| |
| |
| |
Willem Abma
Ynlieding ta in poëzijbesprek
Doe't de redaksje fan Trotwaer my frege foar in besprek fan de bondel 20 lytse românsen fan Steven de Jong, hie ik dêr earst net folle smucht op. Ik haw nammentlik sa fier is it hinne in skalk each op de measte kritiken dy't yn de Fryske literêre tydskriften steane en dat gegeven makke de oanstriid om sels ien te skriuwen der alteast by my net grutter op.
Der wurdt sûnder dat de kritikus - en lit ik my hjir beheine ta de poëzijkrityk - de kritearia dy't er hantearret eksplisyt makket mar raak skreaun. (Sjoch ek Trinus Riemersma, De Kul, jg. 2, nr. 1). ‘Se blaze harsels net as kenners op’, skriuwt Riemersma yn syn artikel en hy fynt dat ‘plesierich’. Mar is it jaan fan kritearia en in poëtika troch in kritikus net in earsten betingst te neamen? Oft de man dêrnjonken kundich is om der in geef ferhaal fan te meitsjen, hat wer mei oare kwaliteiten te krijen. In monteur bg. mei alle ûnderdielen fan in motor opneame kinne, dat hâldt noch net yn dat er dy motor ek yn elkoar sette kin. Of soe Riemersma op de toan doele dy't de besprekkers oanslane?
In kritearium of in beskate ferwachting dy't de besprekkers tafallich ûntkomt, hat men net folle oan. Wat is bg. in ‘poëtysk surplus’? Of wannear is in fers te kryptysk? Of wat is ‘steatlike en koele skjintme’?
It is fansels ûnmooglik om elk besprek mei in wiidweidige poëtika te begjinnen, mar fan dy besprekkers dy't har regelmjittich dwaande hâlde mei it leverjen fan poëzijkrityk mei men yndie ferwachtsje dat se op syn minst ien kear op in rychje sette wat harren útgongspunten binne, hokker harren poëtika is. Om my is dy beskriuwing langer neigeraden in besprekker him yn syn kritiken apodiktysker, wizer en pretensieuzer opstelt. Sa'n besprekker moat him mar ris ferantwurdzje foar wat er skriuwt én fral wiermeitsje wat er skriuwt, de lêzer einlings de kâns biede om him as kritikus op syn útgongspunten te hifkjen.
Soks hat ek it foardiel dat de krityk him sels relativearret om't net elkenien de eksplisyt makke kritearia en poëtika én de kar en/of foarkar dy't dêr it gefolch fan is hoecht oan te hingjen. It is mislik en goedkeap om in bondel dêr't men gjin affiniteit mei hat, de grûn yn te wâdzjen. Nim dêrta as foarbyld it besprek fan Geart van der Mear fan de - nei myn sin - geve bondel Korrektyf fan Sybe Krol (Trotwaer, jg. 16, 1984-1). Van der Mear lit
| |
| |
sjen dat er gjin gefoel hat foar soksoarte lyryk en docht him sels mei syn besprek mear skea as de bondel dy't er kritisearret. Ik sels lês trouwens gâns leaver de poëzij fan Krol as dy fan Van der Mear dy't my te droech, te toar en te artifisiëel is.
Om misbegryp foar te kommen: ik wol hjir net mei sizze dat alle kritiken tenei posityf wêze moatte soene. Ek as men in sekere affiniteit mei it besprutsen wurk hat, kinne krityske kanttekeningen pleatst wurde, mar dan fan in betrutsenheid mei poëzij yn it algemien út en net fan in diametrale ôfwizing út dy't al yn 't foar fêst stiet. Dat leveret in folslein oare hâlding op foar it te besprekken wurk oer en sil de ferflokte, waanwize toan fan guon besprekkers fansels beskiedener meitsje.
