Bart Teroele
Neaken
doe't it geile rút syn fette drippen glide liet, prebearre er mei syn iene each ticht en it oare iepen, troch ien fan dy drippen de wrâld te heinen. it wie in lange lijenswei dy't de drip ôflei. krekt as in slak liet it in helder spoar troch de besleine wrâld dêrachter, achter, sa sakke er stadichoan nei syn ein oant er yn it finsterbank opgie yn it grutter wurdende plaske wetter. de ûnderwrâld fan alle drippen wetter, dêr't se har apart-wêzen oplosse. wat in ein. en de wei dêrhinne is ûnsinnich lykjend, net op te kearen, doelleas aventoer. om de fergeliking mei syn eigen libben te lûken, ûndergie er as stuitsjend. it gie him om de wrâld achter it finster, achter de drip.
in lûd fan earne fierderop yn 'e flet, rôlet troch de muorren hinne fan achteren by syn rêch op en driuwt beide tommen mei geweld yn syn earholten op. it pipet even. syn holle stuitet in krom nei achteren, in tel letter kroanje stappen de sliepkeamer yn. yn de rin nei achteren sjit him in mei koppen bekegele keatsfjild troch de holle, in man sjocht, wylst it frysk folksliet, meast yn koper, oer it fjild slein wurdt, wat benaud nei de loft. soe der rein komme? ik merk de yrritaasje oer it sjongen by de man. it yrritearret mysels no ek, dat sjongen dat gjin sjongen is, mar it beskamme mummeljen fan in melody. it koperen lûd slacht op my yn. it knypt myn lippen stiif opinoar. it feroaret binnenyn my ta in ûnôfhinklike kracht, macht dy't it swit nei bûten it lichem brûzet.
at de keatserij noch yn folle gong is: in bytsje skokskouderjend triuwt de jonge fint syn lichem om it keatsfjild hinne. no en dan hâldt it skokskouderjen op en draait er it lichem in kwart slach nei de keatsers op it fjild. of oars wikselt er ûnderweis in pear wurden mei in bekende, der komt in grize skym achter him oan. hâldt at hy hâldt. draait har om at hy him omdraait, de lêste kears dat 'k se sjoch prebearret se har earm troch sines te stekken, syn earm. produkt fan in frysk boerelaach. hy lit it net ta. of wol der neat mei te meitsjen ha. wat foar poëzy soe der troch him hinne gean wannear't er har sa negearret, geastlik tramtearret?
werom yn 'e keamer set er de tillefyzje oan. in frou mei in margerineglim om ‘e mûle sjocht nei in oare frou dy't it wurd hat. soe dy glim echt ynhâlde dat it dêrachter ien grutte holle romte is. wannear't se sels praat, beweecht allin-