Trotwaer. Jaargang 17
(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 46]
| |||||||||||||||||||||||||||||
Jant van der Weg-Laverman
| |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 47]
| |||||||||||||||||||||||||||||
(1816-1855) en Austen (1775-1817), Busken Huet (1826-1886) mei syn Lidewyde, Van Groeningen (1866-1894) mei Martha de Bruin en Van Eeden (1860-1932) mei Hedwig út Van de koele meren des doods. Dat lêste boek kin men hast as in hichtepunt sjen yn it tekenjen fan frouljusfigueren, omt Van Eeden him it gefoelslibben fan in frou tige goed yntocht hat en dat op in treflike wize foarm jûn hat. In lêste útlis fan de term ‘frouljusliteratuer’, en ta dy útlis woe ik my yn dit artikel beheine, is: literatuer skreaun troch froulju. Ek as it begryp sa útlein wurdt, kin men de njoggentjinde ieu as in soarte fan begjinpunt nimme. Dêrom woe ik my konsintrearje op de froulju út dy ieu en sjen, hoe't de santjinde en de achttjinde ieu as in foech foarspul tsjinne hawwe. As einpunt haw ik keazen it jier 1898; dat hat in dúdlike reden. Yn dat jier nammentlik waard yn Den Haach in útstalling holden, dy't mei alles wat dêromhinne organisearre waard in tige wichtich barren yn de frouljusbeweging fan Nederlân west hat. Ek Fryske froulju wiene dêrmei anneks. Op dy ûtstalling kom ik noch werom.
Froulju heart men yn de skiednis oer it algemien net folle oer, en teminsten oant en mei de achttjinde ieu mar amper. Hjir en dêr binne der wat boppe de massa útstekkende froulju, mar yn syn algemienens kin men stelle: ‘Untill recently the average woman of the past has remained obscure, almost invisible’Ga naar eind2.. Eigen skiednis fan de froulju skreaun troch froulju is amper te finen. Hjir en dêr dûkt ris in deiboek op of komme brievesamlingen foar it ljocht, dêr't wat yn werom te finen is, mar yn de offisjele skiedskriuwing binne it allinnich de niisneamde hichtepunten. Yn de literatuerskiednissen is dy sitewaasje net oars. Yn de Midsieuwen stiene man en frou foar deselde taak - tegearre soargen se foar de selsfoarsjenning fan de húshâlding - mar ek doe wiene de tinkbylden oer de frou net oarsGa naar eind3. as yn de santjinde ieu en dêrnei, soms oant yn ús tiid ta. De tinkbylden as soene froulju minder yntelligint wêze as manlju, ûndergeskikt wêze oan de manlju en gean sa mar troch. Dêrneist lykwols komme sa stadichoan, te begjinnen by de Renaissance, wat oare ideeën op. Benammen by de Reformaasje komt der mear each foar it plak en de rjochten fan de frou, mear as by it Katolisisme. In beweging binnen it Protestantisme, dy fan de Quakers, formulearret al yn har begjinfase tinkbylden oer de frou dy't jin modern oandogge en dy't foar de frouljusbeweging wichtich west hawwe. Ek yn it Piëtisme en by de Mennisten hat de frou in wichtiger plak as yn in soad oare rûnten. Faaks dat wy dêrom út dy fermiddens yn Fryslân wat nammen fan skriuwende froulju tsjinkomme. WumkesGa naar eind4. neamt as foarbylden û.o. Anna Maria van Schurman, Magdalena Pollius en Jetske Reinou | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 48]
| |||||||||||||||||||||||||||||
van Malen. Alle trije hawwe skreaun, al is dat dan spitigernôch allinnich mar yn it Hollânsk en it Latyn. Anna Maria van Schurman (1607-1678) is gjin Friezinne, mar hat as bern yn Frjentsjer en as âldere frou yn Wiuwert, yn de mienskip fan de Labadisten, wenne. Doe't se noch yn Utert wenne as gelearde en keunstneresse bekend wie, kaam de heale Westeuropeeske fine fleur op har ôf. Dy tiid swarde se letter ôf en yn har wurk, ‘Eucleria, of Uitkiezing van het Beste Deel (1684) jout se dêr rekkenskip fan en fertelt oer har libben yn Wiuwert. Oer har skriuwt Van BeverwijckGa naar eind5. as de ‘onvergelijckelike Joffrouw’. Dyselde Van Beverwijck neamt yn 1643Ga naar eind6. ek de ‘edele ende geleerde Franske van Doyem’. Oft dizze frou, dy't hiel wat talen behearske, sels ek dichte hat, is gjin bewiis fan oer, mar oaren dichten wol ta har eare, lykas de troch Van Beverwijck sitearre Staackmans, boargemaster fan Frjentsjer. Dy lêste wie tige befreone mei de dichter P.C. Hooft en hy makke fan Frânske in Fryske ‘Tesselschade’. In jier of tsien letter wie Eelkje van Bouricius it middelpunt fan literêr Ljouwert. Fan Magdalena Pollius (1728-1753) is wol bekend, dat se sels skreau, mar al wer yn it Hollânsk. Wol paradearje hiel wat Friezen út har tiid yn loffersen, yn brulloftsfersen en sa mear, dy't yn har bondel Stigtelyke Mengeldichten steane. Se joech dy bondel út mei in foarrede fan har man, Regnerus Brongerus Reen, dy't dûmny wie yn Feinsum/Hijum en yn Huzum. Hy levere ek noch fjouwer preken foar de bondel fan syn frou, û.o. ien oer de feepest yn 1745. Magdalena hie korrespondinsje mei ferskillende gelearden fan har tiid en ferdigene yn har fersen ek har âld-omke Ds. Balthasar Bekker. Jetske Reinou van der Malen (1682-1752), dochter fan in advokaat en presidint fan it kriichsgerjocht yn Ljouwert, betsjinnet har lyksa fan it Hollânsk as taal foar har fersen. Har wurk is krekt as dat fan Magdalena Pollius gelegenheidswurk mei in soad lykdichten en fersen op aktuële barrens, dat yn 1728 samle waard yn de bondel Zede-, Mengel- en Lykgedichten. Yn har tiid waard se troch in oare Fryske dichteresse, Aurelia Zwartte, yn dy har Stichtelijke Poezie (1727) in ‘uitmuntende dichteresse’Ga naar eind7. neamd en fan har tiidgenoaten krige se de earenamme fan ‘Fryske Sappho’.
