Trotwaer. Jaargang 17(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 42] [p. 42] Baukje Wytsma De findeldrager Hear ik de tromme dy't sa twingend slacht, komt de ynfieren findeldrager. De grutte jager mei gouden stjerren op blau-swart flewiel. Bang bin ik foar de dwylsin yn dy rigen, wars fan de rook fan lear en blinkend stiel. Lûd stampe learzens oer de kâlde stiennen. Dit einleas rinnen nimt gjin kear. 't Is nacht de tromme slacht, in kenber teken. Benearjend lûd op fluezen fan it sear. [pagina 43] [p. 43] De froulju Se bûge harren licht foaroer de froulju fan Renoir, Cézanne, Degas of dûnsje flinterlicht en trinten yn tutu. Se binne jong en moai en witte dat, want harren wrâld is simmersk waarm yn kleare ljochtôfwikseling fan kleuren. Se plôkje reade blommen yn it hege gers en drinke wyn ûnder in parasol. It binn' de froulju fan Renoir, Cézanne, Degas. Vorige Volgende