| |
| |
| |
Willem Abma
De stêd sûnder ein
Oer: Steven de Jong, 20 lytse românsen
Koperative Utjowerij, Boalsert, 1983.
Dit besprek sil út fiif parten bestean. Te'n earsten it op himsels al diskutabele dwaan om wat ynformaasje oer de skriuwer te jaan. Soks net mei it doel dat dy gegevens ferfrissele wurde mei de ynterpretaasje fan de fersen, mar om't in sumier en clean beneamen fan in pear libbensfeiten in sa suver mooglik ynterpretaasje fan de fersen nei myn miening gjin ûnderstek docht. Dêrnjonken sil it eardere wurk fan De Jong wat omtinken krije.
Yn it twadde plak, wat betsjut de titel yn dit gefal? In titel is de koartste ynhâldsopjefte, waard eartiids wol ris steld. Yn it gefal fan de bondel fan De Jong tsjut er sels op in beskaat genre fersen.
Yn it tredde plak de fersen sels.
Fjird: in hifkjen oan de kritearia dy't neamd binne.
Fyft: konklúzje.
| |
I Wat ynformaasje oer skriuwer en earder wurk.
Steven (Hotse Pieter) de Jong waard yn 1935 berne. Dosint Nederlânsk. Ald-redakteur fan Quatrebras en Trotwaer.
Oar wurk:
Wankend Stomp (1965) fersebondel |
Missing Link (1971) fersebondel |
Popkes Tekenje (1975) fersebondel |
De maagd fan Babylon (1980) proaza en poëzij |
Men moat de fersen benammen út de earste beide bondels fan De Jong net minisieus analisearje wolle. De measte fersen binne as in ekspressionistysk skilderij, tige persoanlik en trochtocht. De titel Wankend Stomp tsjut op driging; Missing Link op it ûnfolsleine. Yn dy earste beide bondels floeit alles yn elkoar oer: romte en tiid wurde omkeard en keare harsels om; wat stabyl liket, is in gaos; dingen wurde minsken, minsken wurde dingen; tusken subjekt en objekt ûntstiet in identifikaasje; der is gjin hâldfêst; wat libbet is dea, wat dea is, libbet: ‘wy lizze as deade tûken yn'e sleat efter de skerne, dochs bliuwe wy boer en boerin- | |
| |
ne’ (út Wankend Stomp). Yn dy bondel leit in stik machteleazens foar alle foarmen oer dy't de dichter yn syn libbenswrâld waarnimt.
Gjin wûnder dat de foarm dy't syn fersen oannamen, briek mei de wenstige patroanen op dit mêd.
Missing Link is kwa tema dúdlik te ferbinen mei Wankend Stomp: driging, skuld, leafdeleazens, machteleazens, gaos, immoraliteit en it distânsje nimmen dêrfan fia de humor en it synisme.
Yn Missing Link is it ûnbegrinzge fan de tiid wichtiger as de begrinzge tiid: it tiidrek. Subjekt en objekt binne net oan in bepaald tiidrek bûn. De skriuwer relativearret it besteande: alles wat is, hat alris bestien of sil bestean (kinne). Ferline, hjoed en takomst skowe trochinoar hinne! Dit boartsjen mei de tiid komt ek yn de românsen gauris nei foaren.
De fersen yn Popkes Tekenje en yn De maagd fan Babylon foarmje in oanrin nei de lêste bondel. De humor is mylder, de toan is finer en subtiler. Ik sil net sizze: minder bitter, want it wrangst is ornaris datjinge dat krekt net swiet is. It soe my net ferwûnderje as in protte fan it proaza yn De maagd fan Babylon noch yn de ‘grimmitige faze’ skreaun is ear't de ûnderkuolle titel Popkes Tekenje betocht waard. Steven de Jong syn fersen tsjûgje benammen yn de tredde bondel fan in droege spotskens, in observearjen fan op in distânsje. Wie it yn Wankend Stomp en Missing Link noch in balansearjen op 'e grins fan oarder en gaos, út Popkes Tekenje docht bliken dat de rêst dêr't it hear mei oersjoen wurdt, grutter wurden is. De gaos wurdt stadichoan oardere troch de ynvintarisearjende wurking fan de beskriuwing dy't gjin ûnderdiel mear is fan de gaos, mar distânsje nommen hat.
| |
II De titel
Neffens myn ensyklopedy is in românse in strofysk liet, swiid fan meldij, ienfâldich fan begelieding, oer in tear ûnderwurp dat jin yn it moed taast. It kin dus in ynstrumintaal stik wêze, mar ek in keunstdicht besteande út in willekeurich tal fersrigels fan acht wurdlidden dy't sa opsteld binne dat de even fersen assonearje en de ûneven gjin rym hawwe. Dan folget der noch in hiel ferhaal oer de oarspronklike Spaanske românse.