No waard, liket my ta, yn dy tiid nochal gau mei dy titel swaaid, sa gau as it om dichtsjende froulju gong. Ek Titia Brongersma (ca. 1600-ca. 1700) waard mei dy titel fereare. Mei har komme wy wat tichter by ús ûnderwerp: neist Frânske en Hollânske skreau Titia ek Fryske gedichten, dy't ‘van een zekere naïeve bekoorlijkheid zijn’Ga naar eind8.. Oer har libben is net in soad bekend. De measte boarnen binne it der wol oer iens, dat se wierskynlik yn Dokkum berne is, in grut part fan har libben yn de stêd Grins taholden hat en dêr ek | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 49]
| |||||||||||||||||||||||||||||
stoarn is. Se moat neffens har eigen wurk in broer Conraad en in suster A.... hân hawwe. Dat se wol aardich lyk rûn en op 'e hichte wie mei de literatuer, ek dy fan it bûtenlân, mei bliken dwaan út it feit, dat se de Frânske dichter Pierre de Ronsard tige bewûndere. Se hie kontakt mei gelearden en keunstners fan har tiid, dat ek útkomt yn it tal lof-, lyk- en brulloftsdichten yn har bondel De Bron-Swaan of Mengeldigten (1686) om no mar net de folsleine titel te sitearjen, want dan haw ik hast in heale side nedich. Faaks, dat se ek mear earnstige fersen skreaun hat, as men teminsten ôfgean moat op de titel fan in fers, dat har freon Ludolph Smids skreau: ‘Op de Hemelsche Orgeltoonen van Titia Brongersma’. Aardich is it ferhaal, dat hy har oer har útfanhûzerij yn Borger skriuwt, dêr't sy neffens him as earste yn in hunebêd oan it graven west hie en sa ûntdiek, dat it by dy hunebêden om grêven gyng. In eksimpel fan har dichtkeunst folget hjir: Petronella Moens.
Ut: It Heitelân, Jrg. VI (1924) | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 50]
| |||||||||||||||||||||||||||||
Hotse mans Vryery, Toon, Lom'rig woudt.Wler om wotte mi naeet habbe
Sis mijn soucker swiete laeem,
Of is Lolkmoers harre Tiabbe
Tho dijn Liaeefde moeest
biquaam.
Wotte habbe sil ik stere
Sis ho biste nou so tioe,
Of mot ik eerst vryen lere
Fin ous Boermans jonge lioe.
Sioegste wol di tiouke knote
Sil ik dy mijn gouden laen
Ister yoen yoeg Sibbils Bote
Mi dit woendre rinkel raen.
Dog du dit dijn liaeeve Swobbel
Sey er, in ik ron rieuw fort
Maar di liltie rabbel wobbel
Die mi yn mijn dwaan tho kort,
Omye sey: wol motte booskie
Hotse tiene din tho wirk
Oors bitiugt di Taeetse looskie
Of ous lan mieg, of Piers Dirk.
Nim mi dogs mijn Swiete Famke,
Siker wier ik bin so ing
Dat der om ous Beppe lanke
Mey mi kibt dat bose ding.
Wottit dwaan du schette lisse
Moorns oon agt, of nioegen oer,
'K silit yten, lit dy sisse
For di sette op it fioer.
Wotte nogs naeet, 'k woe wol gale
Hestit hirt so slagger ijn
Sis reys laa, allijk as Tiale
Tiebbis Breyd; di male Trijn.
Lit oes aeek as oore minschin
Swobbeltie, ey you min pat
Dir's nin graeeter lok tho winschin
Wes so goed ik bid di dat.
Wotte naeet, du meystit litte
'K vraeeg nin meer, koens baauk
wol wol,
Ey het minst du honne tijette
wey, mey di du tirrel hol.
Yn Titia Brongersma, De Bronswaan. Ut: Estrikken XV.
Kynke Lenige (1755-1780), of Cynthia, lykas har heit Durk har graach neamde, komt út it Mennistefermidden fan Makkum, die ek mei oan it wurk fan it dichtgenoatskip ‘Kunst kweekt het menschelijk geluk’ en hearde sa by de intelligentsia fan Makkum. Bern fan har tiid mei syn dichtgenoatskippen, dy't har regels en foarskriften foar it dichtwurk as twingend oplizze woene. Kynke is mar fiifentweintich jier wurden, yn 1780 is se, wierskynlik oan de cholera, stoarn. Har heit wie wakker wiis mei har en dat wy aardich wat oer har witte, komt mei dêrtroch, dat hy nei har dea in libbensberjocht oer har fersoarge, | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 51]
| |||||||||||||||||||||||||||||
wylst er ek wurk fan har, allegear yn it Hollânsk skreaun foar safier bekend, yn it Frysk bewurke. Eins al wat útsûnderlik foar dy tiid, wat de oplieding fan de frou oanbelanget, is it feit, dat heit Lenige syn dochter Kynke ûnderrjocht joech, ûnder mear yn taal en styl sa't it dichtgenoatskip dat frege. Witsen Geysbeek ferliket har dichttrant mei dy fan (Lucretia) van Merken, in Hollânske dichteres fan de achttjinde ieu, dy't yn har eigen tiid tige ferneamd wie. Ek bûten Makkum hat Kynke kontakten mei ûnderskate dichters, faaks ek mei Bilderdyk, as se yn Amsterdam útfanhûzet. It prachtige ferhaal as soe se in ferhâlding mei him hân hawwe, is lykwols yn 1954 al mei sterke arguminten troch Uilkje J. Boersma betwifele en sil wol net wier wêze.Ga naar eind9. Yn dat Makkumer fermidden moat ek Marike Rommerts Haersma dichte hawwe. Fan har is teminsten in Frysk ‘talittingsfers’ foar it Makkumer dichtgenoatskip bekend.Ga naar eind10.
