Trotwaer. Jaargang 17
(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 117]
| |
Sjoerd Palstra
| |
[pagina 118]
| |
ter op de dei fan de wraak. De rjuchter dy't sparje sil ast op Him betroud hast. Wat klonk it prachtich: ‘Huic ergo, parve Deus. Pie Jesu Domine, dona ei requiem sempiternam’Ga naar eind2 Groate godskes, wat leinen dy planken sear, siet grif neat ûnder. Ik fielde myn sneinske pak op it fel. Boppeëin fan in oerhimd mei strik efter it jaske gjin ûnderbroek of himd. Ik fielde my lang net noflik. Mar hoe siet ik hjir dochs? Lyts finsterke, trije by trije desimeter, koe ik troch sjen. In folle tsjerke? No hienen se my noch ferkeard om set ek. Ik wie gjin pryster en dochs seach ik se allegearre lyk yn de snút. Dat wie lykwols it slimste net, nei it alter keard en in âldman by de rêch opsjen wie ek gjin pree. Tsjitske en de bern leinenGa naar eind3 rjochts foaroan. Lofts beppe en de broers en susters. Dy wienen der net allegearre. Eagen koenen wol wat read stean, in bûsdoek hjir en dêr. It foarein, en fierder ek like it wol, siet grôtfol. Aldlearlingen, bestjoersleden, âlden. Dy wienen der allegearre soe ik sa sizze. Hoe âld wie ik dan? Stie ik noch yn it folle libben? Johannes lei op de hoeke; no allegearre op de knibbels. Pyt hie de skeppe fergetten? Koe wol in túnklauwer nêst him stean ha; wer de loarten by de skjinne ein, sa'n stjonkert. Der feroare wat. Stie ik no yn it porteal fan de tsjerke? It finsterke, trije by trije, wer iepen. Bern seagen my lyk oan. ‘Moatst ris sjen ju, syn snor, wat liket dat nuver. As wie it him sels.’ ‘It is him ek, hy sliept allinnich.’ Dêr koe Tsjitske wol oankomme. En se lei foar yn tsjerke? ‘Moatst net gûle ju, makliker koe it dochs net, hast der gjin nacht om mist.’ It wie der út ear't ik der goed by neitocht hie. ‘Wat hat heit dêr oan mem, is dit syn gewoane sneinske pak?’ ‘Jawis, fanke, it is wat suterich, gulp kinst net sjen oars soe ik my dea skamje. Syn mûle siet ek wer sa nuver, as hie er se net allegearre. Strik ferkeard foar, en dy neilen, de modder sit der noch ûnder fan sneon yn 'e tûn; wa soe him ôflein ha?’ Se gongen fierder. De preek, gatferdarry, sacharine, sa gemien útwoegen, sa clean, en yn it Hollânsk. ‘Uw echtgenoot en der kinderen lieve papa - Mama zal wel veel verdriet hebben, steunen jullie haar in deze droeve dagen en houdt het voorbeeld van jullie papa steeds voor ogen.’ Ik woe my omdraaie, mar op dat stuit hearde ik hoe't er in blêd omsloech en nei in skoft wer fierder gong. ‘Sjoerd heeft zijn strijd gestreden, en welk een strijd. Zijn ouders gingen hem voor naar het vaderhuis, en op de weg voor kerk en vaderland. Een goed vaderlander is van ons heengegaan.’ ‘Fergemy, een goed vaderlander.’ Ik woe him in rachel yn de snút slingerje, | |
[pagina 119]
| |