Dat ik my net fuortdaalk roppen fielde om in krityk op in oar syn wurk te leverjen, kin maklik opfette wurde as in ferlechje om sels gjin poëtika dêr't ik de ‘semy-profs’ op fergje, jaan te hoegen. Lit ik dêrom in stikmannich wurden oan dat ûnderwerp wije. Kritearia komme dêrby om 'e hoeke kypjen om't se fansels tige gearhingje mei de opfettings dy't men der oer poëzij op neihâldt.
Oer doel, sin, oarsprong en wêzen fan de poëzij besteane noch al wat artikels en boeken. Nim bg. it op dit mêd klassike wurk De glanzende kiemcel fan Simon Vestdijk. Ik haw dat boek lêzen en wer lêzen mei it gefolch dat it my net mear loslit. Vestdijk leit nochal wat klam op de foarm. Sa ek immen as Nijhoff dy't ien fan syn bondels op grûn fan syn poëtika d.w.s. syn fizy op wat poëzij eins is en wêze moat, Vormen neamd hat. In fers wurdt earst echt poëzij troch de foarmkrêft dêr't datjinge wat jin yn it moed taast mei yn taal omset wurdt, skriuwt Nijhoff. Oan de ynhâld fan in fers kin op safolle wizen stal jûn wurde, dat makket dus it fers net, ek al is it ynderlik belibjen in betingst foar it ûntstean fan in fers. Mar troch de foarm krijt wat útdrukt wurde wol syn unike, ûnferfangbere en net te herheljen poëtyske diminsje. Alteast neffens Nijhoff. Mei op grûn fan in tal lêsûnderfiningen op dit mêd haw ik myn earstfolgjende bondel in titel meijûn dêr't sawol myn poëtika, alteast de wichtichste aspekten dêrfan, én de ynhâld beide yn ta útdrukking komme. Ik haw dy bondel de titel Dieden jûn. Hoewol't it yn dy bondel kwa prosody om 26 sonnetten giet en ien dûbeldsonnet - in fers fan 28 rigels, ferdield yn 7 strofen fan elk fjouwer rigels, mei de wichtichste sjút op de fiifentweintichste rigel - en de yndruk ûntstean kinne soe dat ik my ta de foarmfêstens bekeard haw, is it tsjinstridich genôch krekt dizze bondel dy't yn de titel útkomme litte moat dat by my net de foarm, mar de yn- | |
| |
hâld prioriteit hat. Sa'n foarkar is fansels net swart-wyt, it giet om graduële ferskillen. Foarm sûnder ynhâld is as it neat fan
in hebrieusk skeppingsferhaal en poëtyske ynhâld is likemin yn te tinken: foarmleazens krijt dat predikaat net om 'e nocht. Mar yn it wurd prioriteit leit it graduële ûnderskie besletten. In bekende rigel is: ‘de foarm makket de stoffe ta ynhâld’, mar men kin sa'n útspraak ek omdraaie: ‘de ynhâld jout de stoffe foarm.’
Op it gefaar ôf dat dyjinge dy't fan himsels en oaren earst ferge wurdt op in beskieden poëtika, en letter as er dy jûn hat, der fan beskuldige wurdt dat er út in grut gat blaast, sil ik besykje my foar boppesteande útspraken te ferantwurdzjen.
