| |
| |
| |
Eppie Dam
Kin keunst oerwinne wat ús oerwint?
Oer: Geart fan der Mear, Skûl by hanklit,
Friese Pers Boekerij, Ljouwert 1984.
Oangeande it publykmeitsjen fan har gedichten, binne der dichters yn soarten. Wat se mien hawwe, is dat se gedichten skriuwe. Dêrnei falle se yn trijen útinoar: guon dy't har gedichten thúshâlde, guon dy't har gedichten lêze litte en guon dy't har gedichten net allinne lêze mar ek hearre litte. Behalven de poëzijline fan Operaasje Fers, is ek de saneamde dichtersjûn in bekend fenomeen. Dichters klimme op in rjappelbakje of in poadium fan soartgelike strekking en bringe har poëzij as in keapman foar it fuotljocht.
Hoewol't sa'n wize fan publykmeitsjen folslein legitym is, binne der fansels bûten-literêre aspekten mei anneks. Net dat it net om de poëzij gean soe, mar de persoan fan de dichter, syn foardracht, syn show, syn lûd, syn diksje, slacht tefolle foar master op om dy poëzij ek alhiel op har wearde hifkje te kinnen. Dat jildt nei beide kanten ta: is de man gjin sprekker, syn poëzij sil it belije; docht it frommes it mei sjarme, har poëzij wurdt dêr net minder fan. In bykommend effekt fan sokke dichtersjûnen soe wêze kinne, dat op sa'n manier in ploechje poëten formearre wurdt dat sa foar it each de poëzijkultuer útmakket en sadwaande it grutte publyk it sicht benimt op dichters dy't minder, of alteast oars, mei har wurk te keap rinne. Se bliuwe in bytsje bûten it eachweid fan de sljochtwei poëzijleafhawwer.
Is Geart fan der Mear sa'n dichter? It soe wêze kinne. Yn alle gefallen komme wy syn namme yn kranteferslaggen fan dichtersjûnen net geregeldwei tsjin. Yn de lêste jiergongen fan Trotwaer namste faker. Net allinne skreau er foar dit literêr tydskrift tal fan skôgings en besprekken, hy publisearre der ek mei in stege regelmjittigens gedichten yn. Dy gedichten binne no byinoar brocht yn syn earste bondel Skûl by hanklit, gedichten om te lêzen, en in besprekker docht dat lûdop.
De njoggen-en-fjirtich fersen yn dizze bondel binne, op ien nei, ûnderbrocht yn VI titelleaze skiften. By de gearstalling dêrfan hat de dichter him de iene kear liede litten troch de ynhâld en de oare kear troch de foarm. Op de logika en de doelmjittigens fan sokke skiften is yn 'e regel altyd wol wat oan te mer- | |
| |
ken. Guon fersen út de skiften I en II soene bygelyks fan ôfdieling wikselje kinne en faaks wie der noch mear foar te sizzen om I en II as ien ôfdieling te beskôgjen. Skift IV dêrfoaroer (tsien copla's en sân kwatrinen) hie foar itselde yn twaën kind, hoewol't in copla fansels ek wer in fjouwerrigel is. Skift VI komt der mei syn iene fers in bytsje meager fan ôf en freget as sadanich dan ek suver om in ferfolch.
Undertusken bliuwt der ek mei dizze yndieling genôch gearhing oer om de ûndeskate skiften hieltyd as útgongspunt te nimmen foar it besprekken fan dizze poëzij. In fers dat represintatyf wêze kin foar de ôfdieling moat dan de oanlieding foarmje foar in oardiel yn breder ferbân.
it lok is net te heinen yn dyn hannen,
do kinst it net ûnttiizje út tiids bannen;
mar ast ferjitst te sykjen, oerstreamt it dij
as tinne dize letter simmerlannen.
Dizze fjouwerrigel stiet by wize fan motto boppe it earste skift, mar der liket net it measte op tsjin en lit him yn dy hoedanichhyd jilde foar de hiele bondel. Tsjin in eftergrûn fan lichte trystens om de ûnberikberens fan it lok en it jimmeroan neierbykommen fan de dea, spatte yn dizze poëzij hieltyd heldere stjerren fan opteinens foar it ljocht. Swart as jiske mei 't bestean him oan de minske foardwaan mei syn iensumens, syn útsichtsleazens, syn benearing en syn wargens. altyd komme der wer gleone fûnkjes fan befrijing en ferwûndering troch: ‘in kerltsje freugae, in kromke lok’ (9).
