Trotwaer. Jaargang 16(1984)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 319] [p. 319] Ties Roorda Anna I It testbyld fjouwer oere middeis lûkt aloan har oanwêzen fuort oant yn in sûndfloed fan bylden gewillich har tiid ûndergiet. De nijslêzer lêst har earnstich it skyngehiel fan wat hjit de aktualiteit in skrokken komt werklikheid oer Anna hinne. Foar de spegel dost se har op noch yn it fel fan lady Christel skeanbillet Anna lyksa en wachtet yn har wrak ledikant oant. [pagina 320] [p. 320] Anna II In kiste mei tritich winters oan brieven hat se by 't jiskefet set kâldwei har útlibbe ryk ôfskoattele, de frjemde jiskemanlju útswaait. Op 'e siden dêr't leafde omspoeke werskriuwt se har deiboeken en leaut op in dei dat de feiten sa wol passé by har achterlitten tiid. It libbet lichter, hâldt Anne út, har wenromte pleistere se wyt, in grêf dêr't se suver dútsk har de lêst fan it oantinken útwisket. [pagina 321] [p. 321] Anna III Sjoch Anna, de lupine bloeit alteast ast it sjochst, sjochst dat de lupine bloeit, sjoch datste sjochst dat de lupine bloeit ensfh. Anna is út Anna, sjocht net mear as televyzjebylden mei wat pinkster blommen dy't skier har tinken dogge oan de pinksterblommen doe. Se wit it net mear hoe't it wie sa lang ferlyn doe't se Anna wie Ik bin 't fergetten, mar do seist dat it noch hieltiten bestiet, dàt. Vorige Volgende