Myn opfetting is dat it ‘diedmjittige’ fan in fers sterker wurdt neigeraden it fers mear mei it bestean c.q. eksistearjen fan de dichter te krijen hat. Fers en dichter binne yn sa'n gefal oan elkoar ferplichte. M.o.w.: it skriuwen fan in fers en it ûntstiene fers hawwe direkt te krijen mei it funksjonearjen fan de dichter as maatskiplik wêzen. Sa'n dichter hat net as earsten taak om syn oandwaning dêr't er út wei skriuwt, te behoffenjen en te ‘foarmjen’. Nee, hy lit de gjalp de gjalp, hy makket fan it krytsjende Viëtnameeske dat troch neipalm troffen is, gjin glêd keunststik. Hy kin dat ek net, om't de oandwaning de koele technyk fan it ambacht dat foarmbehearsking foaropstelt, oermânsk is. Sterker noch: al soe er der (letter) ta by steat wêze, hy kiest der foar om it mear of minder foarmleaze dêr't er mei konfrontearre is, te litten sa't it him oan him foardocht (foardie) út earbied foar de observaasje fan it ûnfoarstelbere dy't er ûndergien en dêr't er syn ûnderwurp út distilleard hat. Just dy dichters foar wa't net allinne it skriuwen fan in fers, mar ek it fers sels in died is dy't te krijen hat mei in doelbewuste sinjouwing oan it absurde en gaotyske bestean (en Sybe Krol en Steven de Jong lykje my sokke dichters ta) hawwe rjocht op in iepen en geve, mar fral ynteger besprek fan harren poëzij. Want, krityk op in fers, is yn lêste ynstânsje krityk op it eigen funksjonearjen c.q. eksistearjen. En dat komt oan it gefoel.
Fansels wol ik net beweare dat dichters dy't wakker de klam op foarm lizze, it skriuwen fan fersen net in geweldige wichtige beuzichheid fine soene. Ek hjirre giet it wer om gradaasjes. Ik tink dan ek dat by it lizzen fan prioriteiten oangeande it foarm-ynhâldprobleem ien fan de wichtichste klus dêre sit wêr't de iene dichter mear, de oare minder ferlet hat om de rûge observaasje fan wat him yn it moed taast, te behoffenjen. Dat dat ferlet wer te krijen hat mei in suver oanberne eigenskip as temperamint, docht hjir net ta de saak. Foar wa't de klam leit op it fers as in
| |
| |
eksistinsiële died dy't sin jout oan syn funksjonearjen, miskien wol in stikje fan syn besteansrjocht útmakket, is de krityske souwe sa fyn net. By him hinget de kwaliteit fan in tekst net allinne ôf fan de stilearring dy't eftemei oanbrocht is: hy ûntdekt al gau eame de poëzij yn. Der binne bg. ûnderskate romans dêr't uterst poëtyske rigels yn foarkomme.
Der is lykwols mear dat in tekst ta poëzij makket as de lyryske ynhâld en (yndie) de foarm dêr't dy yn getten is. Wat dy foarm oanbelanget, de eleminten dêrfan binne ridlik benei te kommen: prosody, rym, metrum, ritme en klank. Typyske foarmoanbidders as Eppie Dam en Goaitsen van der Vliet moatte dêr mar ris oer op 'e tekst.
Mear komplisearre wurdt it yn it grinsgebiet dêr't foarm en ynhâld yn elkoar oerf loeie bg. in dichter as Verlaine, by de Frânske symbolisten dus, dy't besykje stimmingen, gefoelens, gedachten akoestysk wer te jaan. By sokken wurdt in ferbân tusken klank en betsjutting fan in wurd bestribbe. De toanhichte yn in freegjende sin bg., alliteraasje, assonânsjes, enjambeminten, tempoferoaringen, aksintferskowings, herhellings, ensfh. hawwe gauris in betsjutting dy't net los stiet fan de ynhâld fan it fers dêr't se yn foarkomme. Sa kin yn it Frysk in mankelike stimming oproppen en oanjûn wurde troch bg. de ô. In moai foarbyld fan in ferbân tusken betsjutting en klank jout it wurd ‘drôvens’. It fragile wurdt gauris besterke mei de letter i bg. ‘trinten’, of troch de e bg. ‘derten’. De fleur bringe gauris de ie en ii-lûden mei bg. ‘swiid’ en ‘blier’. Ek hjir moat men net generalisearje wolle, want der binne fansels party wurden dy't mei deselde lûden folslein oare assosiaasjes oproppe.
