Anny de Jong
Moeting mei Rixt
Wat der no krekt earst wie, de leafde foar de bondel sa't er der út seach of dat fuort de ynhâld my al yn 'e besnijing hie, is min te sizzen. Wol wit ik, dat foar my de tredde printinge fan de gouden rider set út de Atlas-letter noch altyd ien fan de meast fersoarge bondels is. Oan de bondel is foargoed te sjen dat Rixt fan moai hold en dat de útjouwer dat graach honorearje woe. It heucht my noch goed hoe't dy moetingen mei Rixt ta stân kommen binne. It sil noch yn de kweekskoalletiid west hawwe, doe't ik de gouden rider ûnder eagen krige, mar fan de skriuwster en har eftergrûn wist ik neat. Der gie dan ek in wrâld foar my iepen doe't yn it begjin fan de santiger jierren Poortinga op de M.U. kursus, op syn (men moat it meimakke hawwe) eigen wize in anekdotyske bydrage joech oan de literatuerlessen. Hy fertelde fan de opteinens fan Rixt doe't hja mei kedize mocht hoe't de bondel der útkomme soe te sjen en dat hja neffens him noch goed sûn wie en altyd ree om oer har wurk op 'e tekst.
Soms hat it sa syn fertuten as men tangele is mei in min hânskrift.
Ik moat meast twa kear oer foar't it my sinniget en sa fûn ik it kladbrief fan it earste skriuwen oan Rixt
Ik skreau yn dat brief dat benammen ‘'k Sil foar dy sjonge’, ‘langstme’, ‘allinne’ en ‘joun’ my tige oansprutsen.
Nijsgjirrich is it om te merken, dat men, no't men âlder is, in oare kar dwaan soe.
Yn de hjerst 1971 kaam it antwurd fan Rixt. Oan it skrift te sjen, dúdlik in minske dy't muoite hie de pinne te stjoeren. Mar oer de geast wie se noch folslein de baas. Humor en in krom selsspot komme yn it brief om de hoeke kypjen.
Se ferûntskuldiget har dat it sa lang duorre hat foar't ik antwurd krige, mar it brief wie earst op har âld adres kommen en dêrnei trochstjoerd nei it fersoargingshûs ‘Salland’ Tusken heakjes: hja is dan 84.
..... ‘en doe kaem hy net by ien sa as Poortinga my oan jo foarstelde, mar by in âld siik minske’
Se wie fuort de sikeboech fan it tehûs yn gongen en ik wie de earste dy't se skreau. It is oandwaanlik te sjen hoefolle moeite it har kostet te pinne te stjoeren. Se skriuwt: ‘It docht my deugd dat de jongerein myn fersen noch lêst en wurdearring hat foar in part derfan.’