Trotwaer. Jaargang 16(1984)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 322] [p. 322] Bartle Laverman Jarrelân o boerelân, wat rûkst wer lekker wat miicht dyn boer mei mânske straal syn brune jarre oer dyn greiden It is in griis hoe lekker ik dit fyn soms woe ik wol op knibbels krûpe my bûge nei sa'n griene stâl oant er de rêch bûcht fan de drip dy't op myn tonge stikken brekt soks jout gjin foech fansels ik set de noasters wiid de kop stiif yn 'e wyn sa hat men elke dei wat wille yn dit fan minsken frjemde lân [pagina 323] [p. 323] It nut fan in boerepet men skrikt hjir fan jins eigen lûd as soms in dei de wyn ferjit te waaien de beammen stil de blêden hingje litte dyn hier ris netsjes sitten bliuwt! dû hearst se hjir yn Boazum roppen wat Klaes seit kinst sels bêst ferstean sa'n machtich lûd is moarn wer nedich mei grutte earen: boereskaai wat stedslju lykwols wer net witte is 't boereleed fan foar de wyn: dat earen foar de eagen flappe Vorige Volgende