Yn 'e praktyk sil mar selden in dichter him bewust der ta sette om in akoestysk fers te skriuwen, mar wêr't dat akoestyske de ekspressy fan in fers fergruttet, fertsjinnet it wurdearring om't it behalven de muzikale ek de musyske hoedanichheid fan it fers fuortsterket.
As yllustraasje fan it ferbân tusken lûd en betsjutting fan in wurd kin miskien tsjinje it fers ‘Die betende Hände’, de i is in fragile letter, de fingers fan de muonts binne it ek, mar wichtiger yn dit ferbân is it lûd fan de letter i yn bg. it wurd ‘tinne’. De letter i hat yn dit fers in funksje apart mei fansels de folsleine wurden dêr't dy letter yn foarkomt.
‘Die betende Hände’
wêr wize dy tinne fingers hinne
en smel har rjochtsje nei de himel
yn neil en waaks begrinzging fine
| |
| |
en stilte heevje út ierdsk gewrimel
polzen yn tsjuster mouömslach ferdwine
hat immen ea dit bidden tsjinne
fan mûntsen fan it grille deiljocht bline
nachten fan har sel en sels ynrinne
(‘Die betende Hände’, yn waaks; fan Dürer)
It sitearjen fan dat fers jout my moai de gelegenheid om te wizen op it ferbân dat der tusken de foarm en de ynhâld fan in fers wêze kin. Net altyd mar wol faak sil in fers dat foarmfêst is bespegeljender, beskriuwender, konstatearjender fan karakter wêze. Sadwaande binne in protte sonnetten mear bespegeljend as lyrysk, al binne der fansels wol lyryske sonnetten bg. fan Kloos en Achterberg. Vestdijk hat in protte konstatearjende sonnetten skreaun. De betsjutting fan sokke fersen is nochal signifikant. Vestijk neamt sokke poëzij dan ek signifikatyf yn tsjinstelling ta de musyske poëzij dy't minder deskriptyf en mear suggerearjend is.
Dêr't in dichter der bliken fan jout dat er him bewust is fan it ferbân tusken prosodysk skema en dichterlike ynhâld fan in fers fertsjinnet er wurdearring. In dichter moat ommers de gearhing tusken foarm en ynhâld fan in fers sa min mooglik ta in tafallichheid redusearje.
Sa kin ik my bg. yntinke dat in dichter net gau in sonnet oer de deadzjende wurking fan fall-out skriuwe sil, wylst er oan de oare kant wol in geef sonnet oan it lânskip dat him treft, wijt.
Wat de foar poëzij sa wichtige metafoar oanbelanget, hoe grutter de ferbyldingskrêft fan in dichter is, nammerste rynsker sil er de bylden yn in fers útstruie.
Benammen wannear't de metafoaren sa brûkt wurde dat de dichter se minder as bylden en mear as realiteiten ponearret, beskiede se mei de ynhâld c.q. gedachte dy't yn it fers besletten leit.
Om noch even op Vestdijk werom te kommen, hy ferliket vn in hyper geniale beskriuwing wat poëzij is/wêze moat nei syn betinken mei in ‘kiemcel’. In ûnstjerlik moai byld, want yn dy ‘kiemcel’ sit wat wy wurde sille en wat wy fan ús foarâlden mei krigen hawwe. Ienwurding dus fan wat elkoar eins útslút, tsjinstellings dy't elkoarren tagelyk opheffe. De ferliking bringt Vestdijk op it neamen fan in tal wêzensskaaimerken fan poëzij. Tige yn 't koart:
1) | Konsintraasje: wurden binne laden mei betsjuttings-potinsjes. |
| |
| |
2) | Isolaasje: in fers is in lyts op him sels steand universum, in mikrokosmos dy't himsels genôch is. |
3) | Syklysk: poëzij is syklysk fan karakter bg. yn de herhellings. |
4) | Konstrastearjende spanning: (skynbere) tsjinstridichheden yn details, mar opheven troch it totaal fan it fers. |
5) | It kreëarjen fan spanning tusken de realiteit en wat noch krekt mooglik is. |
6) | De metafoaren. |
By einsluten in tal kritearia op in rychje. Ik skriuw ‘in tal’ en bedoel myn kritearia en net de kritearia, want ek hjirre spilet subjektive foarkar yn de seleksje fan dy kritearia in te grutte rol om se de skyn fan absolute jildichheid te jaan. It objektive is net mear as in idee c.q. ideaal, it is gjin gegeven om't de grinzen tusken it subjektive en objektive harren jimmeroan ferlizze: yn de rjochting fan it objektive as it goed is.