It is dizze tsjinstelling fan eksistinsjele doelleazens en deistige fernuvering dy't oan de poëzn fan Geart fan der Mear in bekoarlike spanning en boppedat in hiel spesjaal karakter jout. Hy sjongt net mei yn it koar fan de groanysk pessimisten en oan de oare kant slacht er genôch swarte brikken oan om syn jûchhei net hol en oerflakkich klinke te litten, mar in ûndertoan te jaan fan rejaliteitsbesef. Wat dizze dichter ûnderskiedt fan de swiersettige en swartgallige ûnheilspoëten, is syn algeduerich iepenstean foar de nuvere oanslaggen fan it lok, dat de minske kenlik op de meast ûnferwachte mominten oanwaait en oer it mad komt. Wat him ûnderskiedt fan de swietsoppige en blijreadige moai-waar-en-lange-dagen-dichters. is syn fermogen om de skjintme en de blydskip dy't him bytiden sa oerweldigje, dalik te rillatifearjen en ta rejalistyske proporsjes werom te bringen.
It is net maklik oan te jaan hokker tendins at de dichter no it lêste wurd jaan wol: de positive of de negative. My tinkt, net ien fan beiden. Se besteane yn syn fersen njonkeninoar, lykas yn it libben sels: om bar of tagelyk. Fersen as ‘twa poalen’. ‘at nachten langje’. ‘toarneroaske’, ‘iis’ en ‘ljurk’ tsjûgje fan dy
| |
| |
tsjinstridige twaliddigens fan it bestean. De frijhyd fan in draak yn 'e loft, dat is de tsjinstridichhyd te'n top: ‘soms op in moarn (...) / driuwt heech yn 't blau in reade draak / frij? ûnfrij? o tou, o wyn!’ (6).
It twadde skift dat - lykas it earste - alve fersen befettet, hat it karakter fan in foto-album of in dia-searje fan fakânsjes yn it bûtenlân. Neffens de efterflaptekst moat der by de bondel ‘in goede atlas’, mar dat is fansels ûnsinnich. It topografyske elemint stiet ommers, at it goed is, folslein yn tsjinst fan de poëtyske yntinsje. Sa besjoen leit ‘hanklit’ efter ‘grindelwald’ en grinst ‘grand canyon’ oan 't ‘reaklif’. It ‘bûtenlân’ is dan ek earder geastlik fan aard, yn de sin fan bûten de tinkwrâld stean fan al den dei en net langer bleatsteld wêze oan de oarder fan de âlde slinger. It toevjen op plakken oer de lânsgrinzen hinne foarmet sa de oanlieding om ek ynwindich de grinzen te ferlizzen en mei oare eagen te sjen wat earder alle dagen gelyk wie en net mear by steat om te fernuverjen. Somtiden smyt sa'n reizgjen yn de eigen siele oars neat op as de al bekende wittenskip dat der gjin ferlossing is út de leechte fan it bestean. Fersen as ‘grenen’ en ‘mojave desert’ binne dêr foarbylden fan. Oare kearen lykwols krijt it libben samar nije wearde yn de gloede fan in hommels alles-oerhearskjend détail.
| |
szene am bach
in dei fan skrouske wyn, lang lang reinen
brocht neitins oan ús tocht fan rothenburg
nei weikersheim, en oan dat brechje oer
de tauber, dêr't we eefkes ôfstapt wiene.
en ik bin dêr wer, en ek myn oankomst
wekket fleurigens, en yn creglingen
sil we it riemenschneideralter besjen,
en yn weikersheim it schloss, mar do komst
nêst my stean, wij hingje oer de râne
te sjen nei ús ronflich byld yn 't sljurkjend
wetter. streamend. nea gelyk. is duorjend
it alter? it slot? kinst keunst oerwinne
wat ús oerwint? nee. ienfâldich beton
is dit brechje. beethoven syn koekút
en kwartel hear ik net. dochs -: ien menút
libbens keunstwurk: do drinkst út dyn bidon.
| |
| |
In détail dat de betsjutting kriget fan in keunstwurk, mear bestindich as in alter, hechter as in slot, gever as in komposysje: ‘do drinkst út dyn bidon’. Erotyk yn syn aldersubtylste foarm.