Yn dit ljocht besjoen foarmje de 20 teksten yn de bondel fan De Jong gjin românsen.
Neffens myn wurdboek is in românse in âld folksliet yn ienfâldige trant oer in jin oandearjend barren of in keunstdicht yn strofen of in ferheljend liet oer in tear of oandwaanlik ûnderwurp. Ik tink dat De Jong de titel yn it foarste plak ironysk bedoelt. Hast wat yn 'e trant fan Jan J.
| |
| |
Bylsma's Altyd like fleurich, wylst just wrangens yn dat wurk troef is. De 20 teksten foldogge dus net oan de foarnneasken dy't de oarspronklike românse stelt en wat de ynhâld oanbelanget, binne se net sa epysk dat se allinne dêrom de titel românse fertsjinje. De nearlandikus dy't de dichter is, wyt soks fansels ek wol. Dat makket mei de foarkar fan dizze dichter foar it iroanyske dat de titel op dy wat mylde spotskens al in foarskot nimt, of - en dat is better sein - de dichter fettet yn de titel it iroanysk aspekt fan syn fersen gear. Hy fersint him mei opsetsin: it fersin is in feit en it feit is in fersin. De dichter hâldt der fan, sjoen bepaalde rigels yn syn oeuvre, om by sokke de lêzer betiizjende tsjinstellings glimkjend om 'e hoeke te kypjen.
| |
III De fersen
In besprekker kin min alle fersen wiidweidich oan de oarder komme litte. It soene kritiken mei in wetterholle wurde. Hy siket dêrom nei dy fersen dy't represintatyf foar de bondel c.q. beskate skiften fan dy bondel neamd wurde kinne. Sa'n fers kin dan sitearre wurde, wylst oaren eefkes koart oanstipt wurde as adstruksje fan wat beweard wurdt. Om't ik by dit besprek sa kontrolearber mooglik wêze moat yn ferbân mei de neamde kritearia, sil ik hjir en dêr wat wiidweidiger wêze.
Trije aspekten dy't yn it oare wurk fan De Jong al opfoelen, dogge it yn dizze bondel wer:
1) | It brûken fan it wapen fan de irony as in middel fan ferwar tsjin in te benearjende betrutsenheid: in besykjen dus om distansje te nimmen. |
2) | It manipulearjen fan de tiid: ferline no en takomst skowe yn elkoar, de kleau tusken dea en libben wurdt oerbrêge troch de mins, net de minske fan fleis en bloed, mar as in abstraksje dêrfan: de ferskiningsfoarm de ieuwen troch. |
3) | It poly-ynterpretabele fan De Jongs fersen is ‘poly-poly-ynterpretabel’. De ferbylding fan de lêzer wurdt oanfitere, miskien wol op 'e rin brocht. Dy lêste eigenskip hat ek in risiko yn. By in protte fersen brokkelet it semint ôf, se binne net konsistint, mar sjitte in tal losse flodders op 'e lêzer ôf. De sirkel slút net. Ynstee fan de syklyske ienheid dêr't yn elts fers wat fan werom te finen wêze moat, lizze der brokstikken. |
As bewiis fan it boppesteande kin it fyfde fers tsjinje.
klompen
- wêr sil ik hinne reizgje mem
'k kin hjir net bankje mear
| |
| |
mar yn 'e nacht klapte in doar
en wat har oerbleau wie de dream
neat sizze by de wurdestream
se krijt der pineholle fan
want sjoch de draak stiet heech
en ik ha ek dy klompen noch
dêr boud' ik in pear skipkes fan
sa boatsjefar ik hinn' en wer
My falt de hast aforistyske twadde strofe op: prachtich. Der wurdt mei de tiid manipulearre middels de klompen. ‘Se krijt der pineholle fan’ is in droege, iroanyske konstatearring.