Kontakten fan Friezen mei Hollânske skriuwers hawwe der wol mear west. Sa neamde de ferneamde romanskriuwster Truitje Toussaint de Harnzer Froukje Herbig (1782-1857) ‘mijn Friesche onderwijzeres’, dy't har op 'e smaak brocht hie fan de skiednis en fan histoaryske romans. Froukje sels fûn har stof foar de romans en toanielstikken dy't se skreau, lyksa yn de histoarje. Ek hjir giet it om Hollânsk wurk. Mei har sitte wy dan al yn de njoggentjinde ieu. Mar foar't ik dêrmei te set gean, wol ik noch ien frou neame, dy't foar in grut part yn de achttjinde ieu thúsheart, Anna Elisabeth Buma (1750-1825). Har heit wie dûmny yn Ysbrechtum en, neffens Beucker Andreae, mei syn opfiedingsidealen syn tiid fier foarút.Ga naar eind11. No giene syn idealen net sa fier, dat er, lykas dat by Lenige it gefal wie, ek syn dochter(s) by de oplieding beloek, dy't er oan syn soannen joech. Dochs makke er gjin beswier, doe't er fernaam, dat Anna stikum meidie by de lessen. Sadwaande is se as njoggentjinjierrige bysteat har heit in Grykske brief te stjoeren en lêst se oant op hege leeftyd har faam foar út in Gryksk testamint, dat se al lêzende oerset yn it nederdútsk. Neffens Beucker Andreae hat Anna hiel wat oantekenboekjes neilitten, dêr't se har gedachten, oantekens oer lêzen literatuer, ensafuorthinne yn optekene. Hy sitearret wat dichtwurk fan har, dat fierders net sa folle foarstelt, skreaun - alwer - yn de offisjele skriuwtaal fan dy dagen, it Hollânsk. Fan har útjûn is in oersetting, Beschouwing van den staat en de vermogens van den mensch, vergeleken met de dierlijke wereld fan John Gregory, en fierders noch in pear ‘vertogen’ en in godstsjinstich opstel. Dus mear wittenskiplik wurk as literatuer.
De Frânske revolúsje mei syn biedwurden hie hope op bettere tiden by in | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 52]
| |||||||||||||||||||||||||||||
soad froulju wekker makke. Ommers, frijheid en gelikenens waard foar elkenien tasein. It tredde wurd fan de trits, bruorskip, wiisde al wat yn oare rjochting en dat kaam aardich út. Oant dan ta hie de Ferljochting mei syn filosofen de froulju noch net folle heil brocht, al hiet it dan, dat de minsklike geast befrijd wurde moast. Dat it minskdom út manlju èn froulju bestie, seagen de ferljochtingsfilosofen oer de kop òf se foelen de froulju, en dan benammen de aristokratyske, krekt yn dy frijheid oan. Dy lêstneamde froulju besieten in betreklike frijheid, as men dat fergeliket mei de froulju út oare befolkingsgroepen en krekt dy frijheid wie neffens guon filosofen ferdjerlik. Dè eksponint fan it Ferljochtingstinken is Jean Jacques Rousseau. Froufreonlik yn ferbân mei rjochten en frijheid fan de frou kin men him amper neame. Foar him wie de húshâlding it sintrale plak yn de maatskippij mei op de eftergrûn de soargjende en fersoargjende frou. In eigen libben foar dy frou kaam by him net foar. Foaral troch syn tinkbylden ferrint de Frânske revolúsje net sa lykas de froulju út dy tiid hope hiene. Syn ideeën wurde troch Robespierre en Napoleon yn wetten ûnderbrocht. Dêrom is it gjin wûnder, dat de Grinzer Etta Aelder, better bekend ûnder de namme fan har man Palm, dy't har yn Parys ta wenjen set hie, yn 1790 noch net sa lûd ropt oer de revolúsje en de manlju, as se in gearkomste mei Frânske revolúsjonêren sa tasprekt: ‘De rechtvaardigheid moet zijn de eerste deugd van vrije mannen, en de rechtvaardigheid vraagt, dat de wetten gemeenschappelijk zijn voor alle wezens, evenals de lucht en de zon. En toch zijn zij overal gunstig voor de mannen ten koste van de vrouwen omdat immers overal de macht is in uwe handen.’Ga naar eind12. Twa jier letter komt Mary Wollstonecraft, de foarrinster fan de feministyske beweging sa't sy faak neamd wurdt, mei har Vindication of the rights of wormen, dêr't se har yn ôfset tsjin Rousseau en dêr't se yn pleitet foar in bettere oplieding foar froulju, al is dat yn har fisy om dêrtroch in better wiif en in bettere mem te wêzen. By de feministyske idealen fan hjoeddedei past dat net sa goed; dêr prate se leaver oer oplieding, omdat it foar de persoan sels goed is, mar yn de tiid fan Wollstonecraft is it in hiel begryplike en logyske riddenearring. Oant ein njoggentjinde, begjin tweintichste ieu waard der krekt sa tocht, ek yn de fermiddens fan de frouljusbeweging.
Nei de Frânske revolúsje binne de idealen fan dy revolúsje yn har begjinstadium al rillegau fergetten. De bourgoisy komt as de grutte oerwinder út de bus. De arbeider hat it noch like min as foar 1789 en miskien noch wol minder. Dat giet yn alle gefallen op foar it tiidrek nei de Yndustriële Revolúsje dy't yn de begjinjierren fan de njoggentjinde ieu ynset. De arbeider moat ûn- | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 53]
| |||||||||||||||||||||||||||||
der hieltyd minder wurdende omstannichheden syn wurk dwaan, mar de frou fan dy arbeider krijt it yn feite noch folle minder, omt sy foar in dûbelde taak komt te stean. Har wurkterrein oerdei leit krekt as dat fan har man yn it fabryk. Nei in lange deitaak lykwols kin se thús nochris in kear yn har eigen húshâlding begjinne. De rop om wurk. net allinnich foar manlju, mar ek foar froulju en de eask fan rjocht op wurk komt dan ek bepaald net út de arbeidershoeke. Dan moatte wy by de boargers wêze, dêr't de frou it likegoed net noflik hie, mar op in hiel oare wize, krekt tsjinoersteld oan de posysje fan de arbeidersfrou soe men hast sizze kinne.
De middenklasse, de deeglike boargers hiene sa har eigen idealen, ek wat de posysje fan de frou oanbelanget. It grutte foarbyld dêrby wie de aristokraty fan de achttjinde ieu. Lykas de froulju út dat fermidden moast ek de frou fan de boargerman, mei genôch personeel yn 'e hûs, dy't boppedat de kost net hoegde te fertsjinjen, omt har man dat wol foar har die, tsjinje as statussymboal fan dy man: hoe mear hy fertsjinne en hoe riker hy wie, des te minder hoegde syn frou te dwaan. Betje Wolff tekenet dat hiel aardich: ‘Zij verschikken het porcelein eens, haalen een bandje uit, breyen een mofje, of praaten eens met poesje die, die even stemmig en staatig zijn melk oplikt.’Ga naar eind13. Trui Jentink, om wat tichter by hûs te bliuwen, jout dat treflik wer yn ha feuilletonferhaal In oannomd bernyGa naar eind14.. Se byldet dêr in boargemastersfrou yn út dy't, salang't se neat te dwaan hat en boppedat gjin bern om foar te soargjen, mar wat mei de kat en de hûn ompielt en ris wat pianospilet, koartsein har ferfeelt en dêrtroch in ferfelend minske is. As se lykwols in (fûnlings) bern op har noed krijt, feroaret se yn in leave frou, mei wa't dat bern tige wiis is. Ek hjir wer it ideaal fan it memwêzen by in feministysk ynstelde frou as Trui Jentink, dochs dúdlik passend yn har tiid.