Kin keunst oerwinne wat ús oerwint? Hoewol't de dichter syn eigen skriuwen net eksplisyt yn dizze fraachstelling belûkt, is op 'e eftergrûn dochs hiel even de twifel te fernimmen oer de bliuwende wearde fan syn poëzij. In twifel dy't winlik net iens besteansrjocht hat, want is der bygelyks ek mar ien architektonysk wûnder boud op de fergruzeljende tosken fan de tiid? Is in alter net op foarhân opoffere oan ferjitnis? Komt in komposysje de ivichhyd soms troch? Soe dan in fers ferwin jaan op de dea? Nee. len ding: ‘do drinkst út dyn bidon.’ Sa lang at it duorret. len menút.
Benammen de fersen yn dit twadde skift steane ûnder de twang fan in stringint folhoden foarm. Op it lêste trije-liddige fers ‘lang ljocht’ nei, telle se allegear sechstjin rigels, en yn alle fersen hawwe de rigels presys tsien wurdlidden. Der sil dus hiel wat ôfteld wêze ûnder it skriuwen. My tinkt, elke dichter leit him syn eigen beheinings op om úteinlik ta de poëzij te kommen dy't him foar eagen stiet. Sûnder dy beheinings kin it ek net, want it binne no krekt de tûkelteammen dy't wegen iepenje dy't oars ûnbegeanber bleaun wiene. De keunst fan it skriuwen fan in foarmfêst fers is miskyn om dy foarm skriuwendewei nei de eftergrûn te driuwen. De foarm is ommers út himsels al sa beskiedlik oanwêzich, dat er it net ferneart en krij nochris in ekstra klam troch der in préfabrisearre ynhâld yn te stopjen dy't oan alle kanten slút. Geart fan der Mear rillatifearret de foarm troch gebrûk te meitsjen fan enzjambeminten en lûd- en bylûdrym. Oan dy tsien wurdlidden sit er lykwols fêst en dat makket syn enzjambeminten somtiden earder stom tafallich as doelmjittich. Fierder moat er him wolris betsjinje fan lytse steurende sintsjes tusken heakjes, dy't dan ek al gau de skaaimerken fan in stoplape fertoane (side 13, 18, 20, 29). Boppedat wringt it hjir en dêr mei de wurdfolchoarder: ‘wy moasten stean litte / doe ús fytsen’ (20) en ‘is duorjend / it alter?’ (25). Dit binne útsûnderingen. Trochstrings litte de fersen fan Geart fan der Mear dúdlik sjen, makke te wêzen troch in masterhân mei gefoel foar ferhâlding en achteleaze systematyk.
Kin keunst oerwinne wat ús oerwint? It tredde skift telt trije fersen dy't ûntliend binne oan de klassike muzyk. De (titels fan de) beide earsten, fjouwerrigels, neame de komponisten en har komposysjes mei safolle wurden: ‘mozart (kv 488)’ en ‘symfony iv (brahms)’. It tredde fers hannelet mear oer de komponist as keunstner yn it algemien, oer syn komponearjen doe en de betsjutting fan syn komposysje no.
| |
| |
| |
fan it swetteleaze wûn
in strykstôk, in fioele en twa hannen,
it noateskrift, de lucht op fjouwer stringen
triljend, de fluezen yn myn ear, ha bannen
skepen tusken twa geasten. sa ha dingen,
stoflik neamd, it ivich ta skieden twingen
fan selde stof teneate dien. sa skreauwen
ek fingers om de guozzesfear, bij 't bringen
op papier, del it ûnbetwingber leauwen
fan dy langlyn befleine geast dat kleauwen
fan tiid en romte wêze kinne as brêgen
tusken sielen, dy't as eilannen bleauwen,
at hja har net oer fiere seeën weagen.
o frjemd riedsel, dat sa it ik de oar fynt -
wreed en iensum lok, dat dat wat skiedt, ferbynt.
