Trotwaer. Jaargang 17
(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 3]
| ||||||
Sheherazade
Sheherazade van het neevlig Noorden!
Waar winterbranding beukt uw zandig eiland,
Of leeuwrik opwiekt uit schraal zomerweiland,
Vindt gij voor vreemdste droomen simple woorden.
Sa begjint in gedicht dat Alex Gutteling (1884-1911) makke hat foar Nine van der Schaaf. Nine wie doe ûnderwizeres op it Amelân (1908-1911) en hie it dêr swier. Hja hat yn alle perioaden fan har libben in isolearre bestean laat, troch de omstannichheden, mar ek troch har eigen aard. Hja wie in stil bern, longerjend nei in kammeraatske. Minsken neamden har ‘frjemd’, dat die har sear en hja droech it mei as wat benearjends. ‘Wachten is het noodlot van de eenzamen’, soe hja letter skriuwe yn har boek mei persoanlike oantinkens In de stroom (1956). Op it Amelân geniete hja fan de blommen en de fûgels, orchideeën en ljurken, fan de stilte en rêst dy't doe noch hearsken op 'e ‘ouwe pol’. De natoer wie har altyd in boarne fan treast, mar hja libbe ek graach mei de minsken. Op it eilân prate hja mei âlde seekanters, hja harke nei har ferhalen en learde dêr pandoeren. Yn skoalle fielde hja har lykwols net op har plak. Trije klasen moast hja ‘masterje’ en it gong har net sa min ôf, al fielde hja har in amateurskoaljuffer. De bern hongen oan har en it joech foldwaning as hja ûnderweis fan 'e skoalle yn Buren nei it kosthûs yn Nes de lietsjes sjongen hearde dy't hja yn 'e klasse oanleard hie. It ûnderwiis hie har hert net. Nine van der Schaaf woe skriuwster wêze en hja hope hyltyd wer mei in boek foldwaande jild te fertsjinjen om der fan libje te kinnen. ‘Het is verdrietig te bedenken hoe eindeloos-vergeefs die verwachting was.’ Doe't hja 17 jier wie, hie hja it âldershûs en Akkrum ferlitten om yn Den Haach as twadde faam te tsjinjen by de widdo de Frémery-Hisser. Doe al | ||||||
[pagina 4]
| ||||||
Fers fan Alex Gutteling oan Nine van der Schaaf.
Hânskrift fan Mientje Gutteling-de Vries. | ||||||
[pagina 5]
| ||||||
dreamde hja derfan toanielspylster of skriuwster te wurden. Tusken blouses en skelken hie hja it begjin fan in roman yn 'e koffer. Yn 'e stêd woe hja by in grutte boekhannel der ris nei fernimme, hoe't men it oanlizze moast om soks publisearre te krijen. Nei in pear wike joech hja dat naïve plan oer. Earst moast hja besykje wat mear ûntwikkeling op te dwaan. In jier letter débutearre hja mei in ferhaal yn in lyts tydskrift (fan Thérèse Hoven). Nine hie it Een vriendschap aan de zee geboren neamd, mar sûnder oerlis mei har waard de titel feroare yn it folle minder dichterlike Na regen komt zonneschijn (1900). Hja krige der f 25,-- foar. Nine wurke foar in lyts lean. De earste wiken yn 'e stêd wie hja slim ûnwennich. Alle jûnen skreau hja nei hûs, mar se poste dy brieven mar om 'e safolle tiid omt it oars te folle oan postsegels fergje soe. Fan har heit dy't wol wat mei fielde fan de ferwachtingen dy't hja yn har omdroech, skreau hja: ‘Het was alles een beetje droevig omdat zijn gevoelens wat onontgonnen, woordloos en machteloos waren.’ Anthonie Donker skreau yn Critisch Bulletin yn 1932: ‘Het werk van Nine van der Schaaf is, ook waar het zwak is, nooit banaal, het heeft altijd een voorname houding, het alledaagsche is er nooit helemaal van het wonder verstoken.’ Yn in artikel dat Sjoerd van der Schaaf by de dea fan syn muoike skreaun hat, hat er besocht te ferklearjen hoe't it mooglik wie, dat Nine van der Schaaf al yn har iere wurk sa'n heech artistyk peil berikt hie. Foar in part mient er dat taskriuwe te kinnen oan in ‘familiaire beschaving’ dy't hja fan hûs út meikrigen hie. ‘Zij vertegenwoordigt echter ook een stuk emancipatie door zo beslist en zelfbewust geen genoegen te nemen met de plaats die de Friese sociale rangorde toekende aan talent van kleine luiden.’ Nine har Haachske mefrou die in protte oan maatskiplik wurk. Opmerksum wurden op it útsûnderlike fan har nije help hat hja Nine yn steat steld lessen te folgjen, sadat hja yn 1901 de leger-ûnderwiis-akte helje koe. In Sieuske kunde fan mefr. de Frémery, juffer J.J. Berdenis van Berlekom (de skoansuster fan F.M. Wibaut) joech har fergees Frânske les. Foarlopich wie der by it ûnderwiis gjin plak, alhielendal net foar ien sûnder akten foar ‘vrije en ordeoefeningen’ en ‘nuttige handwerken’. Nine wie lykwols tige handich mei de nuddel en makke letter borduerwurk foar de winkel fan Margaretha Verwey. It publyk seach tsjin dy aparte hantwurken like frjemd oan as tsjin har ferhalen en gedichten. Underwilens hiene in pear sketskes fan har hân plak krigen yn Lente, it tydskrift fan Margaretha Meyboom. Nine van der Schaaf begûn in selsstannich bestean as keamerbewenster yn Amsterdam en woe mei skriuwen en mei naaien foar in reform-winkel oan de kost komme. It wie in heukerich bestean en yn 1905 reizge hja wer nei Fryslân omt troch sykte har help thús nedich wie. Yn in lyts tryst hûs yn Akkrum skreau hja doe Santos | ||||||
[pagina 6]
| ||||||
