Trotwaer. Jaargang 16
(1984)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 330]
| |
Willy van der Meer
| |
[pagina 331]
| |
en Op 'e Banken. Op himsels binne se knap skreaun, de sfearympresje fan it nearzige doarpslibben en it ientoanige libben fan de New Foundland fiskers (yn Op 'e Banken) komt wol foar de lêzer ta libben, mar se litte him dochs achter mei in gefoel fan: en doe... As koart ferhaal is Tramkondukteur yn Chicago folle better slagge. It hat in folle sterkere opbou, mei in oanrin, in klimaks en in soarte fan anty-klimaks. Der sit in hiel absurd plot yn dat in skokeffekt jout omdat it absurde fan de sitewaasje absolút net troch de haadpersoanen oanfield wurdt. It libben giet gewoan fierder, sels sûnder al te lestige gewissefragen. Dat it libben in minske sa misfoarmje kin dat de wenstige ideeën oer goed en kwea alhiel ferdwine, komt nei foaren yn Zacheus. It ferhaal op himsels is net opfallend, in konflikt tusken twa manlju dat útrint op deaslach, mar dat der troch de omstanners skouderopheljend op réagearre wurdt, dat der gjin oardiel oer jûn wurdt, is ferbjusterjend. It ferhaal De stim fan it libben docht jin oan 'e iene kant wat tinken oan Tramkondukteur yn Chicago, it is in absurd ferhaal, mar wat krekt de Tramkondukteur sa navrant makket, de reaksje fan 'e haadpersoanen, ûntbrekt yn dit ferhaal. It is hiel ûnderhâldend, mar it dolt net sa djip. Twa ferhalen slute dúdlik oan by de tematyk dy't ek werom komt yn romans fan Hamsun, nammentlik De keninginne fan Saba en Op Blamandsø. Yn dy twa ferhalen giet it om in leafde dy't net beäntwurde wurdt. Yn De keninginne komt in man nei foaren dy't mient dat er djip fereale is op in frou. Dy frou blykt fierderop lykwols earder in soart ideaalbyld fan in frou te wêzen dat er altyd siket, mar dat er tagelyk net graach fine wol. Dat dizze frou ûnberikber foar him blykt te wêzen, docht him eins gjin nij, hy soe net iens oars wolle, al sil er dat net tajaan. Dit ôfwiisd wurden en dit ek útlokje komt faak werom by Hamsun (sjoch: Mysteriën, 1892 en Pan, 1894). Itselde tema komt foar yn Op Blamandsø, mar hjir is it op in wat kompleksere manier útwurke. De haadpersoan krijt syn leafste net en as har beslút definityf is, fermoardet er har en docht dêrnei himsels tekoart. De frou dy't foar him ûnberikber is, sil dat ek foar in oar wêze. De acht koarte ferhalen dy't Sybe Krol útsocht hat, litte hiel wat ferskillende kanten fan de skriuwer sjen. Mar it lykje mear oansetten te wêzen ta it gruttere wurk as koarte ferhalen. Se hâlde net op it goede momint op, de ferhalen Tramkondukteur yn Chicago en Zacheus útsûndere. In soarte fan bewiis foar dizze opfetting liket my dat Hamsun nei dizze trije bondels nea wer koarte ferhalen publisearre hat. Hy hat as skriuwer blykber mear romte nedich as it koarte ferhaal him jaan kin. Sybe Krol is der mei it oersetten fan dizze ferhalen lykwols yn slagge om | |
[pagina 332]
| |
in yndruk te jaan fan de skriuwer Hamsun; in soad lêzers dy't mei dizze oersetting foar 't earst wat fan him yn hannen krigen ha, sille no faaks mear lêze wolle.
It oersetten fan wurk fan Hamsun is net in maklike put. Hamsun syn taal, syn idiolekt, is hiel persoanlik. De Noaren hawwe it dan ek graach oer ‘it magyske’ fan syn taal. Tiny Mulder falt yn har besprek yn it Friesch Dagblad dan ek oer ‘dy nuvere sprongen fan no-tiid nei doe-tiid en werom’ dy't har yn it Frysk ûnnatuerlik foarkomme. Yn it Noarsk binne se dat lykwols ek en it is in goed ding dat de oersetter der yn dit stik fan saken gjin ‘goed Frysk’ fan makke hat. Oersetten yn it Frysk is net sa maklik om't it Frysk in frij beheinde wurdskat hat, dy't jo der faak ta twingt om in omskriuwing te meitsjen. Dat kin in oersetting dan swierder meitsje as it origineel, (byg. s. 40: en wy krigen nearne in ynset fan tinken fan, dat sokssawat betsjut as: wy tochten net mear). In oar punt dat makket dat krekt oersetten yn it Frysk jin foar spesjale problemen set, is dat jo altyd kieze moatte hokker noarm jo oanhâlde. Dat kin in hiel rigide foarm fan standertfrysk wêze, mar it kin ek in Frysk wêze dat mear oanslút by de deistige taal fan de trochsneed Fryskprater en dêr't hollannismen net alhiel yn mijd wurde. De oersetter moat hjiryn in kar meitsje en Sybe Krol liket foar it lêste te kiezen. Yn guon getallen docht it jin in bytsje frjemd oan dat er op it iene plak wol foar in ‘Hollânsk’ wurd of útdrukking kiest (byg.: ‘mond- en klauwzeer’ op s. 58, ‘it seach der tsjuster foar my’ út op s. 66), wylst op in soad oare plakken in standertfrysk brûkt wurdt, dêr't ‘the man in the stree’ him net gau oan bekweadigje sil. (byg.: ‘yn bewar jûn’ op s. 57, ‘teach’ op s. 67). Troch it kiezen foar standertfrysk kin men hjir fansels oan ûntkomme, mar de kâns bestiet dan dat de oersetter foar syn gefoel in taal brûkt dy't sines net alhiel is, dy't him ûnnatuerlik oandocht. De konsekwinsje is dan wol dat in oersetting mear wjerstannen oproppe kin, om't wy op skrift eins allinnich mar standertfrysk tsjinkomme. Oersetten freget it hieltyd wer meitsjen fan in kar. Dat makket it besprekken fan in oersetting lestich, jo kinne net sizze, sá hie it moatten. Sybe Krol liket him te ûntjaan ta in oersetter dy't risiko's doart te nimmen, dan wolris in kar docht dêr't jo even fan oerein sjitte yn 'e stoel, mar dy't oer it ginneraal soarget foar in libbene oersetting. |
|