it keammerke follen, stuts se mei in wide swaai as jilde it it pathetysk ein fan in klassyk ballet, de hân út nei har mokka-taartsje. Se beseach it oan alle kanten en stuts der doe o sa hoeden in himpen hoekje ôf. Lang preau se nei. De measte misken, tocht se, witte net hoe't se it maksimale geniet helje kinne út in taartsje. Se happe mar en prate ûnderwilens hûndert út. Stom! Priuwe moat yn stilte barre. Lykas no, sa.
Doe't se it lêste krommeltsje mei de wiisfinger opdipt hie, kaam se stadich oerein om de oare beide taartsjes út 'e keuken te heljen. Mei wazige eagen seach se nei de kleurige bylden fan 'e video.
In minske wurdt hast ferplichte om trije taartsjes tagelyk te keapjen, tocht se berêstend, wylst se mar net út 'e rie komme koe, hokker oft se no nimme soe. Ast ien taartsje keapest, wurdst mar wat nuver oansjoen. ‘Ien?’ freegje se dan ek noch ris, as hiene se it net goed ferstien. ‘Ja, ien’ moatst dan antwurdzje, fol skuld en skamte, heal om heal op it punt steand om dy frij te pleitsjen. De klean spanne dy ynienen om 'e hûd en wurdst waarm oant it swit dy útbrekt.
Hjoed kaam dat nije buorfroutsje har fluensk op 'e side: ‘Is it hjoed jo jierdei, buorfrou?’ krekt doe't se op sprong stie om der út.
Wêr bemuoide it frommis har eins mei? Se hie earst suver mei de mûle fol tosken stien en doe noch krekt betinke kinnen, dat har broer en de frou op besite kamen. Besite?! Se hie al yn gjin oardel jier besite hân. De meteropnimmer en ris in Jehovagetuge oan 'e doar, dan hold it wol op.
Bliid ta, tocht se. Har eagen dwaalden fan 'e televyzje nei de besleine ruten en samar, tagelyk mei de lêste happen fan it tredde taartsje, slûpte har sa'n klef mankelyk gefoel yn 'e mage, dat se har ferslein fielde en wurch, sa wurch. No al wist se dat se fan 'e middei wer de brot net oprêde koe, har earms en skonken fielden as lead sa swier.
Soe se oars even nei it nije buorfroutsje gean? Dy hie al sa faak sein: ‘Kom mar ris oan.’ Ach, wat moast se der ek? Se wist net iens krekt wat se mei sa'n frommis beprate moast. Twa kear en dan wie it praat meast al op. Wat in drokte om neat ek.
Se ruts har út en riste de pûde mei kersebonbons nei har ta, dy't noch op 'e tafel leine fan 'e jûns tefoaren. ‘Jo wurde te swier, mefrou. Ik moat jo warskôgje, de knibbels hawwe te folle te lijen mei it dragen fan sa'n swiere lêst,’ hammere it achter yn 'e holle. Dan mar, beswike se mar... Rêde se der mar mei..... pakke se it boeltsje mar bymekoar. In folsleine ûnferskillichheid ferdreau stadichoan dat akelige, mankelike gefoel en se seach nei de bylden fan 'e frou op it skerm, wylst se gedachteleas in bonbon yn glânzgjend read knisperpapier tusken tûme en wiisfinger naam.