Trotwaer. Jaargang 17(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 100] [p. 100] R.R.R. van der Leest Oan Abe-en-dy kuierjend mei de hûn troch hjerstige leanen kaam ik dij ûnferwachts yn in rôlstoel tsjin ik wie wer op 't fean by dy seis-fiif tsjin ajax doe't it noch net om de rotsinten gyng it lêste healoere haw ik mysels dêr fergetten ien west mei it folk besiele troch jim dat hie 'k dij sizze wollen en moatter mar ik knikte allinnich en stapte foarby no meitsje ik by dizzen gewach fan myn falen yn úttochte rigels sûnder spontanens de kâns dy't ik miste wie de kâns fan de dei [pagina 101] [p. 101] Lânskip bleek horizontaal ljocht ferware fertikaal fan in peal en de rein yn steile diagonalen [pagina 102] [p. 102] Aktualiteit yn de nachttrein nei kiruna siet ik oer in egyptysk pear hy oan it gongpaad sy by it rútsje ichnaton en nefertété beitele yn sânstien ik tocht deemoedich tritich ieuwen sjogge op dy del mar ik koe myn kaartsje net fine de kondukteur wie kommendeweis [pagina 103] [p. 103] Vorige Volgende