In tal kritearia (bedoeld wurde: poëtyske kritearia likegoed troch my as besprekker/kritikus te hantearjen. Oer de s.n. krityske kritearia dy't spesifyk behearre ta it domein fan de kritikus oan 'e ein fan dit artikel noch in pear opmerkingen.)
1) | Der moat in seker ferbân wêze tusken de gedachte dy't yn it fers beskûle sit en de bou/prosody fan in fers. Nochris: in gjalp lit him net stileare (behoffenje). |
2) | Glêde foarmfêstens allinne makket gjin fers, mar datjinge wat yn it moed taast, itsij posityf, itsij negatyf. |
3) | Punt twa ûnderstelt in ynderlike driuw, oandwaning dy't him yn in poëtyske foarm objektivearret. Is dy ynderlike driuw net yn it fers werom te finen dan wurdt it nei myn sin al gau droech gejeuzel: it stjert yn moaie foarmen. |
4) | It saneamde anekdoatyske fers hoecht dêrmei net ferspein te wêzen as it net yn in beskriuwing allinne fan de anekdoate stykjen bliuwt, mar der yn slagget dêre wêr't de dichter distânsje nommen hat ta wat er beskriuwt de ynderlike oandwaning oer te bringen op de lêzer sadat it beskreaune him op de iene of oare wize wat docht (ûntroert, mar dat is gjin goed Frysk, en dêrom mar wer: yn it moed taast). |
5) | As in fers akoestysk is, is dat in pree (sjoch boppe). |
6) | Hoe grut is de suggestive krêft fan in fers? Wat net beskreaun stiet, mar tusken de rigels troch suggerearre wurdt, besterket de poëtyske spanning dy't it fers opropt. |
7) | Oan poëzij moat, hoe absurdistysk it soms ek wêze wol, in beskate lo- |
| |
| |
| gika en ienheid te'n grûnslach lizze. Dy logika moat sa net te beriddenearjen yn alle gefallen nei te fielen wêze. Oars wurdt it ûnkontrolearbere wyldskriuwerij. It is om dy reden dat ik min út de fuotten kin mei bepaalde fersen fan bg. in Josse de Haan. |
8) | In kundich d.w.s. funsjoneel en dichterlik brûken fan de metafoar (sjoch boppe). |
9) | Yn in geve bondel sitte nei myn sin ek aforistyske rigels. |
10) | Gefoel, besieling, yntuysje foarmje in poëtysker basis as serebraal nifelwurk. Mar dat is in kritearium dêr't de eigen foarkar wol tige dúdlik yn nei foaren komt. |
Lit ik it by dy tsien hâlde om't út it boppesteande wurdt aardich dúdlik wêr't ik stean. Oaren sille wer oare kritearia hantearje. Der sille grif follse mear útgongspunten te neamen wêze, mar ik tink dat allinne al it kiezen fan posysje yn de globale foarm-ynhâldûnderskieding in protte dúdlik makket. Dat der gjin ‘strikte’ foarm-ynhâld-ûnderskieding te meitsjen is, sjoen it feit dat foarm en ynhâld faken yn elkoar oerfloeie, mei gjin ekskús wurde om dan hielendal mar net te kiezen tusken dy beide, slimmer noch: om der wol stiekum in foarkar op nei te hâlden, mar dy te ferswijen en tagelyk as in fanselssprekkendheid dêr't al it oare oan hifke wurdt, te beskôgjen.
| |
Krityske kritearia.
