Trotwaer. Jaargang 17(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 70] [p. 70] Tineke Steenmeijer-Wielenga Tas Der binne dagen dat ik wenje yn myn tas myn reisdoel stiet kreas printe op it kaartsje ik haw in beurs in bûsdoek pipermuntsjes as hâldfêst en myn aginda wit wêr en hoe let. De tiid leit tusken de stasjons ik kin net iens mear avensearje de minsken prate hawwe waar, in kwaal ik even net in frou seit mei myn mûle tankewol. Der binne dagen dat ik wenje yn myn tas myn lotsbestimming is kreas printe op it kaartsje jim foto's glimkje ik hoech net ik haw in lipstick pinne kaam en kaai en nimmen wit dat ik dat bin. Vorige Volgende