Trotwaer. Jaargang 16
(1984)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 338]
| |
[pagina 339]
| |
By Enscherangeheger, al heger giet it paad
bochtich troch de keale spjirren,
fan en ta sipert it grille ljocht
troch deade tûken op ús del.
't is stil, der is no suver neat
te rêden, inkeld wat fûgellûden
tusken 't grien en fierder yn 'e delling
it tiidleas streamen fan de clerf.
my wy rinne hjir it rotsich spoar
bylâns, dan oer de skeante fan de heuvel
nei enscherange oan 'e stream.
ik sjoch dy gean, de sêfte rûnings
fan dyn lea weve my foar d' eagen
en dreamen komme wer te plak.
|
|