en Lypra, ynspirearre troch har ferearing foar in kreaze, jongferstoarne pianolearares, mei wa't hja yn Amsterdam yn 'e kunde kommen wie. Letter, werom yn Amsterdam, die hja in skoft de húshâlding foar twa maatskiplik wurksters: Gijs Hesselink en Lize Uyldert. Lize har broer, de skriuwer Maurits Uyldert stelde Nine foar oan Albert Verwey. Dy wie optein oer har wurk en pleatste Santos en Lypra yn syn nij tydskrift De Beweging (1905-1919). Ek Aan de overzij van den zandzoom, Amanië en Brodo, Heerk Walling (die een veertig jaar geleden jong was), it toanielspul Socialisten, har Liederen, gâns ‘sproken’ en de measte fan har gedichten waarden earst yn dat tydskrift publisearre. Op de boekútjeften fan de earste romans reageärre de krityk moai geunstich. Frij algemien waard in fergeliking makke mei it doe populêre Quia Absurdum fan Nico van Suchtelen, mar in protte lêzers krige Nine van der Schaaf net. Hja skreau te apart. De Beweging wie in reäksje op de naturalistyske oerhearsking fan it wurd yn de Nieuwe Gids-streaming, dêr't Van Deyssel doe de liedende figuer yn wie. By de skriuwers fan De Beweging (Verwey, Gutteling, Uyldert, Van Suchtelen, Van Eyck) krige it wurd wer in tsjinjende funksje, de dielen wiene ûndergeskikt oan it gehiel, de ynslach wie net serebraal, mar wiisgearich. Foar in part kin it wurk dat yn De Beweging publisearre waard, rekkene wurde ta de neo-romantyk. Nine van der Schaaf is letter ien fan de meast útsprutsen draachsters neamd fan de ideeën en it stribjen fan de literêre en geastlike rjochting fan de groep om De Beweging hinne. Verwey achte Santos en Lypra (1905) wichtich en tige oarspronklik, Menno ter Braak, de soan fan Geertruida Alida Huizinga, in justjes âldere en doe mear ûntwikkele freondinne fan Nine yn har Haachske jierren, hat har letter in tige persoanlik en ûnôfhinklik talint neamd: ‘Zij zou een vrouwelijke Van Schendel kunnen zijn, een Van Schendel uit de vroegere jaren wel te verstaan, zoo verdroomd en ijl is de toon, zoo weinig forschheid heeft het feitelijke in verhouding tot de ietwat zwak-vrouwelijke uitbeelding van de menschen.’ Har ynbannigens is echt, neffens Ter Braak. Dat ferdreamde, ûngrypbere hawwe benammen har iere ferhalen, sketsen, dy't hja ‘sproken’ neamde. Dy ‘dreamferhalen’ stiene bûten de werklikheid. ‘In mijn eerste vijf verhalen (benevens kleinere schetsen) is mijn werk weinig aan de “werkelijkheid” gebonden. Nu leefde ik en leef ik altijd voor een deel buiten de “werkelijkheid”. Wel voelde ik mij altijd gebonden te zoeken naar waarheid. De schoonheid hoef ik niet te noemen, dat is de vanzelfsprekende drang in elke kunstuiting. En het schone omsluit elke andere gewetenswet. Ik moest mijn stof zoeken waar ik het meest geboeid was. Dat was dan voor mij het meest werkelijke, zonder aanhalingstekens. Als ik dan later in die werkelijkheid meer “werkelijkheid” kon uitdragen dan hield dat zeker een | ||||||
[pagina 7]
| ||||||
ouder en een menselijk-rijper worden in. Ook een sterker worden?’ (In de stroom) Annie Romein-Verschoor, dy't yn har proefskrift De Nederlandsche romanschrijfster na 1880 (1935, promotor Albert Verwey) Nine van der Schaaf mei Henriëtte Roland Holst-van der Schalk mooglik de oarspronklikste skriuwster fan har tiid neamt, hat ek skreaun: ‘Het werk van Nine van der Schaaf is een levende loochening van de opvatting, dat alle fantasie den Hollander vreemd is.’ As hja besiket Nine te karakterisearjen brûkt mefrou Romein oantsjuttingen as ‘geest van een waternix’, ‘vrije Puck-achtige geest’, om har ûnôfhinklikens fan moade of literêre tradysje oan te jaan. ‘Het eerste boek van Nine, van der Schaaf toont een zo natuurlijke onafhankelijkheid van geest tegenover het tot een druk geworden realisme van haar tijd, dat er zelfs van een programmatisch verzet tegen dat realisme niets te bespeuren valt. Daarom noemde ik haar een vrijgeborene. Vrij van iedere literaire traditie of drukkend voorbeeld. Vrij ook van de Hollandse burgerlijke beschaving, het noodlot vooral van onze vrouwelijke auteurs, waar haar afkomst als Fries dorpskind haar buitenstelde en waaraan haar geest van een waternix zich nooit poogde aan te passen.’ De iere ferhalen binne opboud út in barbaarsk-barokke rige fan motiven, ûntliend oan de eigentiidske wrâld likegoed as oan de histoaryske, eksoatyske en mytyske. (A. Romein-Verschoor) Dat bringt ús op de symbolyk yn har wurk. Mei alle assosiaasjes, ferwizingen, rykdom fan motiven dy't net altyd op elkoar oanslute, mar ek wolris as wetterplanten yn elkoar om kringelje toane de ‘sproken’ besibbens mei it symbolisme yn de byldzjende keunst, de Jugenstil-streaming, dêr't de nammen fan Jan Toorop, R.N. Roland Holst en Thorn Prikker oan ferbûn binne. ‘De vindster van deze verhalen doet zich aan onze verbeelding voor als een uit de Friese meren opgedoken watergeest, die met klare ogen de mensen aanziet en hun wegen doorgrondt, maar hun taal niet verstaat en hun lange, drukkende geschiedenis niet kent. Met de rusteloosheid van zo een met eeuwige jeugd begaafd natuurwezen zweeft haar aandacht van mens tot mens als een vlinder van kleur tot kleur.’ (A. Romein-Verschoor). Verwey miende dat Santos en Lypra furore meitsje soe, ‘niet misschien onder de nuchtere menigte, maar in een aantal harten, die hongeren naar schoonheid en wie de vaalheid van hun bestaan wanhopig maakt.’ Gij ziet de wereld nauwlijks, maar geheimen
Van 't diepste leven wikklen zich als vlindren
Uit vaag omhulsel en gij vangt ze als kindren
Als godverdwaasde dichters rijkste rijmen.