Wat hjir boppe sein is, giet op foar de boargerfrou, foar safier't sy troud is. De net-troude frou yn de boargerlike milieus fan de njoggentjinde ieu wurdt foar harsels en foar it milieu dêr't sy yn ferkeart, hoe langer hoe grutter probleem. Tagelyk dêrmei en dêrtroch helpt sy mei oan de oplossing fan dat probleem. Oant dan ta kaam har ûnderhâld op foar de famylje, want wurkjen wie in skande en waard allinnich troch arbeidersfroulju dien. De famylje besiket dêr lykwols ûnder út te kommen, omt dy stadichoan genôch oan harsels hat. Sadwaande komme in soad fan dy net-troude froulju yn it ûnderwiis telâne. De hjirfoar neamde Froukje Herbig hie in skoalle yn Harns en de kostskoallen dy't sa hjir en dêr foar famkes ûntsteane, hawwe soksoarte froulju yn tsjinst, al hawwe de measten no net sa'n passende oplieding dêrfoar hân. En sa binne wy it rûntsje we[...] froulju dy't sels gjin adekwate oplieding hân | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 54]
| |||||||||||||||||||||||||||||
hawwe, moatte soargje, dat de oan har tabetroude famkes dy al krije. Yn de lesprogramma's fan dy skoallen komt jin boppedat dúdlik it boargerideaal temjitte: it famke c.q. de frou moast wat meiprate kinne, mar djipgeande petearen waarden fan har net frege, sels net ferwachte. Froulju dy't har húshâlding fersloffe lieten en mei har kennis ‘pronken’, hiene gjin goede namme. In sitaat fan Fenna MastenbroekGa naar eind15. is yn dit ferbân wol yllustrearjend: ‘Immers beweert men niet zeldzaam, dat vrouwen, die de pen voor het publiek opnemen, daardoor ongeschikt worden ter welwaardige uitoefening van die huishoulijke pligten, welke te regt van haar gevorderd wordt... doch dit (- it skriuwen - JWL) zoude ophouden genot voor mij te zijn, indien ik wezenlijke pligten daaraan opofferde, of slechts minder behartigde.’ Stadichoan lykwols feroaret der wat yn dy hâlding en sjocht men hoe langer hoe mear it nut fan in goede oplieding, foar froulju likegoed, yn, al wurdt dat noch hiel lang sjoen as nuttich foar de bern, dy't de frou grutbringe moat en net yn it foarste plak foar har eigen foarming en ûntwikkeling. Boppedat wie it foar de famylje wol maklik, as de frou troch in bettere oplieding harsels rêde koe, mocht se ris widdo wurde of net trouwe. It risseltaat fan al dy oerwegings wie, dat yn 1860 yn Arnhim de earste Normaalskoalle foar ûnderwizeressen oprjochte waard, dat Thorbecke yn 1863 by wet regele dat famkes ek nei it middelber ûnderwiis koene en dat yn 1867 yn Haarlim de earste MMS stifte waard. Mar dan binne wy al in hiel ein yn de njoggentjinde ieu op.
Om noch even nei it begjin fan dy ieu werom te gean: wakker oeral wie it publyk doe oer it fenomeen, as ik dat sa even neame mei, fan de ‘dienstbode, die de dichtharp tokkelde’, Francijntje de Boer (1784-1852). Se wie út Harns ôfkomstich en die ek mei oan de Proeve van dichterlijke mengelingen fan 1822. Op dy bondel kom ik noch werom. Fierders joech se ferskillende bondeltsjes Hollânske gedichten út, meast foar bern, tige moralistysk en passend yn de ‘Brave Hendrik’-sfear fan dy dagen. In titel as Laat ons leven tot elkanders nut en genoegen lit dat dúdlik sjen. Se waard tige fereare, ja, fuort nei Van Alphen, dè bernedichter yn dy tiid, neamd. Yn 1835 waard se sels huldige yn de Twadde Keamer, omt har bernefersen doe yn it Frânsk ferskynden. Francijntje wurdt op lettere leeftyd mennist en moetet yn dat fermidden in oare Friezinne, Fenna Mastenbroek (1788-1826), dêr't se mei befreone rekket. Fenna is krekt as Francijntje tige populêr yn dy tiid en skriuwt benammen foar froulju, lykas de titels fan har wurk sjen litte. Lectuur voor vrouwen en Zedelijke verhalen uit de Bijbel voor vrouwen binne in pear dêrfan. In oare dichteres yn Fryslân út dy tiid, dy't ek allinnich mar Hollânsk skreaun hat, is de dûmnysdochter fan Kûbaard Petronella Moens (1762-1843). De Kû- | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 55]
| |||||||||||||||||||||||||||||
baarders ha har yn eare holden troch in strjitte nei har te neamen. Eins heart Petronella noch thús by de dichtgenoatskippen; se wûn sa'n tsien priisfragen en wie yn har tiid tige ferneamd. Se krige as typearring faak it predikaat ‘gelearde’ mei en stie yn korrespondinsje mei lju fan oansjen. Se wie histoarysk en polityk goed ûnderlein. Allinnich of mei har freondinne Adriana van Overstraten skreau se romans, gedichten en berneboeken. Dat se dat mei immen oars die, is net sa frjemd, want sûnt har iere bernejierren wie se blyn. Wol ferwûnderlik, dat se nettsjinsteande dy handikap noch sa produktyf wie. Dat it brûken fan it Frysk by skriuwen net sa foar de hân lei, lit ek Eelkje Poppes (1791-1828) sjen. Berne op 'e Lemmer jout se, as se trijentweintich jier is, in bondeltsje Eerstelingen aan mijn vaderland (1814) út. Oer har is net folle mear bekend as dat se troud wie mei Robidé van der Aa en frij jong - mei sânentritich jier - stoarn is.