Mar hoe it folsleine fers te ynterpretearjen? De earste trije strofen einigje mei de rigel ‘de klompen wiene fuort’. Hat it wrede libbenslot yn 'e foarm fan in selsmoard taslein? De lêste strofe set alles wer op 'e kop. De ‘ik’ boartet noch altyd mei dy klompen dy't fan himsels west hawwe. Dan dus gjin selsmoard? Of wiene dy klompen fan in oar? Dan wol selsmoard? Of rinne dea en libben hjir ek wer trochinoar en boartet de persoan dy't der tusken út knypt is likegoed mei de klompen dy't fuort binne en leech, mar dy't letter dochs wer oanwêzich binne om mei te boartsjen? It bliuwt foar my harsensbrekken. Lit ik as kritikus hoeden wêze om no fuort it fers ôf te wizen om't it my te min hâld jout, want dat docht it. It soe ek ris oan my lizze kinne dat ik de syklyske ienheid net ûntdek.
| |
| |
Oars leit it mei it earste fers fan de bondel ‘libben begroeven’.
Myn ynterpretaasje fan dit fers is as folget. Wa't gebrûk makket fan de foar it each (ear) glêde taal, hantearret in kommunikaasjemiddel dat lang net folslein is. Dy taal is net bysteat om oan alles wat de minske oandoart, útdrukking te jaan. Yn safier hat dy taal statyske, egalisearjende sa net deadzjende eigenskippen yn him. Wa't dan ek fan dy taal gebrûk makket, drapearret in ‘lykwade’ om him hinne. Foar wa't yn dy taal dichtet - dy taal dus yntinsyf brûkt - sille de gefolgen navenant wêze: hy graaft syn eigen grêf (‘kûle’).
Dit fers sit logysk yn elkoar en liket hast as in soarte fan kredo te fungearjen.
‘Oftelrymke’, it twadde fers is wer in iroanyske titel foar in ienfâldich optelsomke dat likegoed in dramatyske útkomst hat: spylje + sjonge + gûle + laitsje = libje en dêr't libben is, is de dea dy't ôftelt. In ienfâldige deskripsje.
Fan in romantyske ienfâld sprekt it tredde fers ‘boatsje’. Dat boatsje is temporeel, in momint fan, en lokaal, in eilantsje fan frede en harmonije. Yn de eachopslach fan dyjingen dy't yn it boatsje sitte, moat de loksilligens werom te finen wêze.
‘Stobben’, it fjirde fers, lês ik as ien lange metafoar: de bewenners fan dit lân wurde ferlike mei stobben.
| |
| |
Dan folget der in skift fersen dy't in seker ferbân mei elkoar hawwe. De titels wize dêr ek al op: ‘hearremyt’, ‘hoe âld bin ik’, ‘clochard’, ‘de swalker’ en ‘jjs’. Ek ‘jjs’ is thematysk by dit skift yn te dielen. Yn dizze fersen wurdt de tiidsoarder meast oeral helle. It lichem fan de ‘ik’ mei dan tydlik wêze of tiidbûn, syn geast is dat net en raant gear mei ‘fûgelsang blêden blommen himelske muzyk’.
Hjir en dêr dogge dy fersen my tinken oan ‘De wandelaar’ fan Nijhoff. Dêr is de beskriuwer, as in kleasterling út de tiid fan de Karolingen, as in keunstner út de tiid fan de Renaissânse, as in dichter út de tiid fan Baudelaire, as in taskôger út in hege toer. De dichter is net allinne dyjinge dy't oanskôget, hy is sels ek de kuierer. Sa libbet yn dat skift fersen de ‘ik’ yn syn foarâlden en yn syn neiteam (kiemcel) en wurdt er troch de ieuwen hinne mei alle mooglike ferskiningsfoarmen fan it fenomeen minske konfrontearre. As foarbyld fan dat skift kin tsjinje it sânde fers fan de bondel ‘hoe âld bin ik’:
hoe âld bin ik
de ûnbidige kathedraal leit
as bidlers yn âlde jute pijen
dit is it folk dat ik bemin
dit is de stêd dêr't ik fan hâld
dat ik yn de 20e ieu noch
Aardich is de doetiid: ‘libbe’ en net ‘libje’, sadat der al in foarskot op de takomst nommen is. De ‘ik’ sjocht yn syn hjoed dat foar ús ferline is, foarút nei de takomst dat foar ús it hjoed is. Fannijs floeie ferline, hjoed en takomst yn elkoar oer.
| |
| |
De fersen út dit skift binne ryklik kryptysk. Sa kin men mei in fers as ‘clochard’ tefolle kanten út nei myn sin. Of kin men noait tefolle kanten út mei in fers? Sadree't de iene ynterpretaasje de oare net oanfollet, mar yn 'e wei stiet, is der wat mis mei de logyske ûnderbouwing. Dêrom foldocht dit fers my net.