It betonnen ‘brechje oer de tauber’ yn it fers ‘szene am bach’ bepaalde de dichter by de fergonklikens fan it libben, en syn iensumens: ‘beethoven syn koekút en kwartel’ hearde er net. Yn it sonnet ‘fan it swetteleaze wûn’ is gjin sprake fan in oan betonrot bleatsteld brechje, mar fan ‘brêgen tusken sielen’, brêgen dy't ‘bannen skepen (ha) tusken twa geasten’, oer ‘tiid en romte’ hinne byinoar brocht troch in keunstwurk. Kin keunst dan dochs oerwinne wat ús oerwint? Komme wy de tiid foarby? Wy net. Net it yndividu, mar de generaasjes. Net de minske, mar it minskdom. Keunst is dan in fûgel dy't, ûntstiigd oan de beheinings fan tiid en plak, troch de ieuwen hinne oer de ierde fljocht as in libben teken fan it minsklik fuortbestean. Keunst is de sulveren koarde dy't net brutsen wurdt, de reade tried dy't as in bloedstream troch de skiednis rint. Twa geasten kinne oer de skiedende kleauwen fan de dea hinne, inoar wol efkes moetsje yn keunstsinnige konjunksje, mar se stjerre beiden. Wat oerbliuwt is de iene geast: dy fan de keunst.
Yn de dichtbondel Rymtwang fan Sybe Krol stiet in fers dat nau besibbe is oan dit sonnet fan Geart fan der Mear. It soe nijsgjirrich wêze en lis dy fersen letter nochris nêstinoar om te sjen hoe't twa geasten fan dizze tiid omgien binne mei it universele yn de keunst fan alle tiden.
in copla hat mar fjouwer rigels,
no bin der noch mar twa -
yn de lêste soe ik sizze wolle
| |
| |
In copla hat mar fjouwer rigels, mar ek acht wurdlidden de rigel, of fiif of sân. Dy oantallen koene Geart van der Mear kenlik gjin syllabe skille, want syn rigels fariearje wat de wurdlidden oanbelanget fan ien oant fjirtjin! Hoewol't fersfoarmen der binne om se te bestriden en regels om der tsjin te sûndigjen, mei men jin ôffreegje wat de dichter besield hat en beflap dizze fjouwerrigels ûnder de útwrydske neamer fan ‘copla’.
De copla fynt syn oarsprong yn de Spaanske folkspoëzij en draacht it karakter fan in lietsje mei in aardichhydsje-om-te-laitsjen, in wurdboarterijke, in stekje-ûnder-wetter of in lytse leafdesferklearring. De ferskes fan Geart fan der Mear beheine har benammen ta it lêste, ek al besiket er hjir en dêr noch wolris geastich te wêzen. It risseltaat is lykwols meastentiids de flauwe kant neist. Yn alle gefallen fertsjinje se it net om tsien hiele siden fan dizze bondel yn beslach te nimmen. Se binne aardich, mar mear net.
By myn witten is Geart fan der Mear de earste Fryske dichter dy't him oan dizze fersfoarm besûndige hat. It soe gjin ramp wêze at er ek de lêste wie. Ik doel dan net op oersettings, mar op oarspronklik wurk. My tinkt, wy kinne net foarsichtich genôch wêze mei it hantearjen fan tige spesifike fersfoarmen út de frjemdte wei. In fers is mear as foarm allinne, en somtiids is sa'n foarm tefolle bepaald troch folksaard en kultuer om der samar in skot oan te weagjen. Boppedat, de oantsjutting ‘fjouwerrigel’ is der ek noch en dy hat dan it foardiel fan in bytsje mear frijbliuwendhyd, lykas ek de ‘trijerigel’ minder belêstend is as de ‘haikû’.