Binne der dan yn dy begjinjierren fan de njoggentjinde ieu hielendal gjin froulju dy't Frysk skriuwe? It is al wer in dûmnysdochter dy't foar 't ljocht komt. Wiepkje Agatha Reddingius (1775-1830), berne yn Ingelum en letter troud mei de Harnzer apoteker Van Assen. Yn it Harnzer kulturele fermidden dêr't sy yn ferkeart, ferskynt yn 1822 boppebedoelde bondel Proeve van dichterlijke mengelingen. Dy bondel hat in hiele foarskiednis. In printer út Saandam, Jan Groot, hat in tige earmoedich bestean. Dûmny HoekstraGa naar eind16. wol him graach helpe en komt by syn freonerûnte mei it foarstel om Groot wurk te besoargjen troch mei mekoar in bondel út te jaan. Foar dy bondel wurdt ek wat Frysk wurk levere, ûnder oaren troch Wiepkje Reddingius. Fan de fjouwer fersen dy't sy leveret, liket allinnich it fers ‘De iere moon’ origineel te wêzen. Fierders is der in oerset ‘sprookje’ fan Bilderdyk by, ‘De boerestân’ is Poot fan fierrens neifolge en it aardige ‘'t Duwke fen Anacreon’ is in oersetting fan Pieter NieuwlandGa naar eind17.. Ut ‘De iere moon’: Der komt der ryst de nagtbefjeugter!
De Himmel, wroad, en dei verlieugter!
De grutte klomp fin klinklear fjoer!
Der ryst de goud'ne zegenbringer!
De dauw en koadde mist-bedwinger.
Op laest fin 't Godlik Albestjoer!
Der stekt de Deibaas, uwtte leegte,
Zyn holle baennend ynne heegte,
En spreid syn fjoerstream, lang za meer!
| |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 56]
| |||||||||||||||||||||||||||||
Mei zegen forre dei oergetten,
Yn vrieugtbarheid for d'ierd' besletten
For minsk, en beest en voegel neer!
De voegel tjielpt en gielegouwet.
Der hy zyn nest fin striekes bouwet;
Het schiepke hippelt ynnet Lan
Het hynser grinnekt ynne weide,
En 't hoônvee balkjet ynne greide,
Uwt blydschip forre-sinnebran.
(fragmint)
De earste helte fan de njoggentjinde ieu fernimme wy fierders amper wat fan skriuwende froulju. Se besykje al, en dan haw ik it oer de boargerfroulju, wat mear oanslach te krijen. Der wie in soad earmoed yn dy tiid en wurk op it charitative terrein lei dan ek tige foar de hân. Net allinnich yn Nederlân folje ditsoarte froulju har liddige tiid mei wurk yn dy sfear. Ynternasjonaal is dat it byld dat wy yn West-Europa waarnimme. Florence Nightingale bygelyks is in dúdlik foarbyld. Fan har waard krekt as fan oare froulju út har stân ferwachte, dat se har mei earmesoarch - it ferneamde pantsje sop - dwaande hold. Se koe harsels lykwols yn dat wurk net kwyt. Yn in essay Cassandra (1852), skriuwt se dêroer en ferset har tsjin de rol fan ‘Angel in the House’, dy't har optwongen wurdt. Hieltyd komt men dat lêste begryp yn de Ingelsktalige literatuer tsjin as symboal fan it ideaalbyld fan de frou, mar tagelyk ek as grutste tûkelteam op de wei nei in eigen, selsstannich libben. Virginia Woolf doelt op dy ‘angel’, yn de lêstneamde betsjutting, as se yn har Professions for women (1931) skriuwt: ‘Had I not killed her, she would have killed me.’Ga naar eind18. Al faak hie ik my ôffrege, wêr't dy Ingelske term wei kaam, al is dy op himsels tige dúdlik fan betsjutting. Doe fûn ik, dat der yn 1854-1856 in grut dichtwurk ûnder dy titel útkommen is, dêr't it ideaalbyld fan dè frou, neffens de skriuwer fan dat boek dan altyd, yn jûn wurdt. It gedicht is in poëtyske ferhearliking fan ‘womanhood and domestic bliss’Ga naar eind19., dat ôfgryslik populêr wurden is en sa sil de term ek wol yn 'e taal telâne kommen wêze. Florence Nightingale fersette har tsjin dy har opleine rol en besocht har libben wat mear ynhâld te jaan. Se rjochte har op it ferpleech- en hospitaalwurk. Doedestiids wie it in skande om as earbere frou yn dat wurk dwaande te wêzen. De tastannen wiene net bepaald ferheffend, sawol yn 'e sikehuzen as op it slachfjild, lykas Florence op de Krim sels ûnderfûn. Reörganisaasje wie gjin lúkse en dêr sette se har dan ek foar yn. In soad froulju út de hegere | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 57]
| |||||||||||||||||||||||||||||
stannen binne har dêryn folge. Sa waard yn Nederlân op dit mêd in soad ferset troch Jeltje de Bosch Kemper, dy't mei rjocht en reden yn 1893 foarsitster waard fan de dan oprjochte ‘Nederlandse Bond voor Ziekenverpleging’. Dêrfoar wie der ûnderwilens al hiel wat wurk ferset, ek yn Fryslân. Yn 1880 waard Johanna Frederika Rutgers (1846-1930), al wie it foar koarte doer, de earste direktrise fan it Diakonessehûs yn Ljouwert. Oprjochte troch de yn Ljouwert berne sindeling Mattheus Teffer waard de Hallumer dûmnysdochter direktrise oer in stikmannich diakonessen, dy't de siken thús opsochten en ferpleegden, mar dat by slimmere gefallen ek diene yn it gebou yn de Baginestrjitte, dat oankocht wie troch Teffer. Lykwols, dy lêste wie gjin noflik man en Johanna Frederika wie in frou mei karakter, lykas út har libbensbeskriuwing bliken docht, dat nei in fearnsjier wie der al spul en moast der in nije direktrise socht wurde. Dat Frederike, sa't se meast neamd waard, har mei dat wurk dwaande hold, is net ferwûnderlik, as men wit, út hokker famylje sy kaam. It charitative wurk stie yn dizze út Grins nei Hallum ferteine dûmnysfamylje boppe-oan en ek yn de lettere libbens fan de ûnderskate leden komt dat hieltyd nei foaren. Ien fan de saken, dêr't Frederike har mei dwaande hold, wie in naaiskoalle foar famkes en yn 1870 rjochte se yn har wenplak de earste Fryske sneinsskoalle op, in fenomeen dat lykas sa'n soad oaren, yn Ingelân ûntstien wie. Omt se it needsaaklik fûn de bern yn har eigen taal te benaderjen, learde se earst Frysk en skreau doe yn dy foar har twadde taal ferskes foar de bern, sammele en troch harsels útjûn yn twa bondeltsjes Rymkes, sangkjes foear lîtse bên yn 1878 en Memmeboekje foear lîtse bên yn 1879. Boppedat sette se parten fan de evangeeljes en psalmen en gesangen oer, allegear om dy by it godstsjinstich ûnderrjocht te brûken. Faaks hat se earder ek al ris wat yn it Nederlânsk skreaun. Yn 1868 en 1869 jouwe sy en har suster Agatha in Liedergave geofferd op het altaar der zending út; de opbringst dêrfan wie bedoeld foar de sinding. Yn dy bondels steane fersen fan doetiids ferneamde dichters lykas J.J.A. Goeverneur, J.J.L. ten Kate en J.P. Hasebroek, mar ek har omke en har mem, dy lêste allinnich mei inisjalen, dogge mei, krekt lykas ‘eenige zendingvriendinnen die onbekend wenschen te blijven’; dat soene fansels bêst de beide susters wêze kinneGa naar eind20.. Sa binne der in pear fersen fan A., lykas yn de ynhâldsopjefte fan it bondeltsje fan 1869 oanjûn is (Agatha faaks?) en twa koarte fersen, ien fan X en ien fan R. Har wurk foar bern, ik haw dat alris earder skreaunGa naar eind21., docht wol wat oan de bernefersen fan Goeverneur tinken. Se treft krekt de goeie toan, net plechtich en ferheven, lykas doe oars wol moade wie, mar simpel en ienfâldich. In foarbyld fan dat wurk: | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 58]
| |||||||||||||||||||||||||||||
De timmerman
Klop, klop, sa seit de timmerman,
De timmerman seit klop,
Hy hoad de hammer în e hoan,
En slacht der dapper op.