| ||||||
[pagina 8]
| ||||||
Alex Gutteling skreau in gedicht foar Nine van der Schaaf om har te treastgjen yn har ballingskip, har teloarstelling om it útbliuwen fan súkses. Mar hy stjoerde har dit fers net. Nei syn dea hat syn frou Mientje Gutteling-de Vries, in trou freondinne van Nine, it foar har oerskreaun. ‘Voor Nine van Alex Gutteling’. Nei't Nine yn in brief har hert útstoart hie foar har freonen, hat Alex wol op oare wize - ek yn in brief - besocht har wer moed yn te sprekken: ‘Ik geloof dat je een tijdelijke kentering doormaakt: op de hartstochtelijke scheppingsdrift van de laatste jaren moest die wel volgen, zoals zij altijd volgt, en bij jou des te sterker, omdat je ongetwijfeld een groote teleurstelling ondervonden hebt, toen je merkte dat je de menschezielen niet stormenderhand dwingen kon tot het zien van je schoonheid. Maar als je je bewust geworden bent, dat dit onvermijdelijk was, en dat juist de grootste oorspronkelijkste schoonheid jaren, soms eeuwen noodig heeft om de menschen te bereiken (...); dan zul je weer moed krijgen tot een nieuwe strijd, een minder onstuimigen misschien, maar niet een minder diepen.’ (Sept. 1909). | ||||||
Het neevlig NoordenNine van der Schaaf wie in Friezinne, mar yn har wurk hat hja har memmetaal net brûkt. Hja wie in Frysk bern, folle mear as Slauerhoff of Vestdijk ea west hawwe. Berne yn Terherne (1882) en opgroeid yn Akkrum, dêr't hja hinne ferhuze doe't hja seis jier wie. Har âlden bleauwen dêr oant de dea fan heit yn 1912. Dêrnei wenne Nine har mem by har, earst yn Driebergen, sûnt de tweintiger jierren yn Santpoort. Sjoerd van der Schaaf sr. wie timmermanssoan en moast timmerman wurde. Hy boude û.o. de Fermanje yn Terherne, in tsjerkje dêr't er sels foarsjonger yn wie. Mem, Antje Boetje, wie in skippersdochter, dy't wat mear fan 'e wrâld sjoen hie, al gie it net folle fierder as Flaanderen, de Hollânske havens en Leiden, dêr't hja as jongfaam tsjinne hie. Foar har trouwen wie hja huoddemakster. Der is in kaartsje bewarre bleaun: ‘A. Boetje, in Zijden- en Stroohoeden te Akkrum.’ Doe't har man it timmerjen oerjûn hie en de kost fertsjinne mei in hannel yn branje, naam hja it âlde hantwurk wer op. Hja breide ek wol op bestelling en letter hie hja kostgongers. Nine hie in feilich thús by har âlden en broer Thomas dy't 3½ jier âlder wie. Net in fleurich thús. Fan harsels skriuwt Nine dat hja gjin gefoel foar ‘joligheid’ hie en neamde dat ‘een fataal gebrek’. As hja as famke ris mei mem op besite is, fernuveret hja har oer de toan fan dy minsken. Man en frou pleagen elkoar guodlik en dat joech de yndruk, dat hja bliid wiene mei elkoar, lokkich. Dat koe Nine fan thús sa net. Heit en mem wiene grif ek wol wiis mei elkoar, mar uteren dat net. Der wiene altyd jildsoargen, trije berntsjes ferstoaren jong; in lyts suske, doe't Nine omtrint 7 jier wie. ‘Mijn ouders waren wat bedroefde mensen.’ Mem ‘was van een wonderlijke | ||||||
[pagina 9]
| ||||||
onbewuste eenzaamheid’. ‘Mijn leven later als schrijfster met weinig succes, arm en eigenaardig, nooit bijzonder gezocht en tenslotte zwak en verlaten met enkel een beetje ruggesteun om een bestaan met schrijven en eenzaamheid voort te zetten is voor haar een grote, zij het langzame verrassing geweest. Toen zij, in ons laatste samenleven, zo gedurende haar leeftijd van 70 tot 90 jaar die verrassing volkomen in zich had opgenomen, hadden we onze eenzelvige levens vredig naast elkander.’ Sjoerd van der Schaaf jr. fertelde, dat Nine him, doe't hja al op hege jierren wie, noch ris sein hie: ‘Heit en mem hiene noait út Terherne weigean moatten.’ Neffens syn pakesizzer waard âlde Sjoerd yn it lytse doarp achte om syn fakmanskip, mar koed er yn Akkrum net mear meikomme yn de feart fan 'e opgeande tiid mei syn yndustrialisaasje, dêr't produksje mear telde as degelikheid. Yn Akkrum, in grutter plak, dêr't de yndustriëlen dy't de woltier brochten, fuortkommen wiene út de boerestân en dêr't gjin adel wenne, woegen de sosiale ferskillen tusken de boargers swier en sukses wie beskiedend foar de rangoarder Winliken wie 't net sa't it hearde, dat Thomas en Nine yn skoalle útblonken boppe bern fan âlden, dy't it gâns better dwaan koene. Houtfyk Fokko Mees
Ut: Nine van der Schaaf Friesch Dorpsleven, 1921. | ||||||
[pagina 10]
| ||||||
Yn Heerk Walling (Friesch dorpsleven uit een vorige tijd) kin de freon fan Heerk, timmerman Germen it net oprêde. Op oanstean fan syn frou sille hja emigrearje. Germen is meigeand en wol it aventoer wol oangean, mar de doarpsgenoaten hiene swak moed: ‘En zij wisten: klein en armzalig mocht het leven van de enkeling zijn, maar groot en stevig was de oude dorpsgemeenschap, die hen allen steunde en omvatte. Die daarbuiten raakte en niet sterk was leek verloren.’ As moaie mominten út har bernejierren heuge Nine van der Schaaf skoalfeest, merke en ek de sneinskuiers. Heit koe sa moai in plat stientsje oer it wetter smite, ‘saaien noemden we dat’. Mar ek as hja thús te boartsjen siet mei kraaltsjes, lapkes, strikjes, linten fan mem har huoddemakkerij, of yn 'e feilige bleek mei poppen en blommen, hie hja de yllúzje dat der hiel tichteby faaks wol in lokkiger libben lei, dat tige meikoarten begjinne soe. Hja besocht wat te begripen fan it fertriet en de soargen fan har heit en mem. Dat joech in hechte gefoelsbân. Yn In de stroom hat de skriuwster ferteld, hoe't hja ta har boek Heerk Walling kommen wie: ‘Op Ameland had ik enkele keren een dwingende verbeelding van mijn geboortedorp. Waar mijn vader zijn beste jaren had gehad. Ik dacht toen nog niet aan een verhaal. Het rood van de daken in het groen en het verleden leven van mijn voorouders en in 't bijzonder van mijn vader sprak me aan. Was dat een gelukkig leven? Nee, niet bepaald, maar een besef van geluk ging er dan toch wel van uit. Het geluk was daar mogelijk! Dat was het kernpunt van de beelden die zich bij momenten aan me bleven opdringen. En langzamerhand werd daarin de figuur van mijn vader die nu niet zo'n geslaagd leven had gehad, vereenzelvigd met een andere die wel wat op hem leek. Het geluk is mogelijk Daar, en juist zo. Ik moet dat in het licht brengen. Dat was het leidende beginsel van het werk. Alsof ik aan die oude omgeving die mij had voortgebracht dat iets terug moest geven. Nu was in het algemeen de drang: het moeilijke geluk in het licht te trekken, in mijn werk een grote faktor. Misschien de grote faktor. Het individuele geluk van gedroomde mensen met wie ik mij kon vereenzelvigen.’ Wylst Nine op it Amelân wenne rekke har pake wei. Yn deselde snuorje sukkele heit mei syn sûnens. Hy stoar yn 1912. Heerk Walling (die een veertig jaar geleden jong was) ferskynde yn ôfleveringen yn De Beweging yn 1914.
