Trotwaer. Jaargang 16(1984)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 316] [p. 316] Wilco Berga Seefeest swiid en rûnom ferljochte yn 'e rein ferweecht myn fartúch oer 'e marren mei de falske klanken en lûdroftich net te sêdzjen feest fan bliere trommelslaggers sjonge froulju yn it rom it lied fan har opteine skonken roeie slaven moedsum yn it swit oergeunstich wiist de stjoerman nei myn stanbyld yn 'e haven lizze fammen op 'e rêch en harkje nei it wetter nei de lûden oan har siden reizgje skippen ôf mei musikanten seelju yn 'e nacht [pagina 317] [p. 317] Kommen ik wachtsje yn it skaad fan skippen in momint it tiidrek fan har kommen mei de boaten yn it sok har byld in etmel reizget hja mei streamen om 'e wâld en folje ik de tiid mei skoften fan oanhâldend blêdzjen yn tabellen fan har tij de folle kaaien wachtsjend folk en mânlju raze stiet har namme yn 'e seilen skreaun op doek mei gleone printen fan har mûle [pagina 318] [p. 318] Lofliet toer fan waarmens yn har golle skonken hoed mei lok de hazzen skrikke yn har hier en yn har nacht ha ik hoeden as in skroar besocht de stikken fan har rôk oanien te riuwen ta in timpel fan it ljocht Vorige Volgende