Trotwaer. Jaargang 17(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 44] [p. 44] Margryt Poortstra Bekenne aaklik ticht komst my op 'e hûd dyn sêft liif is my sa eigen dat myn fingerseinen prykje it triljen fan dyn fel dat licht de eagen fangt yn feilich skûljen taast my te djip yn 't moed foar deagewoan sykjend tear ik myn ferealens frij yn wurden swijend glimkje wy dit witten yninoar: in frou in frou en twa fielt faken sa besibbe [pagina 45] [p. 45] Frou hjoed lien ik in lytse maskerade reade rokken heech op 'e hakken blau boppe de eagen de hannen fan hier oer heupen widzjend fan waaksdom de spegel glimket my wer ta sa Vorige Volgende