Yn de Hollânsk-talige literatuer hawwe J.W.F. Werumeus Buning en Hendrik de Vries har dwaande hoden mei de copla, foar safier't ik neigean koe allinne troch it meitsjen fan oersettingen. Dat it ek dan noch nau hipt, mei bliken dwaan út de kommentaren fan De Vries op it wurk fan Werumeus Buning. In krom erchtinkendhyd is hjir fansels op syn plak, want hoe giet soks mei literators dy't beide dwaande binne op itselde spesifike mêd? Dochs in pear sitaten út de kritiken fan De Vries, ek om faaks in wat better sicht te krijen op it genre. De Vries is dúdlik yn syn oardiel: ‘Buning heeft het genre niet begrepen, dat gaafheid en afronding vereist.’ (Criterium 1947, nr. 10). En ‘telkens blijkt Bunings onbegrip van de eisen: isolatie en concentratie (...) die voor dit genre zo mogelijk nog sterker gelden dan voor andere.’ (Critisch Bulletin, july 1951). Hoewol't Geart fan der Mear syn ‘coplas’ dizze troch De Vries neamde kritearia noch wol ferneare kinne, bliuw ik se lykwols net mear as ‘aardich’ finen en sjoch ik boppedat gjin essinsjeel skaaimerk dat har yndie ta copla meitsje soe. Nei myn idee kin in Frysk dichter alhiel gjin copla skriuwe, mar ik lit my dy miening graach ûntstride troch in deskundige op it mêd fan de Spaanske folkspoëzij.
| |
| |
Undertusken foldogge Geart fan der Mear syn ‘kwatrinen’, dy't it twadde part útmeitsje fan dit skift, my gâns better. Guon skaaie mei har faak echt geastige pointe út nei it epigram, wylst de oaren mear yn de line lizze fan de klassike easterske fjouwerrigels. Hoewol't dit fansels likegoed in oerlevere fersfoarm is, binne hjir dochs minder kultuer-bûne betingsten yn it spul en kriget de dichter de gelegenhyd om him folslein ta te lizzen op de wetten fan de neakene foarm allinne. En dat leit him. In toanbyld fan gevens, ôfrûning, isolaasje en konsintraasje, is ‘de langjende’, in fjouwerrigel dy't der boppedat útkipet fanwegen syn prachtige klankharmonijen:
o roas fan sjaron, leelje fan 'e lichte,
lit ús tegearre bloeie op libbens hichte
foardat foargoed ferdwynt it waarme ljocht
en wij sinke troch de siizjende sichte.
It fyfde skift telt fiif fersen dêr't fragmintsjes yn beskreaun wurde fan de dichter syn beukerjierren. Der wurdt in grutte-minske-wrâld yn tekene, sjoen troch de eagen fan it bern en ferteld yn dy syn eigen beheinde tink- en sprektaal. Yngripende foarfallen (lykas it emigrearjen fan ‘ús durk’ ‘nei amearika’ en it ferstjerren fan ‘it famke’ meie foar de âlden it folume hawwe fan in wrâldbarren, foar de beuker binne se noch mar heal te befetsjen, en it is dizze nuver-nochteren, ûnwittende ôfstanlikens dy't de sfear fan dizze fersen sterk bepaalt. Se krije der wat oandwaanliks fan en ûntlûke har dêrtroch suver oan de mesken fan de formele krityk.
In fers kin sa oerweldigjend authentyk en oangripend wêze, dat elk wurd oer de net-perfekte foarm like bespotlik as ûnfatsoenlik is. Hoewol: net-perfekte foarm? Dat is fansels in tige rillatyf begryp. At in fers ommers sa oerweldigjend authentyk en oangripend is, dan is de foarm perfekt by definysje, en op 'en heechsten kin men miskyn sizze dat de foarm der neat ta docht. De ynhâld seit alles en is sa beskiedend, dat de dichter hoecht it allinne mar del te skriuwen, sa neaken at it mar kin, elke foarm fan keunst fermijend. It hjirnei te sitearjen fers ‘it famke’ is dêr in foarbyld fan. It lit ek sjen dat myn niisneamde ûnderstelling dat de foarm der miskyn neat ta docht, winliken net iens doocht. Dit fers hie gjin keunstmjittige gûchelderijen ferneare kind: gjin rym, gjin strofe-bou, gjin regelmjittige rigellingte, om fan telraamde wurdlidden noch mar te swijen. It moast skreaun wurde sa't it skreaun wurden is: mei in tinne pinne, sûnder swiere oansetten, suver a-poëtysk, yn bernetaal, foar himsels sprekkend yn de meast ûntwapenjende ienfâld - sa koe it lije:
| |
| |
| |
it famke
cho, wat hat geartsje in lyts stientsje!
der binne hjir folle gruttere bij
mei fjouwerkanten en wite kooks
mem seit dat ik nei har neamd bin,
mar se seit allinnich mar fan ‘it famke’,
soe se har o sa sear dien ha
mem seit dat se better oppasse moatten hie.
mei har hannen sa op myn skouders.