Sa sêgje docht de timmerman,
Oal hin en wer sa rjucht,
En makket sa un mooie snee
In 't hout sa krées en sljucht.
En boearje docht de timmerman
De spîkergatsjes sa,
En hat er dan de spîker d'r în,
Dan slacht'er derop ta.
De hûsen bouwt de timmerman,
En skoeall'en kast en bank,
Wij dankje jou, o timmerman,
Wij sees' jou blîde tank.
Dat se wurk foar bern net fierder trochset hat komt faaks mei fan har fierdere libbensrin. Troch har sosjaal fielen kaam se yn kontakt mei in man dy't fêstsiet en dy't se besocht te reklassearen. Se troude mei him en hold in skoft mei him ta yn it ‘lân fan dream en winsken’. Werom yn Nederlân lykwols rint it houlik stikken en yn 1883 komt se yn Hallum werom. Letter trout se mei de Hallumer Visbeek, hâldt har mei alle mooglike saken dwaande, mar fan Frysk literêr wurk is fierders neat bekend. Yn har dwaan en litten hat Frederike wol wat trekken fan it feminisme, dat yn dy tiid, de santiger jierren, opkomt. Oft sy der weet fan hân hat, is net bekend. Fia har famylje soe se der wol fan witte kind ha.
Dat krekt yn dy jierren de earste weach fan it feminisme yn Nederlân opkomt, is mei te tankjen oan it ferskinen fan in Ingelsk boek, dat in heal jier nei útkommen yn Ingelân al yn Hollânske oersetting ferskynt. Dat boek feroarsaket in hiele skriuwerij, pro en kontra feminisme. It boek dêr't ik hjir op doel, is: The subjection of women, skreaun troch John Stuart Mill yn 1861, yn 1869 yn Ingelân útkommen en yn 1870 yn Hollânske oersetting fan Mr. R.C. Nieu- | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 59]
| |||||||||||||||||||||||||||||
wenhuisen in foarwurd fan Vitringa. It boek wie ûntstien troch yntensyf oparbeidzjen fan Mill mei syn freondin en lettere frou Harriet Taylor-Hardy en dy har dochter Helen. Troch it skriuwen fan essays oan mekoar makken se har eigen ideeën kenber en ferwurken dy troch dy skriftlike petearen. Se hiene grutte ynfloed op mekoar en John seit dan ek fan The subjection, dat it boek yn de rin fan har oparbeidzjen ûntstien is en hy leit der de neidruk op, dat de kearn fan it gehiel al werom te finen is yn in essay fan Harriet, The enfranchisement of women, dat yn 1851 yn de Westminster Review ferskynt. Mill jout dat essay letter út yn Dissertations and Discussions en hy skriuwt der tige neidruklik by, dat Harriet it skreaun hat. Pikant is, dat Freud, dy't as earm studint yn Londen dat artikel oerset yn it Dútsk om wat by te fertsjinjen, it oan Mill taskriuwt. Hy fynt it in ferskriklik wurkje, lykas er oan syn faam skriuwt, en in oanslach op it ideaal fan de froulikheid, sa't hy dat seach. Hjir komme syn tinkbylden oer de frou al wat oan it ljocht, dêr't guon feministen fan earder en letter sa'n argewaasje fan hiene en hawwe. Mill wie him bewust, dat er net foar syn eigen generaasje skreau, doe't er syn tinkbylden oer de frou en har rjochten op papier sette. It soe noch lang duorje moatte, ear't dy yngong fine soene en dat mei fuort al bliken dwaan út de ‘Voorrede’, dy't Vitringa by de Hollânske oersetting skreau. Vitringa makke dêryn de frouljusbeweging, al bestie dy noch mar amper, bespotlik en neamde de emansipaasje fan de frou in ‘onding’. Op in oar plak hat er posityf skreaun oer ûnderwiis foar froulju.