Oars leit it wer mei in fers as ‘de swalker’: mei de wurden ‘en dat ferjit ik nea/al is it ieuwen lyn’ gûchelt de dichter wer ris mei de tiid. ‘Nacht oer g...’, foarmet in oergongsfers nei in natoerlyrysk skift besteande út; ‘hjerstnacht’, ‘healsliep’, ‘de spylman’, ‘zero’ en ‘dize’. Dy fersen binne yndie de romantyske kant neist. Hoe faak komt it wurdt ‘dream(e(n)’ yn dizze bondel foar?
De lêste fjouwer fersen foegje thematysk net folle nijs mear ta. It lêste fers liket in ynventarisaasje fan de thematyk fan de hiele bondel.
| |
IV Oan de kritearia hifke
Ymplisyt is dat hifkjen hjir en dêr al oan de oarder west. Ik soe it dêr by litte kinne, mar soks soe net al te konsekwint wêze yn ferbân mei al datjinge dat yn it foarôfgeande steld is. Om der gjin einleas ferhaal fan te meitsjen, wol ik koart krieme. De folchoarder dêr't de tsien kritearia yn neamd binne sil ik oanhâlde. Sitaten dy't as bewiis tsjinje kinne soene foar bepaalde konklúzjes sil ik frijwol net jaan. Oan alles komt in ein. Wa't myn bewearings en konklúzjes hifkje wol, kin dat dwaan troch sels de bondel neist dit besprek te lizzen.
ad 1) Foarm en ynhâld passe elkoar it bêste yn it wat kryptyske twadde skift (de nûmers 6 o/m 10). As foarbyld fan in fers dêr't in strangere foarm yn past hie, neam ik ‘boatsje’. Ik tink dêrby benammen oan it rymskema.
Oer it ginneraal kin men sizze: dêr't de fersen ienfâldich nei te kommen binne én beskriuwend én nochal dreamerich, dêre hie in strangere fersfoarm de ynhâld te'n goede kommen. Dêr't de fersen kryptysk binne en serebraal, dêre past it oanholden prosodysk skema ridlik by de ynhâld dy't se hawwe.
Sjoch ik wat dit punt oanbelanget it hear fan de hiele bondel oer, dan docht bliken dat, sjoen de ynhâld fan de fersen (benammen skift trije mei de fersen 11 o/m 16), mear foarmfêstens de foarkar fertsjinne hie. Foar skift 1 en 4 jildt dat net foar alle fersen. It earste fers bg. is in ienheid. Ek de nûmers 19 en 20 litte harren min yn in strang prosodysk skema sette.
ad 2) Der sit yn dizze bondel net ien fers dat troch in glêde foarmfêstens
| |
| |
in leech fet wurdt. Dêr hoecht men by dizze dichter nammers ek net bang foar te wêzen.
ad 3) Effen fersen dy't stykjen bliuwe yn konstatearjende beskriuwing sûnder dat der eat fan in ynderlike driuw te merken wêze soe, binne yn dizze bondel net oanwêzich al is de klû fan de nûmers 2, 3 en 12 bedraachlik subtyl.
ad 4) Utsprutsen anekdoatyske fersen komme yn dizze bondel net foar of it soe nûmer 12 wêze moatte.
ad 5) In fers as ‘dize’ (nr. 16) rymt en dat docht it net sûnder útwurking, mar is it ek akoestysk, draacht de klankkleur fan de wurden by oan de betsjutting fan it fers? Men soe dat fan bepaalde rigels fan de nûmers 14 en 15 stelle kinne: ‘en de kjeld de wetterkjeld’.
By dit type poëzij is in akoestysk effekt net maklik te berikken, mar wurdt wierskynlik ek yn de fierste fierte net bestribbe.
ad 6) Yn dit ferbân is it meitsjen fan in ûnderskieding nedich. It is tagelyk in soarte fan ôfspraak.
In tekst is poly-ynterpretabel op grûn fan wat der stiet. Dat is it ferskil mei de term suggestyf: de lêzer ynterpretearret op grûn fan wat der net stiet!
