Trotwaer. Jaargang 16(1984)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 315] [p. 315] Geart fan der Mear XXV nee, nim it net, want sjoch watst hast en fynst. sjoch nei wat is. libje net yn wat wie. wit, hjir, no, is dyn libben, libbest ien kear (al is dat genôch en mear ast wolst: skientme, lok - ien tel bist bliid, bûten dij sels fan sjen. dan begjint it ûnkearber sjen wóllen en it sa ûnôflearber tebeksjen). ik fyts. it is waarm. foar mij rydsto. dyn dérailleur gûnzet. de wei is net steil mear, wol skadich, mei útsjoch oer de bergen, dan hast even dyn nocht. in bankje. wat drinke. boltsje mei jam of tsiis ite. prate. wat swije sitte sjen (nei dij) elk neamen mije Vorige Volgende