It is net op grûn fan dit iene fers mar op grûn fan it hiele fyfde skift, dat ik fan betinken bin dat de frije fersfoarm net de sterkste kant is fan Gear fan der Mear. Fersen as ‘nei amearika’ en ‘hindrikje’ jouwe my tefolle in no-en-Erlebnis, en de flakke foarm is dêr skuld mei oan, leau ik. No wol ik dalik tajaan dat in nuversoartich foaroardiel my hjir danich parten spylje kin. En wawit my net allinne. Is it ommers net sa gelegen dy wy ornaris erchtinkend oersteane foar in wize fan skriuwen dy't wy fan in skriuwer net wend binne? Mei de dichter Geart fan der Mear bin ik doedestiids yn 'e kunde kommen fia syn foarmfêste ‘wurdlid-fersen’ en ûnwillekeurich projektearje ik alles wat ik fierder fan him lês tsjin dy iene, kenlik yn myn harsens fêstleine eftergrûn. Geart fan der Mear sil der skriuwen oan ha om blanco oer te kommen mei syn frije fersen, likegoed as dat bygelyks Bartle Laverman in barjêre oerwinne moat om by my tagong te finen mei in sonnet. Net dat sa'n foaroardiel goed te praten is, mar it liket my earlik ta en synjalearje it bestean derfan. Wat de dichter te dwaan stiet, is: him net foar ien gat fange litte en de meast útinoar rinnende wegens bewannelje om it gelyk fan syn alsidigens oan syn kant te krijen. Yn alle gefallen is it syn goed rjocht. Fan Geart fan der Mear soe ik graach nochris frije fersen lêze wolle, ek om't it hingjen bliuwen yn ien en deselde foarm wolris in dearinnend paad wurde koe.
| |
| |
| |
skieding
wyt fan koweblommen de polderdyk.
de reiden grien, it wetter flûnkerjend
en klear, en oer de stannen sûzeljend
in suchtsje sudewyn, al sûzjend lei 'k.
lyts jonkje doe, en 'k wie oars neat as sjen,
en harkjen. de ljurk yn mij dy klom en
song en klom. myn sjen wie wyt fan blommen -
wie 't skom fan molke. brûzjend yn 'e tjems;
molke dy't ús heit mei fearjende gong
de planke oerdroegen hie, de sleat oer, dêr't
myn wêzen oan de loft en 't wetter net
ûntkaam -: ik hong yn 't djip, ik ljurk dy't song;
fan bining en fan skieding wist ik net -
ik ha der wer west, mij jierren letter
bûgd oer 't spegeljen yn 't stille wetter,
mar 't skodholle: nee, nee, do bist it net
Dit lêste fers, teffens seisde skift, fan dizze bondel is yn dy sin in goeie ôfsluting fan it gehiel, dat it de skaaimerken yn him hat fan earder oanrekke thema's. It fers stiet midden yn de spanning fan it ierdske en it himelske, it benemende en it befrijende, de leechte en it lok, en boppedat is it in echo fan de syklus oer de beukerjierren yn skift V. De twaliddigens fan it minsklik bestean dat him beweecht tusken boppe- en ûnderwrâld, tusken ivichhyd en tydlikens, tusken folwoeksenens en jeugd, tusken dea en libben, wurdt yn dit fers treflik ûnder wurden brocht yn it byld fan ‘de ljurk yn my (dy't) klom’, mar dy't him lykwols spegelje moast yn it wetter leech by de grûn. De skieding tusken jeugd en folwoeksenens is de skieding tusken libben en dea: wat rjocht fan bestean like te hawwen, rint fêst op in ûntkenning: ‘nee, nee, do bist it net.’ Neat bliuwends is de minske eigen; alles wat er yn 'e macht hat, wurdt him frjemd. En dochs mar sykje nei it hegere, it bestindige, it allesoerweldigjende lok. Sa lang at it duorret, mei in kromke sâlt, tsjin better witten yn. Dat is Geart fan der Mear, in suver (religjeus) dichter sûnder dat er it yn alle rigels wurd ha wol.
|
|