Anna Hoekstra
Ik bin myn taal kwyt
Ik bin myn taal kwyt. Myn hertetaal en bertetaal bin ik kwytrekke yn de tiid. Bin ik him kwyt om't ik in frou bin, of makket it net út op it stik fan taal in frou te wêzen?
Yn elts gefal is it wol sa dat ik in frou bin, frysktalich, hikke en tein op de fryske klaai as in fikse boerefaam.
Seis jier. Ik moast nei de stêd nei skoalle om dingen te learen wêr't ik net it minste doel oer hie en wêr't ik ek gjin doel oer hawwe woe.
Myn mûle koe ik net iepenkrije om't ik net reagearje koe op de lûden, dy't myn earen opfongen en dy't mij allinne mar bekend wiene fan 'e psalmferskes. Hollânske wurden, hollânske minsken en stedsfryske bern. Fertriet, eangst en panyk waarden yn mij wekker mar gjin wurden; gjin hollânske mar ek gjin fryske wurden. Ik haw mij troch dy tiid hinne wrotten en as swart slyk om myn lichem ferneard.
Ik moast in set nei Hollân, 't swit bruts mij út; in healjier yn in hollânsktalich gebiet.
Mar der barde in wûnder.
Ik begûn te praten. In nij nuver licht gefoel kaam oer mij. Foar it earst koe ik dingen sizze sa as se yn mij libben, allinne: yn it hollânsk. It nuvere nije gefoel wie in treast foar de pine om it net yn it frysk te kinnen.
Doe't ik wer yn myn eigen lân kaam, besocht ik troch te gean mei praten. Mar frjemd, gjin ien ferstie myn taal.
Ik rekke yn de frouljusbeweging en dêr prate ik wer myn taal yn hollânske wurden mar de treast fan it nije nuvere gefoel wie fuort en de pine bleau.