Nine van der Schaaf hearde ta de generaasje Friezen dy't ‘analfabeet’ bleauwen yn har memmetaal, mei't der op skoalle neat dien waard om de bern fertroud te meitsjen mei lêzen en skriuwen yn de eigen taal. Thús waard, dat seit himsels, Frysk praat. Allinne foar dokter of dûmny ferbrieken hja har, mar de brieven dy't heit en mem stjoerden, doe't Nine as tsjinstfaam yn Den | ||||||
[pagina 11]
| ||||||
Haach wenne en letter doe't hja - ek noch jong, en slim allinne - ûnderwizeres op it Amelân wie, wiene yn it Hollânsk: ‘Lieve Nine. Het was wel goed van je ons gerust te stellen over de koude in je kamer, we maakten ons al wat bezorgd wel begrijpende dat je nu geen kachgel zoudt gezet hebben.’ en ‘Lieve Nine. Wij zijn maar blij dat het hoofd der school je nogal bevalt en ook dat het schoolhouden je niet tegenvalt, althans zoo begrijpen wij het, daarbij ook een goed kosthuis! dat zijn vooreerst nog al voorname dingen, waar ge dagelijks mee te doen hebt.’ Nine nat dizze en ek oare brieven nettsjinsteande al har ferhuzingen har libben lang trou bewarre. ‘In mijn kindertijd was Friesland statisch tweetalig en de woordkeus in het fries was in het algemeen beperkt tot wat er in de eigen streek gesproken werd.’ De gewoane man prate Frysk, de notabelen brûkten it Hollânsk. Dat waard as gewoan akseptearre. Allinne as immen him better mei it Frysk rêde koe en lykwols Hollânsk foar kar naam om hegerop te kommen, hie men dêr de gek mei. Nine wist noch, dat har heit fan in sosjalistyske meeting thúskommen wie fol bewûndering foar in Frysk famke dat it sa kreas sein hie yn it Hollânsk. ‘Een friese man van zijn type zou in deze tijd gezegd hebben: waarom praat ze geen fries, dat verstaan we hier toch allemaal?’, skreau hja yn 1956. ‘Van het hollands op school herinner ik mij geen sensatie’, mar it wie wol in toer om útein te setten mei in antwurd yn dy earst noch frjemde taal. Juf begriep dat stûkjen wol ‘en bij een eventueel verhapstukken van de ene en de andere taal verstond ze ons als friezin toch best.’ Frisismen as dit ‘verhapstukken’ (neffens Van Dale betsjut it ‘behandelen’, ‘bedisselen’) stuitet men net faak op yn it wurk fan Nine van der Schaaf. It liket my wol mooglik, dat de germanismen dêr't har wolris in ferwyt fan makke is (‘verstoring’, ‘wichtigste’) earder op har Frysk komôf werom te fieren binne as op har koart ferbliuw yn Dútslân. Nei't Nine yn it lêste jier fan har wenjen op it Amelân slim siik wurden wie en har baan opjaan moatten hie, útfanhuze hja te Driebergen by de widdo fan Alex Gutteling. Hja soe by har yn 'e hûs bliuwe oant 1917 ta. ‘In Driebergen begon ik de verhalen te schrijven die niet meer gebouwd zijn op een deels sprookachtige onwerkelijkheid’. Yn Friesch dorpsleven uit een vorige tijd (1921), De uitvinder (1932), Een vrouw van de Vlecke (1947) en de novelle De man die won (1958) beskriuwt hja foar in part it lânskip fan har bernejierren en frisselt dêr ferhalen en oantinkens fan har âlden troch hinne. Ut eigen wjerfarren (‘het reizen met een schip had wat toverachtigs’) koe hja it libben fan in skippershúshâlding, mar foar de beskriuwing dêrfan brûkte hja ek ferhalen fan mem en de omkes Boetje. Yn De reis fan Job (1945) hat hja de mem-figuer Neeltje safolle fan har eigen mem meijûn, dat it har freonen opfoel. Sa skreau Mea Verwey har, dat hja it boek sa echt fûn, ‘omdat ik in de | ||||||
[pagina 12]
| ||||||
liefdevolle beschrijving van Neeltje aldoor je moeder voor mij zag.’ Neeltje wennet nei de dea fan har man mei har soan yn het Gooi. Yn it petear mei dy syn freonen giet it antwurdzjen har net sa flot ôf: ‘Ze deed dat moeilijklangzaam, ook omdat het hollands spreken haar nog zo nieuw was.’ Yn datselde boek komt ek dit stikje konversaasje foar tusken Neeltje, har soan Jillis en syn freon Huib: ‘Huib vroeg spoedig aan Neeltje hoe ze 't hier vond. “Mooi”, antwoordde ze. “Mooier dan Friesland?” vroeg hij gemoedelijk, glimlachend. Neeltje antwoordde weifelend, keek ernstig en wat hulpeloos. “Je bent een verleider, Huib”, zei Jillis. “Want wat, als mijn moeder in de consequentie van haar bewondering nu ja zegt? - Werkelijk verloochenen doen wij landslui ons geboorteland op den duur nooit!” Huib lachte en prees de landstrouw.’ En oer syn haadfiguer, de swalker Job Ringsma, lit Nine Jillis yn in lêzing sizze: ‘Er was een kern van diepte en vruchtbaarheid: die kern was het tehuis in Friesland.’ Yn de lettere boeken komme, faaks ek om 'e ‘couleur locale’ frisismen foar as: ‘een zeiltocht op het meer’, ‘koetsierke’, ‘lapkeskoopman’, ‘kuieren naar Janus-Akkes’, ‘ze zwalkte naar de boerderijen’, njonken gâns Fryske nammen: Atte, Oukje, Harmke, Martsen, Teake, Oene, Reitse, Jelmer, Hette, Germen, Eelke, Sipke, lede, Jikke, lefke, Wiebe, Ruurd, Rinse, Minke, Eabele, Jaring, Gepke, Inte, Fedde, Saak, Akke, Tsjibbe, Sietske, Froukje, Freerk, Hidde Gerkes, Gabe Jans, Gerke Bonnes ensfh. ensfh. By myn witten (mar ik haw net al har wurk lêzen) hat Nine van der Schaaf mar ien kear in pear wurden Frysk brûkt yn in roman. Yn Een vrouw van de Vlecke seit Saak tsjin har man, as it om it lêste siket: ‘Hast mar in min libben hawn’ (yn in noat fertaald mei: ‘Je hebt maar een droevig leven gehad’) dêr't Wieberen dan op anderet: ‘Ne, fanke, né!’ De handeling is yn de roman fan Nine van der Schaaf noait komplisearre, benammen yn de lettere net, dy't yn de werklikheid spylje. Hja byldet de dieden fan har persoanen út yn gearhing mei har sielelibben. It ferhaal is in ‘wurden’, in groeiende tastân. Wol gauris is de ein fan it boek net dúdlik en moatte de lêzers der sels oer neitinke, hoe't it fierder gien wêze kin. Hja hat in fyn gefoel foar de ûnsichtbere en net te gripen spanningen en kontrasten dy't har sûnder wurden tusken minsken ôfspylje. Har styl fan skriuwen hat wat foarnaams, grutte dingen wurde wol gauris yn 'e flecht wei meidield, sadat de lêzer op syn iepenst wêze moat, oars ûntkomt him in soad. Har boeken binne net bysûnder om de aventoeren dy't hja beskriuwt, mar om de atmosfear dy't hja der yn wit te lizzen. Oer Heerk Walling skreau in kritikus: ‘Zij ziet de stugge menschen van haar provincie niet met de belustheid van het schildersoog, den hang naar het pittoreske, maar met den waarlijk dichterlijken, van binnen uit omscheppenden blik van wie rhythme, verband, evenwicht en | ||||||