Poly-ynterpretabele fersen komme benammen yn it twadde skift, de nûmers 6 o/m 10, foar.
Suggestive fersen komme yn dizze bondel net of amper foar. Miskien dat sa'n fers ‘de clochard’ (nr. 8) is.
ad 7) Net altyd is de ‘tinkrûte’ fan de dichter te folgjen. Tink oan it fers ‘klompen’. Mar dat is in útsûndering. Nearne krige ik de yndruk dat de dichter der mar wat hinne skriuwt. Frijwol oeral is sprake fan in logysk ûnderboud wêzen fan syn fersen. Dat de syklyske ienheid fan folle mear fersen dêrby wol ris fier te sykjen is, docht wûnderlik genôch net al te folle ûnderstek oan dy al neamde en tagelyk sa wichtige ‘logyske ûnderbouwing’. Men krijt namtlik net it gefoel dat it fers mei de dichter op 'e rin rekket.
ad 8) De metafoar is rysnk fertsjintwurdige yn bg. nr. 4 en nr. 11. De moaiste metafoar fan de hiele bondel fûn ik de lêste rigel fan de twadde strofe fan it fers ‘de hearremyt’:
| |
| |
Oer it fenomeen metafoar dat och sa yngewikkeld is, soe nochris in spesiaal essay skreaun wurde moatte yn Trotwaer. Miskien dat der noch ris in semy-prof oer gear wol.
ad 9) De poëzij fan De Jong is oer it ginneraal nochal djipsinnich en hat mei dêrtroch soms aforistyske kanten. Ik hie soks yn dizze bondel mear tsjinkomme wold, sjoen de djipte dy't yn skift 2 en 4 oanwêzich is.
ad 10) Yn dizze bondel lizze harsens en gefoel sa bot net mei elkoar yn de clinch as yn de earste beide bondels fan De Jong. Dochs moat men troch wat him soms ta in gefolch fan ‘serebraal nifelwurk’ liket te beheinen, hinne sjen. Hoewol't it gefjocht tusken dy beide tsjinpoalen fan harsens en gefoel dat elke wiere dichter parten spilet, yn dizze bondel sa bot dus net oanwêzich is, bliuwt krekt dat ien fan de grutste sjarmes fan it dichterskip fan De Jong: hoe wurdt yn in fers de kleau tusken dy beide utersten oerbrêge? Dy preökkupaasje fuorret de dichterlike besieling.
Dichterlike yntuysje sortearret net doelbewust, mar tafallich poëtyske effekten. Dêr komt men yn dizze bondel te min fan tsjin.
| |
V Konklúzje
In koarte globale konklúzje jout my noch eefkes de gelegenheid ymplisyt op in tal fan de s.n. krityske kritearia werom te kommen. De kritearia hawwe ommers mei de hâlding fan de besprekker te krijen. Oer de ynhâld fan de bondel is by de poëtyske kritearia genôch sein. Dêrom sil ik dêroer tige koart wêze.
Ut it feit fan dit besprek mei bliken dwaan dat ik niget oan en affiniteit mei de poëzij fan De Jong haw.
Soe ik dy poëzij fanwege in bepaalde foarkar net appresiearje, dan wie ik net oan dit artikel begûn.
Myn oardiel oer dizze bondel is minder posityf as oer Wankend Stomp en Missing Link. Dy beide bondels binne oer it gehiel naam sa ûntagonklik wol as 20 lytse românsen, mar de ienheid fan dy beide bondels is grutter. Ek de fersen ôfsûnderlik foarmje yn de 20 lytse românsen net altyd in ‘syklysk’ gehiel, de bondel sels docht dat hielendal net, wat allinne al bliken docht út it feit dat in beheind tal fan 20 fersen maklik yn ûnderskate skiften te ferdielen is.
De poëzij eaget net, mar dat moat jin net ferrifelje: de ynhâld jout genôch byt.
De poëzij fan De Jong is soms nochal hermetysk, mar ik soe him net graach in ‘mystikus’ of ‘okkultist’ neame.
| |
| |
Oer it manipulearjen mei de tiid, it wapen fan de irony, de titel ensfh. is al genôch sein.
Ik wie fan doel my te beheinen ta it werjaan fan in tal lêsympresjes. It is allegearre wat wiidweidiger útfallen. Ik hoopje dat oaren yngeand oer de kritearia dy't sy hantearje by poëzijbesprekken skriuwe sille.
|
|