Trotwaer. Jaargang 17(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 104] [p. 104] Jelle Kaspersma Boppe sompelân... boppe sompelân oan thijssengrêft sirkelje hoanskrobbers sinne sûget harren thermysk omheech tusken rusken stiet de reager ree magnetyske krêft yn punte fan snaffel fisk lit him spitse sûnder ferwar weaget er troch kielsgat troch strôt reager yn hiel heech no sirkelje de fjouwer tsjûgen sûge fan sinne [pagina 105] [p. 105] Strân is kâlder dan snie en hurder dan iis by it winter ûnferwachts it each fan in stien in geef bewarre see-egel getten yn flint troch myn triennen hinne glimket it strân yn nullen fan stosân ferweget eastewyn tusken hjir en sinne [pagina 106] [p. 106] Tsien de skutter it lichem stilset knibbels op slot gewear op fingers eagen rêst siken ynholden swarte sirkel om swart doel finger stadich efterút dan suver lûdleas brekt skot spanning kûgel karton en swart fan njoggen omsirkelet dit gat tsien [pagina 107] [p. 107] Beam yn 'e hjerst syn lêste hjerstige grien giet blêd foar blêd nei ûnderen stadich krollet er de tûken op nei de stamme syn spruten de takomst hoedet er haadman fan in folk gearballe stiet er wach foar stoarm en froast Vorige Volgende