Trotwaer. Jaargang 16(1984)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 333] [p. 333] Sybe Sybesma Fers Sypilitysk sitte de jonges op 't terras - dy slimmere syktme dêr wurdt net oer praten - hifkje de froulju op ûnforstân of baten mar ha sels net mear manlikens yn kas - se sitte dêr, genietsje fan 'e hjerst en hwat hja wiene, dat hawwe hja west. Hja meitsje foto's fan guon tsjerketuorren, wurde mystyk en leauwe echt oan God; hja raze, wurde Nik en dan, per slot, slane hja eigen harsens tsjin 'e muorren - se sitte dêr, genietsje fan 'e hjerst en hwat hja diene, dat hawwe hja west. De wrâld is siik en dy syktme hjit frede, hwant dêrom slane minsken inoar dea, har lok hjit oarloch en hja hawwe nea net oanfurdige de jefte fan genede - se sitte sypilitysk yn 'e hjerst en hawwe hwat hja woene nea net west. Vorige Volgende