Trotwaer. Jaargang 17
(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 124]
| |
Geart van der Zwaag
| |
[pagina 125]
| |
VIfiemje dyn lânfêst op en spiel de spitten
do hast sa lang al tsjin 'e pôle oan sitten
sa faak it izer yn 'e igge set
en bleauste farrensman en hast it witten
| |
[pagina 126]
| |
VIIûnder de pûster wurdt de saak útiten
tochste dy better yn 'e loech te biten
yn 't krúsrak heech en frij dyn slach te slaan
do kaamst yn oarmans wyn en dy útskiten
| |
[pagina 127]
| |
VIIIhjir bin gjin iens'me hichten te berikken
hjir spat yn 'e ôfgrûn net it stiente stikken
ta wetter - hjir skolperet it almaroan
ta 't lytse lok fan om 'e sân in dikken
|
|