[pagina 13]
| ||||||
totaliteit in het wisselend menschenlot als eeuwig, en als zichtbaar geworden verborgenheid ervaren heeft.’ Neffens Mea Verwey yn har Levensbericht yn it Jaarboek van de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde te Leiden (1973-1974) hat Nine van der Schaaf oait twa ienakters fan 'e ler Synge yn it Frysk fertaald en oan in tydskrift oanbean, dat se wegere hat. Dat kin fansels oan 'e kwalitiet fan 'e oersettingen lein hawwe. Doe't hja as ûnderwizeres yn it earstoan gjin wurk fine koe, hat hja in jier lang in talage hân fan de filantroop C.W. Janssen mei de bedoeling, dat hja Dútske en Ingelske lessen nimme soe om tenei in fêste boarne fan ynkomsten te finen yn fertaalwurk. Mei flyt hat hja doe in tal Dútske sketsen oerset, mar har fertalingen waarden net goed ûntfongen. It slagge har net de oersettings de glâns te jaan dy't har eigen wurk sa apart makke. It ferwyt dat Mea Verwey de Friezen makket, liket my net alhiel fertsjinne: ‘Had zij van die kant ook maar enige aanmoediging gekregen, dan zou zij zich later stellig ook met liefde in het Fries uitgedrukt hebben.’* In bettere ferklearring fan it feit, dat hja nea besocht hat in bydrage oan 'e Fryske letteren te leverjen, liket my te lizzen yn it antwurd dat Nine van der Schaaf yn 1983 joech op de fraach oft hja nea langstme field hie nei Fryslân werom te gean? ‘Nee, ik heb nooit terugverlangd naar Friesland. Ik liet er te weinig achter. Het publiek dat ik gevonden had, woonde in Holland. In de beslissende tijd van mijn leven was er de groep rondom Albert Verwey, die belangstelling had voor mijn werk. In Friesland vond ik pas laat erkenning.’ Sjoerd van der Schaaf hat derop wiisd, dat it foar Nine hiel slim west hawwe soe om wurdearring te finen as skriuwster yn Fryslân. Yn it tige stânbewuste Akkrum soe it gjin pas jûn hawwe, dat in famke fan ienfâldich komôf (‘dat smoarch fanke fan Sjoerd en Ant’) it yn 'e holle krige skriuwster wurde te wollen. Foar immen as Simke Kloosterman lei dat oars: hja wie de dochter fan in man fan oansjen, hie op kostskoalle west en skreau boppedat ferhalen dy't woartelen yn it eigen fermidden. Oer syn muoike skriuwt Van der Schaaf: ‘Het heeft wel zin om vast te stellen dat vooral haar eerste boeken niet de geringste verwantschap vertonen met iets wat ooit in de Friese taal was verschenen.’ Har broer Thomas wie yn 1897 wol débutearre mei Frysk wurk yn Sljucht en Rjucht, wylst yn 1902 sonnetten fan syn hân opnommen waarden yn Forjit my net! Oant 1908 ta hat er ûnder de titel Hylke Potter oan it klokketou Fryske stikjes foar De Klok skreaun. Mar foar him gou, dat er him doe al oan 'e Akkrumer sosiale kontrôle ûntwraksele hie (yn 1893 wied er oannommen op 'e rykskweekskoalle te Dimter) én dat er tichter by hûs bleau yn syn literêr wurk as syn suster. Doe't de Jongfriezen opkamen, wie hja te folle fan Fryslân ferfrjemde om har oan te sluten en hja hawwe har grif net nijsgjirrich genôch achte om te besykjen har foar de Mienskip te winnen. | ||||||
[pagina 14]
| ||||||
Hja libbe yn 'e rûnte fan Verwey; in jier lang (1907-1908) en letter gauris foar koartere tiid makke hja diel út fan dy syn húshâlding yn it Duinhuis te Noordwijk. Hy neamde har in ‘geëxalteerde’, mar yn positive sin. Yn Proza I (1905) hat er tige persoanlik ûnder wurden brocht hokker yndruk it iere wurk fan Nine van der Schaaf op him makke hie: ‘Ik had haar zoo zeer verstaan dat het me was alsof ze, bij wijze van brief, mij een duidelijke mededeeling over haar zelve gezonden had, en een mededeeling die ik niet uit de door haar geschreven beelden behoefde op te maken of in verstandelijke bewoordingen af te zonderen, maar die als het geheel van haar uiting, juist zooals ze me die gaf, in me over ging en er leven bleef, die diep in me zonk en die ik behield voor altijd.’ Nine van der Schaaf wie in taalgefoelige frou op 'e siik nei skientme. As bern hie hja har misledige field, as minsken har ‘grou’ of ‘sleau’ neamden. ‘Of fries mooi was en of hollands mooi was had ik nog nooit overdacht, - versjes waren mooi, verder was ik nog niet gekomen.’ Maar doe't hja in útfanhuzerke op it doarp moai Hollânsk praten hearde, moat hja sokssawat tocht hawwe as ‘wat is deze echte taal een prettige verrassing!’ Yn syn besprek fan in dichtbondel fan Nine van der Schaaf yn 'e Arnhemsche Courant fan 1932 stelde Slauerhoff de kwestje oan 'e oarder fan de ûnderstelde ‘ûntrou’ fan de yn it Hollânsk skriuwende Fryske auteurs. Hy achtet it fertsjinsteliker, ek foar de provinsje, as hja ‘den Frieschen eigenaard’ yn har wurk behâlde. As foarbyld fan hoe't dat kin en moat, neamt er de Gedenkschriften fan Troelstra. Dizze resinsje sil Nine, mei har bewûndering fan jongsôf foar Piter Jelles, wol goed dien hawwe. Mei it behâld fan de eigenaard wie it, benammen yn har werklikheidsferhalen wol yn oarder. Hja hie nammers sels al jong oanfield wat de wearde fan de eigen libbenssfear wie. Doe't hja as santsjinjierrige foar it earst út Den Haach wei mei krysttiid nei hûs mocht, hearde hja op it stasjon fan Meppel in âlder pear Frysk praten: ‘Het was veel meer dan een toevallig tot je gerichte aanspraak, het was de spreektoon van een paar aan elkander gehechte mensen, een weergave van hun levenssfeer, een friese levenssfeer die ik mij op dat ogenblik sterk bewust werd.’ | ||||||
Een eenvoudig overtuigd en vurig socialistYn har autobiografy seit Nine van der Schaaf: ‘Ik was, dankzij lectuur en gesprekken van grote mensen, heel vroeg, meer dan ooit later, een eenvoudig overtuigd en vurig socialist.’ Oandwaanlik is ek it tafriel dat hja sketst fan it lytse famke dat efter de doarkes fan it bedstee leit te harkjen nei de petearen fan de grutte minsken oer sokke slimme kwestjes as godstsjinst en sosjalisme. Twa nammen hearde | ||||||
