, mar op in goed 100 siden in kear as tsien oer iten en mear as tweintich kear oer drinken (soms tiden lang) te skriuwen, hat in steurend effekt. Wat tsjinje moatte soe as bewiis fan in skerp each foar de werklikheid, pakt no út as it ûnfermogen om goed dosearje en strukturearje te kinnen. De gong rekket ek út it ferhaal omdat de skriuwer hieltiten wer de uterlikheden fan in keatspartij (stân, technyk, taktyk) jout. Dêrtroch kin de iene keatspartij sûnder beswier troch in oarenien ferfongen wurde. De skriuwer hat der gjin literatuer fan meitsje kinnen, hy is te folle op it nivo fan in kranteferslach stykjen bleaun. It sil dúdlik wêze, dat ek de kearn fan it boek my net boeie kinnen hat, dêrfoar is der te min opbou en struktuer, te min spanning ek en oan de oare kant te folle herhelling. It is de skriuwer net slagge om syn stof yn in befredigjende foarm te jitten; it wachtsjen is dus noch altiten op de earste roman oer it keatsen. |
|