Wieke de Haan
Lokkich hat Simke noait in broerke hân
Simke Kloosterman Wêrom is dy namme sa'n begryp wurden? Troch it wurk dat sy ús neilitten hat, of troch de neitins oan har persoan? Unmiskenber troch beide: persoan en wurk binne tige nau ferbûn.
Doe't Simke Kloosterman ferstoarn wie, kaam der in troch harsels opstelde advertinsje yn 'e krante mei de meidieling, dat de skriuwster fen Ruth, De Hoara's fen Hastings en It Jubeljier ferstoarn wie. Douwe Kalma, dy't har lichaamlike ‘út’ en har geastlike ‘oan’ freon wie, fûn dat hjir de triomf yn trochklonk, sokssawat as ‘myn omskot is dea, mar myn geast libbet fierder yn myn wurk’. Mei oare wurden, sa as sy harsels seach: sy wie har wurk.
Dat is dêrom sa nijsgjirrich, om't sy dêrmei oanjout hoe wichtich as har wurk foar har wie. Yn it boek Vrouwen, mannen en intimiteit, skreaun troch de Amerikaanske sosiaal-wittenskiplik ûndersykster en psycho-therapeute Lillian Rubin, freget dizze frou oan fetskate froulju om harsels te beskriuwen wat en wa't sy binne. Op in pear útsûnderings nei, anderje se allegear dat sy aardich, leaf, sêft, waarm, freonlik, soarchsum, attint, hertlik en belangstellend binne, dat sy goed nei oaren harkje kinne, ensfh., koartsein: de typyske dingen dy't meastal oan froulju taskreaun wurde en suver hast stereotyp binne foar de besknuwing fan de froulike persoanlikheid.
Noait ien dy't harsels beskreau yn relaasje ta har wurk. Hoe't it ek sein waard, dúdlik of minder dúdlik, yngewikkeld, of minder yngewikkeld, it idee wie itselde: ‘Myn wurk is wat ik doch, net wat ik bin’. Bewust of ûnbewust fan it gefaar dat der driget foar de frou as sy der op stiet om erkend te wurden yn har nije rol (nammentlik dy fan de op prestaasje rjochte, mooglik agressive frou, dy't sosjale rolpatroanen skeint). Gefaar foar har houlik, gefaar om mei de rêch oansjoen te wurden, of om út 'e hichte behannele te wurden of om fernedere, of lytsachte te wurden
Wy sjogge dat manlju harsels wol frijwol útslutend fia har wurk definiearje en froulju hast allinne mar fia harren relaasjes. Lillian Rubin soe wol graach sjen wolle, dat minsken harsels nòch oan 'e hân fan har wurk, nòch oan 'e hân fan harren relaasjes definiearje soenen. It is de sosiologe pas goed nei 't sin as de minsken sizze. ‘Ik wurkje ik libje, ik leavje, dus ik bin’.
Boppedat seit sy dat ien fan de wichtichste maatskiplike ferskynsels de machtsferhâlding tusken manlju en froulju is. Neffens har wit elkenien dat