[pagina 15]
| ||||||
hja hyltyd wer en in skoft lang miende hja dat dy itselde betsjutten: Multatuli en Onze Lieve Heer. Multatuli waard in protte lêzen yn 'e rûnten fan 'e iere sosjalisten. Syn portret hong by Sjoerd van der Schaaf-en-dy oan it lewant. Fan hûs út wiene hja mennist, mar yn Akkrum kamen hja net yn tsjerke, doe't Nine lyts wie. Mem hie der gjin ferlet fan en Heit naam it dûmny kwea-ôf dat er ûnaardige dingen sein hie oer de sosjalisten. Doe't letter ds. D. Kossen yn Akkrum stie, dy't it sosjalisme in ‘edel streven’ neamde, reizge Heit wer trou hinne. By ds. Kossen hat Nine op katechesaasje west en hy hat it ek west, dy't foar har in tsjinst fûn yn Den Haach. Heit hie koarte tiid lid west fan de âlde Sociaal-Demokratische Bond en twivele lang oer de goede rjochting. Moasten hja Domela Nieuwenhuis folgje of mei Troelstra meigean? Earst liezen hja Recht voor allen, letter De Baanbreker. Troch syn hannel yn branje hie Van der Schaaf in protte kontakt mei lytse turfskippers út de Súdeasthoeke. Dy ferwachten sûnder betingst it heil fan ‘dy man’ dy't by har west hie te sprekken. ‘Dy man’ wie fansels Domela. Geart Lourens van der Zwaag mei syn wykblêd De Klok bleau by de ûnderlinge striid tusken de rjochtingen in algemien wurdearre elemint. Troch dy krante kaam Nine foar it earst yn kontakt mei ‘de grutte literatuer’. Hja lies de motto's fan Vondel en Goethe dy't yn 'e kop fan De Klok fierd waarden. ‘Ik was een graag lezend kind’, maar ‘een goed fries boek ben ik in mijn kindertijd niet tegengekomen.’ Hja koe wol Fryske sangen. In âlder famke learde har in fers oer Radboud, dat hja moai fûn, mar it Frysk folksliet koe hja net wurdearje mei syn ‘bombast over het bloed dat in je aderen moet koken en bonzen omdat het beste land van de aarde bezongen wordt.’ Heit hie wolris wat fan de Halbertsma's en Waling Dykstra lêzen, mar as er foarlies wie it net út dy boeken, mar út wurk fan Multatuli en Dickens. Mem hie it mier oan ‘grappige’ lektuer. Doe't Nine mei trettsjin jier fan skoalle kommen wie om Mem by te stean yn 'e húshâlding, lies hja in protte boeken út 'e Nutsbibliotheek, û.o. Potgieter en Vorstenschool van Multatuli. Letter soe hja yn Den Haach Willem Royaards Saïdja en Adinda en Hef Gebed van de Onwetende foardragen hearre. Dat makke in oerweldigjende yndruk op har. Yn de romantyske boeken, dy't hja ek Mende, spilen leafde en hertstocht in grutte rol. Nine genearde har altyd as der yn 'e petearen fan folwoeksenen oer frijerij en bern-krijen praat waard. ‘Het sexuele heb ik zeker niet volledig doorleefd.’ Foarljochting op dat mêd die hja pas op, doe't hja al yn Den Haach by mefrou de Frémery tsjinne en by it ôfstofjen tafallich it boekje fan Nellie van Kol Gesprekken tussen moeder en kind ûnder eagen krige. De reade bakker van Akkrum, dy't altyd op 'e earste maaie de flagge út hie, rekke oan de drank en moast út 'e saak. De minsken fan de nije lear (‘en daar hoorden mijn ouders ook bij’) achten dat tige spitich foar it sosjalisme. Van | ||||||
[pagina 16]
| ||||||
der Schaaf wie gjin ûnthâlder, mar wol anti-alkohol. Dy opfetting fine wy werom yn Nine har boeken. Datselde jildt mei de ûnderfining dy't Nine yn 'e famylje, op it doarp en op it eilân opdien hie mei de deadlike kwaal dy't t.b.c. doe noch wie. Har heit wie ien fan in grutte húshâlding. De helte fan syn broers en susters wie weirekke oan de sykte. Hy wie der sels oer hinne groeid, mar hie net it sterke gestel fan de famylje fan syn frou. Doe't Nine op it Amelân wurke, skipe hja de sykte, dy't ûnder har learlingen slachtoffers makke, ek. Tanksij de soarch fan Mientje Gutteling yn Driebergen knapte hja wer op, mar de fearkrêft fan earder krige hja net wer. Yn hast al har boeken wurdt it leed dat de t.b.c. brocht beskreaun; it sterkst yn De Tovenaar (1957). Nine van der Schaaf wie tige ynteressearre yn maatskiplike problemen en yn polityk. Hja hat lid west fan de SDAP, letter fan de Communistische Partij en nei de oarloch fan de PvdA. Hja skreau yn de earste wrâldoarloch in sosjalistysk toanielstik mei propagandistyske tendins, mar dat waard net opnommen yn it partijblêd, dêr't it foar ornearre wie. Har krêft lei net yn it propaganda-wurk. Under skûlnamme hat hja ek wol skreaun foar De Tribune, û.o. in artikel oer Eije Wykstra, mar har ideeën, har dream fan in bettere maatskippij hat hja fierwei it bêst ûnder wurden brocht yn har gedichten. ‘Een rode draad van socialisme die in mijn prille jeugd door mij heen geweven werd bleef er wel altijd.’ Ek by it partijwurk, dêr't hja har krêften wol oan wije woe, bleau hja wat fansiden stean. Ek yn dy rûnte wie hja in isolearre figuer, troch de omstannichheden (‘Ik had nooit geld genoeg voor een eigen krant’) yn har ienlik keamerbewenstersbestean, mar ek troch har karakter. Hoe fanselssprekkend in sosjalistyske oertsjûging foar Nine van der Schaaf wie, docht bliken út dit sitaat út De uitvinder (1932): ‘Anko was met het socialisme van het armoedig Friesche milieu waar hij vandaan kwam doortrokken en Fedde was de, met meer psychologie onderlegde, koele boekhouder die overigens er niet aan dacht zich met troebele politiek te gaan bemoeien en die de naïeve enkeling, zoals Anko, wel wou helpen zich uit de massaaspiraties te bevrijden.’ Albert Verwey, Nine har mentor, stie bûten de partijpolityk, mar hy hat wol besocht Troelstra as fêst meiwurker oan syn tydskrift De Beweging te binen. Troelstra woe wol, mar it wurk liet him gjin romte en gjin tiid. It grutste part fan de korrespondinsje mei Verwey bestiet út brieven fan Sjoukje Troelstra-Bokma de Boer (Nynke fan Hichtum) dêr't hja har man yn ferûntskuldigje moat: syn oar wurk moast foargean. Yn 1907 gie Nine van der Schaaf as húshâldlike help mei de famylje Pannekoek-Nassau Noordewier nei Berlyn. It wie har earste reis nei it bûtenlân. By gelegenheid fan in sosjalistysk kongres is hja dêr doe yn 'e kunde kommen mei Herman Gorter en Henriëtte Roland Holst. Hja libbe doe yn in marxisttysk-sosjalistysk | ||||||
[pagina 17]
| ||||||
Nine van der Schaaf.