It wurk fan Mill hat in soad ynfloed. Aletta Jakobs, de earste froulike dokter yn Nederlân, fertelt, hoe't har heit jûns út it boek foarlies yn syn húshâlding. De earste Hollânske, troch in frou skreaune brosjuere komt noch yn itselde jier as De slavernij der vrouw út. Anonym, lykas in soad wurk yn dy tiid, dat troch froulju skreaun waard, mei in ynhâld dy't op poaten stie. Under de titel Gelijk recht voor allen gie ‘Eene Vrouw’ de wetten nei en liet se sjen, dat gelikens rjocht foar manlju en froulju noch lang gjin sprekken lije koe. Dy brosjuere waard wol ferkocht; yn 1895 moast in twadde printinge oplein wurde. Omt de skriuwster sels al ferstoarn wie, waard dy printinge ynlaat mei in stân fan saken troch - en sa binne wy wer by Johanna Frederike Rutgers - ‘Mevrouw Dr. J. Rutgers, M.W.H. Houtsema’, in skoansuster fan Frederike. Troch dizze frou hie Frederike wat oer de frouljusbeweging hearre kinnen, want sy is tige aktyf op dat mêd, skriuwt deroer en giet te sprekken, ek op ynternasjonale kongressen, in hannelwize, dy't yn dy tiid gjin foech joech. Fierders wie se yn it spier foar frouljuskiesrjocht en foar in bettere oplieding fan froulju. Se ivere mei har man, dêr't de Rutgershuzen fan de NVSH nei neamd binne, foar it Neo-MalthusianismeGa naar eind22 en ek de grutte útstalling fan | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 60]
| |||||||||||||||||||||||||||||
1898 sette se har foar yn. Dizze dûmnysdochter út Britsum wie dan ek de oanwiisde figuer foar in foarwurd foar boppeneamde brosjuere. De anonime skriuwster is ek in Friezinne, nammentlik Geesje Feddes, frou fan notaris C.H. Beekhuis fan Bútenpost. In lyts sitaat út dy brosjuere:
De misdadiger is slechts tijdelijk gekerkerd, het verkochte meisje kan op vrijkooping hopen, voor de gehuwde vrouw geene uitkomst dan de dood! En nu, is zij niet slavin: Der wie in soad wurk foar de frouljusbeweging te dwaan. Faak waard dy beweging foar mear rjochten fergeleken mei de striid tsjin de slavernij, sa't dy doedestiids fierd waard. Mill wiisde dêr yn syn boek al op en ek by oare skriuwers komme wy dat hieltyd tsjin. Kiesrjocht, rjocht op wurk, rjocht op ûnderwiis binne in pear fan dy saken, dêr't froulju har foar ynsetten. Rjocht op wurk, ik skreau it al earder, waard fral út it fermidden fan de boargerij om frege. Arbeidersfroulju koene wol wat oars betinke. En doe't de wantastannen ûnder arbeiders hoe langer hoe mear bekend rekken, waard der oanstjoerd op arbeidsbeskermjende maatregels. Froulju moasten dêrby in koartere wurkdei hawwe as manlju, dan koene se thús earst de boel oprêde, ear't heit thúskaam(!!). De tsjinstelling tusken de froulju út de frouljusbeweging en dy út de arbeidersbeweging is grut en nei wat sukseskes fan de arbeidersbeweging wurde de froulju út dy fermiddens al gau oan 'e kant skood, mei it argumint, dat se in geskikt propagandamiddel west ha, mar dat it no om de rjochten fan de arbeider(sman) gietGa naar eind23. Dêrom organisearren de froulju út dy rûnten har los fan de arbeidersbeweging. Mar dat is al wer letter yn de tiid.
Dat froulju út dy fermiddens gjin tiid hiene om literatuer te produsearjen, sil dúdlik wêze. De frouljusliteratuer út dy jierren is dan ek ôfkomstich út de boargerlike fermiddens, of lykas Showalter dat skriuwt: ‘the daughters of the | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 61]
| |||||||||||||||||||||||||||||
uppermiddle class, the aristocracy and the professions’Ga naar eind24. Wat foar Ingelân jildt, jildt ek foar Nederlân en Fryslân. Sa stadichoan haw ik al hiel wat dûmnysdochters neamd en ek de lêste beide hearre ta dy kategory. Sawol Trui Jentink (1852-1918) as Sjoukje Bokma de Boer komme út datselde fermidden. Foar beide jildt boppedat in ekonomyske needsaak om te skriuwen; by Trui Jentink al rillegau, omt sy en har man, Oebele Stellingwerf fan de skriuwerij bestean moasten. Foar Sjoukje Bokma de Boer (1860-1939) of, om har mei har skriuwnamme te neamen: Nynke van Hichtum, ûntstiet dy needsaak nei har skieding fan Piter Jelles. Nynke van Hichtum heart by it skift fan de skriuwsters foar bern, dy't fral yn Ingelân om dy tiid hinne yn grutte tallen nei foaren komme. Yn it tiidrek dat hjir beskreaun wurdt, is Nynke van Hichtum noch net sa bekend. Se skriuwt foar bern yn it tydskrift For hûs en hiem en jout yn 1887 in bondeltsje folksferhalen út, dy't se foar bern neiferteld hat, Teltsjes yn skimerjoun. Har wichtichste wurk komt lykwols earst nei 1900 út en dêrom wol ik dat hjir fierders net neame. Faaks dat ik op in oar plak dêr nochris op weromkom. Trui Jentink har literêre aksje fait wol foar 1900. Dat spilet him fral ôf yn de krante, dy't sy mei Oebele Stellingwerf fersoarget, it Friesch Volksblad. Dêryn is se net allinnich as sjoernaliste warber, se fersoarget ek feuilletons en dat ha der yn de jierren dat de krante bestien hat hiel wat west. Yn 1941 jout M. Braaksma in novelle fan har út, Hwerom Rinkje by de thé gjin slokje ha woe, mar by har libben is fan al dat wurk neat yn boekfoarm útkommen. Men freget jin ôf, hoe't soks kin, want der is hiel aardich wurk by, benammen as men dat ôfset tsjin it wol yn boekfoarm ferskynde wurk fan oaren (manlju). Hat dat te meitsjen mei it net hielendal earnstich nimmen fan har wurk, of spilet de ferneamde selssensuer fan skriuwende froulju, dêr't Virginia Woolf it yn har wurk hieltyd wer oer hat, in rol? It anonym of ûnder in manlik pseudonym skriuwen hat dêr grif al mei te meitsjen: net foar eigen wurk ferantwurdlik wêze doare, lykas dat yn de frouljusliteratuer wol gauris nei foaren komt, mar ek dêrbûten by wurk fan froulju. Trui Jentink is sa selsbewust, dat se har stikken ûndertekenet, mei har inisjalen. Se stie folop yn har eigen tiid; aktyf wie se binnen de arbeidersbeweging en de frouljusbeweging. Har koarte(re) rokken en har ‘polkehier’ hiene de minsken argewaasje fan en ek har sprekken op gearkomsten paste net. Mar dat koe Trui net it measte skele, se gie har gong. Yn har artikels foar krante en tydskrift (ek yn tydskriften fan de frouljusbeweging lykas Evolutie en Belang en Recht sette se har ideeën útien. Yn har ferhalen komt dat minder direkt nei foaren mar tusken de rigels is dêr ek noch wol wat te finen. Wurk fan in feministysk skriuwster út de njoggentjinde ieu besjen mei de eagen en de kritearia fan it feminisme fan 1985 is ûnferstannich. Dêrtroch krijt men in | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 62]
