Trotwaer. Jaargang 17(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 23] [p. 23] Ella Wassenaer Fiif fersen De redaksje tanket de hear Post fan Feanwâlden foar de permisje om de neifolgjende fersen út it neilitten wurk fan Ella Wassenaer ôf te printsjen. it hûs is itselde net mear de doar is wei wat iepen stie sit ticht en alle hemen bin feroare ik stean op 'e stoepe ûnder noegjende húf om dy weiwiis te meitsjen ast komst ast komst nim ik dy by de hân en lied dy yn 't femijde hûs ús wente en thús o sillichheid fan dû en ik tegearre glimkjend efter termopane glêzen breed finsterbank fol bloei fan blommen wa sil ús wat leare no't bline muorren keare [pagina 24] [p. 24] memme eagen wiet fan triennen har mûle trillet efter in wale fan fobyën hja hat it oer de Hear myn hertklop stûket ûnwissens nacht dûnset dei bevet Hear sokke eangsten moat in bern trochhinne as it sa deun by mem de ivichheid op him oankommen sjocht [pagina 25] [p. 25] ferstiestû it tsjuster dêr't ús tinzen safolle ljochten by ôfstekke om 'e nocht boarjend yn de swarte gatten fan meteoaren dy't falle ferneatigjend wat dierber is machtleas skôgje stjerlike minsken yn dierlike eangst sil de Hear net yngripe mei fjoer en sweveldamp fan Syn atoambommen tsjoene in nije ierde út it swart en read fan de apokalips de âlde ierde offerdier [pagina 26] [p. 26] it ferhaal dat ik skriuwe wol fljocht foar my út laket en lôket en nimt myn finzen kom seit it kinst ferjitte de leafde oan oaren oerlitte nei safolle gedichten meist de hân der wol mei lichte mar as ik net mear sjong barst myn hûd en barst myn long [pagina 27] [p. 27] wês myn narder myn húnder myn bloedsûger myn boal wês de stoarm dy't my belaget de floed dy't my swolget de sinne dy't my fertart de ierdskodding dy't my fret de wjerljocht dy't my treft wês myn leafste myn alderleafste Vorige Volgende