Ut: Erts letterkundig Almanak voor het jaar 1929. fermidden en hie kontakt mei oare Nederlanners, Dútsers en Russen. De skieding fan 'e geasten tusken marxisten en revisionisten tekene him ôf: ‘Ik vond die breuk toen weinig anders dan verdrietig, ik voelde me geen partij of het moest zijn voor Troelstra, de middenfiguur.’ Hja hie der argewaasje fan as Anton Pannekoek en syn freonen de lytsachtsjende ôfkoarting ‘Troel’ brûkten. Troelstra wie har held. Yn in brief fan har bêste freondinne, de skippersdochter Renske Zetzema, út begjin 1909 skriuwt dy, dat hja fan betinken is, dat Troelstra him mar goed holden hie yn de polemyk mei J.B. Schepers. Yn 1896 hie Troelstra in nacht útfanhuze by Nine har folk, doe't er op ferkiezingstoernee wie. De yndruk dy't de foarman doe op it jonge famke makke hat, sil mei beskiedend west hawwe foar har lettere oertsjûging. ‘Op een pro- | ||||||
[pagina 18]
| ||||||
pagandatocht van Troelstra met een secundant in 1896 werd bij sympathiserende partikulieren logies gezocht en zo kwam Troelstra een nacht in ons huis doorbrengen, daar we een slaapkamertje beschikbaar hadden. (...) Ik vond die komst van Troelstra een hoogst aantrekkelijk en zelfs opwindend voorval, doch een gesprek van mijn ouders dat ik hoorde gaf aan dit gebeuren voor mij een ondergrond van schaamtevol zondebesef.’ Heit en mem hiene jildsoargen en mem woe Troelstra, dy't ommers adfokaat wie, rieplachtsje oer de kwestje. Heit fûn, dat dat net koe. Jûns nei de gearkomste soe de sprekker grif wurch wêze. ‘Moeder bracht het ideetje pas ter sprake toen de avond al op komst was, mijn vader had juist 's middags Troelstra reeds gesproken, een heel prettig gesprek over dorpsbelevenissen. Troelstra kende ons oude dorp [Terherne] als de beste. Neen, mijn vader had bezwaar, doch mijn moeder was bij ons dikwijls het verstandigste en had daardoor voldoende overwicht. Het gesprek vond plaats, overigens weet ik daar niets van.’ Dan fertelt hja hoe't de oare moarns de keamer sa fol rûn mei partijgenoaten, dat Troelstra amper kâns krige in stikje te iten. ‘Zo'n aanloop hoorde bij de populariteit en was dus ook wel een beetje welkom.’ Hja rekken de gast úteinlik kwyt omt der in man kaam dy't him mei troande nei syn âlde mem, dy't dêr in sin by hie, omt ek Domela by har oer de flier west hie. In portret fan Nine van der Schaaf is ûnfolslein, as net wat sein wurdt oer har hâlding yn de oarloch, in ûnderwerp dat hja fan har útjouwer mije moatten hat yn In de stroom, omt it ‘pijnlijk’ wie. Dat wie it fansels ek, dat is it noch en dat bliuwt ek sa, as der hyltyd omhinne helle wurdt. Faaks hawwe wy no ôfstân genôch krigen om de saak yn 'e juste proporsjes sjen te kinnen. Hja hat har, doe't dat ferge waard om de mooglikheid te publisearjen iepen te hâlden, oansletten by de Kultuurkamer. Dat hat der de reden fan west, dat har namme bgl. yn it boek Slib en wolken (1947) fan Annie Romein-Verschoor net neamd wurdt, wylst dy auteur yn har dissertaasje fan 1935 Nine van der Schaaf har wurk dochs sa heech set hie. Yn har Levensbericht hat Mea Verwey der dit fan sein: ‘Steeds hevig geïnteresseerd in wat zich politiek en sociaal in de wereld afspeelde, heeft zij een tijd lang verwachtingen gekoesterd, van wat zich met Hitler als nationaalsocialisme aandiende. Tot iets van verraad, tegenover wie of wat ook, zou zij niet in staat geweest zijn. (...) Er zat bij haar de reeds vóór de bezetting in een paar bladzijden uitgewerkte theoretische gedachte achter (...), dat het kwade - in casu Hitler - soms door de wereldwil als instrument gebruikt wordt, om het goede te bewerkstelligen. Het goede was dan: de eenheid van Europa.’ Evert Zandstra en Kitty Verwey-van Vloten, de widdo fan Albert Verwey, in frou dy't in wichtige rol spile hat yn Nine har libben, hawwe har tige ôfret in artikel yn dy geast te publisearjen, om't hja bepaald misferstien wurde soe. | ||||||
[pagina 19]
| ||||||
It stik is net publisearre en letter ferneatige. Ferhelderjend fûn ik ek wol in artikel fan Clara Eggink oer dizze kwestje (yn De Telegraaf fan 6.9.1958). ‘Wie dit volgen wil moet zich er goed van bewust zijn dat deze vrouw in haar denken een figuur uit de negentiende eeuw is, uit de tijd dus toen het verkeer tussen de volken zich nog hield aan zekere regels van fatsoen, terwijl zij krachtens haar jeugdinvloeden behoort tot de dromers van een verenigd Europa. Toen Nederland al bezet was heeft Nine van der Schaaf getekend voor de kultuurkamer. Dat deed zij niet uit vrees, want de houding die zij op het ogenblik aanneemt wijst alleen op rustige moed. Zij zegt dat zij het excuus dat zij zou kunnen aanvoeren - het ontvangen van rijkssteun tot een bedrag van f 500,-- waar zij met haar hulpbehoevende moeder gedeeltelijk van leven moest en haar wantrouwend staan tegenover vage beloften van illegale zijde - niet wenst te gebruiken, maar openlijk wil erkennen dat haar ‘evenwichtsgevoel in landen’ zoals zij haar zienswijze noemt, haar de overtuiging had gegeven dat Duitslands greep naar de macht redelijk was.’ Dútsklân wie ommers in beskaafd lân, mei in rike tradysje fan keunsten en wittenskippen? En hie dêr net de widze fan it sosjalisme stien? It wie in fersin dus, in misrekken. Op rekken te skriuwen fan in dreamerich idealisme? It liket my net goed ta dizze skriuwster dêrom dea te swijen yn de letterkundeboeken. Hja is lid wurden fan de Maatschappij voor Nederlandse Letterkunde en waard letter ta earelid beneamd fan de Vereniging van Letterkundigen. In ûnderskieding dêr't hja tige wiis mei wie. Mei har literêre wurk hat hja nea in grut publyk berikke kinnen. It wie te apart, benammen it iere, mar ek har lettere romans dy't in folle heger ‘werklikheidsgehalte’ hawwe en har poëzy. It is hiel slim om har boeken gear te fetsjen en dan nei te fertellen, hoe't it ferhaal opboud is en wat de skriuwster sizze wollen hat. Har wurk hat wat ûngrypbers, wat ûnkonkreets, it mist substânsje. It ferget tiid en oerjefte om har wurk te priuwen en derfan te genietsjen. Ek dêrom is hja by har libben net populêr wurden en lettere lêzersgeneraasjes binne allinne mar hastiger en ûnrêstiger wurden. Ik hoopje mei dit portret wat dúdlik makke te hawwen fan de eftergrûnen fan dizze keunstenaresse. Net allinne de ‘fertikale’, har komôf, it fermidden dêr't hja yn opgroeide en foarme waard, mar ek de ‘horizontale’ eftergrûn, dêr't har libben him tsjin ôfspile. Nine van der Schaaf wie in ûnôfhinklike frou, ynbannich, stil en as bern al waard hja ‘frjemd’ fûn. Dat hat hja oanfurdige as har lot. Yn har autobiografy hat hja skreaun dat dreamen har mear holpen hawwe yn har fertriet as ‘dapperheid’. ‘Ik zeg niet dat het zoiets gelukkigs is alleen te staan tegenover mensen en lotgeval. Ook voor degene die daar een beetje voor bestemd is, | ||||||
