Trotwaer. Jaargang 17(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 68] [p. 68] Tsjits Peanstra Nachtrit In stille nacht. De ljochten bleek en kâld strike ûnmeilydsum lâns in hûs, in beam en in âlde pleats mei dingen net te neamen, sa rydt ús auto troch in frjemde wrâld. De doarpen lizze sûnder skoar en hâld yn lange skaden huverich te dreamen en even letter blinke oan de seame de stêdske neonkleuren, mannichfâld. It feale skynsel fan in lette blom keatst as mei tsjinsin yn it ljocht werom en skoot dan mei it tsjuster wer fansiden; in lichte damp komt út de sleatten gliden en moannet ús om stadiger te riden, de tiid keart as fansels de oeren om. [pagina 69] [p. 69] Twa Do hiest dy yn in stille rite graach yn myn hert nei wenjen set, dyn freonskip moast ik wol fersmite want by dy wêze koe ik net Nea hast wat yn my omgie witen en wersto stiest begriep ik net sa hawwe wy ús faak ferbiten en dêrtroch ek ússels ferret. Inkeld in simmer en in hjerst ha foar sa'n lot beskiedend west, de beammen binne omtnnt keal it deiljocht dat is grns en feal oer it parkearplak toarkje blêden, de boeren ha it wurk berêden Vorige Volgende