Trotwaer. Jaargang 16
(1984)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 334]
| |
Geart van der Zwaag
| |
[pagina 335]
| |
IIwat driuwt dy dochs, wat hat dit farren yn
wêr hâldst op oan, de heger wâl miskyn
sa praten wy en stieken it lijswurd djipper
en leine even skerper oan 'e wyn
| |
[pagina 336]
| |
IIIas ik dy wie ik soe der goed om tinke
en syl net al te djip yn dizze slinke
ik soe yn 't soaitsje lâns as ik dy wie
in swurd kin tille en in skipke sinke
| |
[pagina 337]
| |
IVdo hast de snaren spand ta 't avontoer
lykme allinne dizze wrâldsee oer
Eolus wynt yn 't want, weint troch de stage
do sjongst fan Eeltsje in liet en stietst oan 't roer
|
|