[pagina 20]
| ||||||
en dat ben ik wel is er veel weemoed aan verbonden.’ (In de stroom). De dichter P.N. van Eyck mei wa't Nine van der Schaaf al yn har Driebergense tiid befreone wie en dy't letter min of mear de mentorsfunksje fan Albert Verwey oernommen hat, seach har as de draachster fan de dream fan in nije wrâld. J.C. Bloem neamde har ien fan de opmerklikste Nederlânske auteurs, omt har wurk sa folslein eigen is. ‘De eenige met wien men haar desnoods zou kunnen vergelijken zou Walt Whitman zijn, maar die gelijkenis gaat toch nooit verder dan het uiterlijk.’ Fan Bloem is ek de útspraak: ‘Zoo er ooit een dichter is geweest in wiens land men moet gaan, om hem te verstaan, dan is zij het wel Dat is yn dit artikel besocht
Easterwâlde/Ljouwert des 1984
Foar dit portret fan Nine van der Schaaf is gebrûk makke fan:
* Nei't ik de tekst fan dit artikel ôfsletten hie, wiisde drs. Ph.H. Breuker my op in Frysk brief fan Nine van der Schaaf yn it argyf fan de Provinsiale ûnderwiisrie. Sûnt koart berêst dit argyf by it FLMD. Neier ûndersyk hat útwiisd, dat der altyd twa Fryske brieven fan Nine van der Schaaf yn bewarre bleaun binne, ien fan 2 en ien fan 11 jannewaris 1933. Omt beide brieven Nine har hâlding tsjin it Frysk en de Fryske beweging oer dúdlik yllustrearje en sa in moaie oanfolling foarmje op myn portret, lit ik se hjirûnder folgje. Men moat jin de gong fan saken sa likernôch sa foarstelle: Wierskynlik tagelyk mei in mennich oaren is Nine van der Schaaf yn in brief fan de skriuwer fan de Provinsiale ûnderwiisrie fan 27.12.1932 útnoege om in lêzing te fersoargjen yn de fakânsjekursus fan 1933. Wa't dy oaren krekt west hawwe, witte wy (noch) | ||||||
[pagina 21]
| ||||||
net, mar it jierferslach fan de ûnderwiisrie oer 1933 fernijt ús, dat dat jiers as ynlieders by de fakânsjekursus fungearre hawwe: G. Feenstra, dr. T. van der Zee, dr. P. Terpstra, M. Bonnema, Y.K. de Boer, mr. J. van der Schaaf en J. Winkelman. Under de ynkommen stikken út dyselde snuorje binne wegeringen fan S. Greijdanus, Mr. dr. J.P. Hoogland, M.T. Gerritsma, T./?/ Steenstra en G. Horreüs de Haas, wylst in tasizzing fan N.J. Waringa letter ynlutsen wurde moast. De tekst fan it útnoegingsbrief fan 27.12.1932 wie: ‘Achte Hear,/De Provinsiale Underwys-rie fen Fryslân is fen doel op 1, 2 en 3 Augustus 1933 yn Ljouwert in fakânsjekursus to organisearjen, ta stipe fen it Frysk folks- en taeleigen en om dêrmei mear in bân to lizzen twisken al dyjingen, dy't hjar oan 'e stúdzje op dit gebiet jowe en jaen wolle. Wy scoene jerne sjen det Jy dêrta meiwirken en noegje Jo út ta it hâlden fen in lêzing ef les fen likernôch in ûre, yn it Frysk, oer in (Frysk) ûnderwirp op Jins speciael stúdzje-terrein. De forgoeding scil wêze f 25,--. Meije wy gau andert fen Jo forwachtsje, as 't kin mei opjefte fen it ûnderwirp? En meije wy ek fornimme eft Jy foarkar hawwe for in bipaelde dei?/Achtsjend,/De Provinsiale Underwys-rie fen Fryslân.’ It brief is ûndertekene fan G.A. Wumkes, J.H. Brouwer, A. Quarles van Ufford - Buma, Dr. J. Botke en Prof. Dr. T. Brandsma. Nine van der Schaaf hat dêrop op 2 jannewaris as folget andere: ‘Oan de Provinsiale Underwys-Rie fen Fryslân/Achte Hear Skriuwer,/Ik betankje de Underwysrie for it oanbod in lêzing to hâlden takomme simmer, mar ik moat derop anderje dat ik dit net oannimme kin, omdat ik net bespraekt genôch bin om in ûre likernôch fen myn wirk ef hwet oars te fortellen. Der komt bij dat ik fen it Frysk nea folle wirk makke haw en dos hwet in 't efter bin. It moeit mij dat ik op disse wize ta stipe fen it Frysk folks- en taeleigen net meiwirkje kin, ik kin better by tiid en gelegenheit sels kennis nimme fen 't nijs in de Fryske litteratuur./Achtsjend Nine van der Schaaf/Santpoort, 2-1-1933.’ Grif hat J.H. Brouwer har doe in brief werom skreaun dêr't er yn besocht hat har beswieren wei te nimmen. Dit brief hawwe wy net oantroffen by de brieven dy't Nine van der Schaaf bewarre hie en der is by de útgeande stikken fan de ûnderwiisrie út dy wiken ek gjin ôfskrift te finen. Nine har antwurd oan Brouwer wie lykwols: ‘Achte Hear Brouwer,/'t Is wier dat sa'n lêzing der op disse wiize hwet makliker utsjocht, mar der is ek noch in oare rompslomp fen biswieren dy't ik net neamde om't it oerbodich like. Pine holle oerfalt my sims en den kin ik sahwet neat. In twade saek is det ik mei us mem weinje, dy't tige âld is en net altyd soun, sadet ik mooglyks [febettering fan ‘faeks’ dat trochskrast is] hwet hastich hinne en wer moat mei sa'n reis en det pâst myn holle wer min. Der- | ||||||
[pagina 22]
| ||||||
om moat it dochs dit jier mar oergean. Mocht ik hjirnei mij op myn holle better bitrouwe kinne den scoe ik it âl oannimme tink ik, om't er wol ek goeds tsjin de beswieren oerstiet, mar sa't it lân nou leit is 't my to noedlyk. Fensels kinne wij net op 'e tiid foarut rinne, ik net en 't bistjûr fen e underwysrie ek net, ik woe allinne mar sizze det disse wegering net foar altiid jildt. Ik bitankje jo wol foar it stjûren fen it Moanneblêd. Ik woe dochs wol ris hwet Frysk lêze en abonneer my derom mar foar in jier op dit blêd It Heitelân. Ik kin mei dit bericht fêst wol ta, yn pleats fen nei de utjower to skriuwen? Wol graech den. Frysk scriuwen scoe 'k wol ris bisykje wolle om 't ik ek wol fiel det ik de bân mei myn lânsljue hwet to absluet slûpe litten haw. Kâns op soks is der earst nei 't bieindigjen fen in wirk der't ik nou mei op 'e gong bin. Ek âl foar myn holleswaktme jow ik my as 't hwet kin nea yn twa dingen tagelyk. En den wer sjen. Bin 'k dochs to folle forhollânske den is 't net oars. Oer dy Frysk-Hollânsk-kwesje tinkt min as Fries fensels bij tiiden wol ris. Jo scille wol merke det ik der (hwet aongiet de stavering) sa goed as ik kin op los skriuw. Frysk lêze scil derbij wol hwet helpe en as it safier komt nim ik graech ek jo aonbeande tsjinst oan. En oars kin 'k der nou noch neat fen sizze, ik wier as Fries fen it pessimisme sa't ik det foar jierren ris lêzde yn in forslach yn e krante fen in rede fen Jan fen e Gaestmar, ik mien do to Ljouwert hâlden. Mar fêst set haw ik mij yn myn tinken noch net. En hjirmei scil ik bislûte. Hwet it earste diel aongiet: nésizze fiel ik as unaongenaem, nei de bilangstelling dy't ik fen jo kânt en fen de ûnderwysrie underfoun. Mar det is net oars, ik scil myn bêst dwaen./mei heechachtinge en groet Nine van der Schaaf/11 Jan. 1933 Santpoort’. |
|