| |||||||||||||||||||||||||||||
falsk byld, dat net strykt mei de tiid fan ûntstean. Dat is ek it gefal by it wurk fan Trui Jentink. Sa beskriuwt sy, lykas ik dat al earder neamde it sinleaze bestean fan in boargemastersfrou dy't neat om hannen hat yn In oannomd bern. Dat bestean krijt lykwols doel mei it fersoargjen en grutbringen fan in bern, al is dat dan net har eigen. Feministen fan distiid soene sizze kinne: Is dat alles? Mar Trui Jentink sjocht, krekt as de oare froulju, ek fan de frouljusbeweging, it troud- en memwêzen as it ideaal fan en foar de frou, in ideaal dat har libben doel en sin jout. Dêr steane oare saken foaroer yn it wurk fan Trui. Sa bygelyks it ûnderwerp fan it ûndersyk nei it heitwêzen. By wet wie regele, en dy wet wie ûnder Napoleon al ûntstien, dat it ferbean wie ûndersyk nei de heit fan in ‘ûnecht’ bern te dwaan. Dy dûbele moraal - fan oan de iene kant de frou dy't alle noed en soarch, mar ek it lijen en de kladde op har dak krige, en fan oan de oare kant de man dy't alle ferantwurdlikheid wegerje en oan de kant lizze koe - stie de feministen fan dy tiid net oan. Yn 1896 waard de minister fan Justysje en yn 1898 de Twadde Keamer in adres dêroer oanbean. Trui Jentink snijt it û.o. oan yn har ferhaal In baes fen in fjildwachterGa naar eind25. Sterk is, dat sy it yn in petear tusken twa manlju op it aljemint bringt; de lêzers sille it dan faaks better oannimme wolle, moat sy tocht hawwe. Sa soene der mear dingen nei foaren brocht wurde kinne, bygelyks, hoe tekenet sy de frouljusfigueren - juffer Koartsma út it lêstneamde ferhaal wurdt, fral yn it begjin tekene as in flinke frou, dy't sels it heft yn hannen nimt -, bringt se bepaalde idealen ek oer op sympatyk tekene manlju, lykas dat yn de Ingelske feministyske literatuer fan dy dagen wol barde, en sa mear. Dêr soe in neiere stúdzje oan wijd wurde moatte. Drankbestriding komt yn de earderneamde novelle oer Rinkje nei foaren. Har skriuwerij begjint se yn de Bijekoer, dêr't yn 1879 in troch har bewurke fers fan J.W. Yntema yn ferskynt en trije jier letter in fers fan harsels. Nei har yn 'e kunde kommen mei Oebele Stellingwerf troch dy syn omke Waling Dykstra wijt se har alhiel oan it Friesch Volksblad. Har fierdere foarming docht se - hast tsjin de ferdrukking yn - op, omt har man hast blyn is en sy him alles foarlêze moast. Dat krijt syn útwurking yn 'e krante. Nei syn dea yn 1897 is sy û.o redaktrise fan it Friesch Landbouwblad; nei oanlieding dêrfan neame de lêzers fan dat blêd har faak it ‘krantewyfke’. Mar ek foar oare kranten en tydskriften is se warber, lykas foar de Ljouwerter Krante, De Groene Amsterdammer, en it feministyske frouljusblêd Belang en Recht. Yn 1902 leveret se in ferslach foar dy lêste krante oer in útstalling yn Ljouwert oer ‘Friesche Kunst, Kunstnijverheid en Huisvlijt.’ Se neamt hjiryn ek de útstalling yn Den Haach, dy't ik yn it begjin fan it artikel al neamde en dêr't ik no | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 63]
| |||||||||||||||||||||||||||||
ek mei beslute wol. Dy útstalling hie yn 1877 al in foarrinder hân yn Fryslân, in útstalling op wat lytsere skaal as dy fan 1902, mar wol rjochte op de keunstsinnige kant fan frouljuswurk. Yn Den Haach yn 1898 gie it om in folle breder skala, om frouljuswurk yn de meast brede sin fan it wurd. It wurk fan fammen by har ‘mefrou’, it wurk yn de fabriken, it wurk yn de keunstsinnige sektor, alles krige syn gerak. Neeltsje Lettinga is in Fryske keunstneresse dy't yn dy tiid hieltyd mear bekendheid mei har wurk kriget en op de útstalling fertsjintwurdige is. Om de útstalling hinne waarden alle mooglike aktiviteiten organisearre. Sa waard û.o. in kongres foar tsjinstfammen holden, dêr't ek it inisjatyf ta it oprjochtsjen fan in ‘dienstbodenvakbond’ nommen waard. Mar ek dêrbûten ûntstiene de diskusjes oer froulju en wurk, rjocht op wurk en gean sa mar troch. De útstalling betsjutte safolle as in trochbraak en joech de froulju út de frouljusbeweging moed om fierder te gean. Ien fan de bliuwende risseltaten wie, dat fan it batich saldo in ‘Nationaal Bureau voor Vrouwenarbeid’ yn Den Haach oprjochte waard. Affysje Nationale Tentoonstelling van Vrouwernarbeid, 1898. Ut: W.H. Posthumus-van der Goot e.a., Van Moeder op Dochter.
| |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 64]
| |||||||||||||||||||||||||||||
Al mei al levere it begryp frouljusliteratuer foar de Fryske literatuer út de njoggentjinde en de dêroan foarôfgeande ieuwen noch net sa'n soad op, yn de útlis oan it begryp sa't ik dy oan it begjin jûn haw. Dochs soe it nijsgjirrich wêze om nochris wat djipper yn de matearje te dûken. Benammen in figuer as Trui Jentink fertsjinnet it om neier bestudearre te wurden, mei de tiid en it fermidden dêr't sy yn stie. It lêste wurd is dêrom mei dit artikel dan ek perfoarst net sein. | |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 65]
| |||||||||||||||||||||||||||||
Literatuer:Algemien (in karút):
| |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 66]
| |||||||||||||||||||||||||||||
Spesifyk oer Fryslân:
| |||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 67]
| |||||||||||||||||||||||||||||
|
|