mar hoe soe ik dat ha moatte? Stie efter my, en de trije by trije desimeter glês joech gjin romte. De man lies noch in stik út Paulus' brief oan de Thessalonikers: ‘Want dit zeggen wij U met een woord des Heren, dat wij, die nog overblijven tot de komst des Heren, de ontslapenen niet zullen vóórkomen, want de Heer zelf zal op een bevel, en op de stem van de aartsengel en op de bazuin Gods, uit de hemel nederdalen, en de doden in Kristus zullen eerst opstaan. Zo dan, vertroost elkander met deze woorden. In de naam des Vaders en des Zoons en des heilgen Geestes, Amen.’ Hoe soe it by it mei oan gean komme? Allegearre kamen se nei foaren. Earst Tsjitske mei de bern. Knap yn styl, tocht ik. Eagen foardel, hannen gear, mei ôfmetten stapkes. Nije skuon hie se oan. Se koe wol útglydzje, sa nuver sette se it spul del. O, nee, it wie ien fan har kammeraatskes, Baukje of An. Se stutsen allgearren de tonge út om ‘Ons Heer’ te ûntfangen. Devoat, se leauden, koest klear sjen. Ik die de eagen ticht, soe ek de tonge útstekke, mar myn mûle wie sa toar en droech as lear. ‘Het lichaam en bloed van onze Heer Jezus Christus beware U ten eeuwigen leven.’ Wer en noch dat boeketaaltsje. De tsjerkeman, dy't ‘it folk’ foargean moast, ien wurde soe mei dat folk en de mienskip? Wêr prate er oer? In lyts griis mantsje rûn by de kiste lâns. Hy kaam my frjemd foar en dochs sa eigen, knikte my freonlik ta as wie er myn maat. Ynienen seach ik it klear: Pastoar Miedema, de earste foarsitter dy't ik as haad fan de skoalle meimakke. ‘Hoe is 't mei Pastoar’, woe ik sizze. Mar hy wie dochs al lang wei? Wat in man. It bestjoer wie der poer op tsjin. Gjin Frysk op skoalle. It wie fierstente grof, kaam te hurd oan, en, boppedat, de bern moast fatsoen bybrocht wurde. Goed, dan mar stimme, en, fansels, de skiep koene stimme. De jûn wie fergalle, ik wie dwers, oeral, wat in komeedzje. Kloaten wienen it. Healwei ienen, by it omfreegjen: ‘Zeg Sjoerd, hoe stel je je dat voor, je maakt er geen Friese school van toch?’ ‘Mar Pastoar, jo twivelje dochs net oan myn fakmanskip?’ ‘Nee, dan is het best, je geeft Friese les in je eigen klas; de ouders die bezwaar maken laten je dat schriftelijk weten, we sluiten met gebed.’ Ik woe him wol om de hals fleane, no noch wol, sa bliid. ‘Pastoar, hoe is it mei Jo, geane de skonken wat better sûnt dy modderkuer yn bad Neubach? Nee, noch net?’ Pastoar Miedema wie al net mear te sjen. It folk rûn troch. Dêr hiest him, De Jong, foarsitter jierren letter, eagen heech de loft yn; koe wol in sinnebril op ha. ‘Sjuch my ris oan, doarst net? Dat is te begripen no.’ ‘Witst noch watst dien hast? Alles rûn sa fredich as it mar koe, gjin argewaasje oer nifeljen, taalmetoade of wat dan ek. Mar ja. It Frysk no. Ik wie ek te gewoan foar de pommeranten yn de parochy. De bern moasten wat leare, | |
[pagina 120]
| |
en benammen leare ‘fatsoenlik’ te praten. Se moasten letter krekt as Jo sels mei de biskop prate en swetse kinne oer de ‘glanzende heuvelen’ fan de ‘plaats’ en omkriten. Wat in sjerppotrinder, en nei ûnderen traapje. Foar't ik it troch hie, hienen se stimd, wer dat stimmen. Hy gong noch mei oan ek. ‘Hé, tsjerkeman, dizze keardel kin net mei oan. Hy is net ‘in staat van genade’, skuor him de tonge út de kiel, de falskert. It is in poer minnen ien.’ ‘Het lichaam van onze Heer Jezus Christus...’ Ik woe flokke en de tsjerkeman de siboarje út de hannen klauwe, mar de planke stuts my yn it skouder, de hannen koe ik net feroerje, wat in stive pine. Ik röp him noch nei: ‘Witst wol watst dien hast? Myn bêste ûnderwizer hast fuortjage, en wat in argewaasje allinne om dyn skytskjinnens.’ It rûn mar troch. Guon seagen troch it gleske; wat lutsen se nuver mei de mûle. Bern laken hast. Alde minsken, jonge minsken, in protte jongfammen. Hoe âlder de gesichten deste ynnimliker. Dêr kaam in âld wyfke. Se skode evenredich fierder. Dan stie se wer stil. Se wie deun by my. Har ljocht krollich hier dûnse om de skerp tekene hals en it kin hinne en wer. De earbeltsjes draaiden; wat in kûtsjes hie se, en dy kliene mul. ‘Kom hjir ris leave, bist myn pop, myn oeskedoes.’ It swit briek my út, ik koe wol pisje moatte. ‘Jantsje.’ It wie har, yn it swart. Se koe my wol net hearre. Ik woe har oanhelje en tútsje; ik aaide har oer it wang; de krollen sweven hinne en wer. ‘Fanke.’ Se woe wat werom sizze, de mûle ferweegde, de toskjes laken. Lykwols it antlit ferstive, de mûle stie wer earnstich. Dochs wie se leaf. Soe dit no de hel wêze, it ivich baarnen? It wollen en net berikken, it wol berikke kinnen ha, mar ferkeard dien ha? Ivich dêrmei ompankoekje moatte, hieltiten wer, sûnder ûtsicht der ea út te kommen? Se wie der noch. Ik woe har wer oanhelje, mar it slagge net. ‘Hast gjin bern krige? Wêrom net?’ ‘It koe doe dochs net. Wol hienen wy by Piso in ôfspraak meitsje kinnen, dat wie deun by it sikehûs. In bus letter nei Boalsert en Wâldsein. Wêrom koe dat net? Wiest doe wól frij? Mar dy widner dan. Dy woe dy ha? Mar do sels dan, wat woesto sels? Kom dan ju, kinst noch wol bern krije. God, wêrom net? Ik kin... Wêrom net? | |
[pagina 121]
| |
Jantsje kom.’ Drôf stienen har eagen. ‘Ik ha gjin bern.’ Ik fielde hoe't triennen oer it wang op myn sneinske pak rûnen, myn mûle luts. Gûle? dat hie ik sûnt jierren net dien; yn fiifensechtich foar it lêst, doe't heit ferstoar? ‘Jantsje’, se seach my oan; lake se? Har kliene skonken ûnder swarte rok.
It ‘In paradisum’Ga naar eind4 klonk falsk. ‘Opsjitte, hy rêdt him no fierder mar, wy ha sin oan wat.’ De planken mei it gleske skodden nuver. Se hienen dochs in karke, mei fytsbannen? Wêr wienen myn bern mei har skeppen? De earste hurde kluten, it wie dus dochs Boalsert wurden, bûnzen op it lid. Johannes grif. Doe wat lichter spul, boartliker. Pyt mei syn túnklauwer? It kâlde swit briek my wer út; wat barde der dochs? It wie hjir sa tsjuster as de nacht. Ik woe om help roppe: ‘Meitsje my los, ik stik, ik stik.’
De eagen leinen my swier yn de holle, as siet der in lid op. Wat hie dat fanke moaie billen, se prate. ‘Moatst sjen Minke, wat sitte dizze panty's lekker. Hoe fynst de kleur?’ De monitor op side wie drok dwaande mei stiplyntsjes op en del, no ris fierder nei ûnderen en dan wer nei boppen. ‘Hy is wekker ju.’ It fanke kaam op my ta, se wie yn it wyt. Ik woe myn holle foaroer bûgje. ‘Nee, pake, bliuw mar rêstich lizzen hear. Jo hert is der no wer hielendal by. Jo ha efkes om it hoekje sjoen, moarn prate wy fierder.’ ‘Sliep lekker.’
Ferklearring fan de R.K. termen yn de tekst |
|