Formulearret de kritikus kritearia dêr't er de poëzij mei beöardielet, de dichter kin de kritikus fergje op kritearia dêr't hy de krityk as sadanich oan hifkje wol. Dêrom, en om't de twa kategoryen fan kritearia goed ûnderskaat wurde moatte, dêroer in pear opmerkingen. Ommers, de easken dy't men oan poëzij stelle kin, binne oare as dy't men oan in geef poëzijbesprek stelt. Mei oare wurden: poëtika en de poëtyske kritearia dy't fan dy poëtika it gefolch binne, moatte perfoarst net op ien heap goaid wurde mei krityske kritearia. Dat is foar in besprekker in probleem, want hy moat yn tsjinstelling ta de dichter dy't oan in poëtika genôch hat, mei beide kategoryen fan kritearia wurkje.
- In kritikus moat net allinne dúdlik meitsje wêr't er stiet, hy moat syn eigen posysje ek relativearje, dan sil er objektiver stean foar oare poëtyske uteringen oer as dy't him uteraard al noaskje. Besprekkers en tydskriftredakteuren dy't op grûn fan eigen persoanlike foarkar autoritêr en waanwiis ôfwize wat net oerienkomt mei dy foarkar hâlde harsels noch it measte foar 't soaltsje om it mar mijen út te drukken.
- In dichter/skriuwer hat rjocht op net allinne in kundige, mar ek op in yntegere krityk. Wrok beheint it eachweid fan de kritikus en docht dêrom it
| |
| |
te besprekken wurk ûnrjocht. Wrok beheart ta it domein fan de skriuwer, net ta dat fan de kritikus.
- Tekstynterpretaasje c.q. close-reading is nedich, mar in methoade is net bedoeld om de poëzij mei stikken te meitsjen lykas bg. it gefal wie doe't Adri van Hijum mei de foar it proaza ornearre struktueranalyze in bondel gedichten te liif gie. Close-reading ta in hichte dus, want de kritikus moat iepenstean foar materiaal dat him in gruttere oriëntaasje jout. Dêrby tink ik net yn 't foarste plak oan alderlei yntime libbensfeiten fan de skriuwer, mar benammen oan sekundêre literatuer. Hokker is de streaming dêr't de skriuwer yn te pleatsen is? De fraach bg. hoe't literatuer en maatskippij elkoar beynfloedzje, kin de poëzijkritikus mar better beänderje litte troch in oare dissipline: de sosiology bg.
In tal easken dy't oan de kritikus steld wurde meie, binne dus:
1) | Betrutsenheid. Neam it om my in sekere leafde foar it genre oer dat er besprekt. (Wa't net fan poëzij hâldt, moat der überhaupt net oan begjinne om it te besprekken.) |
2) | Affiniteit. Dat giet wer in stapke fierder as wat yn punt ien steld is. Wa't gjin affiniteit mei in bepaalde bondel hat, moat dy bondel ek net besprekke wolle. |
3) | Beskiedenheid. De kritikus moat syn eigen foarkar ynkalkulearje en betinke dat wat him fan bepaalde fersen tinkt wolris tige subjektyf en dom wêze kin. |
4) | Gjin ressentiminten, mar yntegriteit! |
5) | Omtinken foar de tekst sels, de skriuwer komt op de eftergrûn. De kritikus hantearret in methoade, mar net te'n koste fan it wurk: dy methoade is der foar it wurk en net oarsom. |
6) | Mei dy methoade hingje de kritearia gear dy't de kritikus ien kear wiidweidich útinoarset hat. |
7) | De kritikus stiet iepen foar oriëntaasje: sekundêre literatuer. |
8) | Mei punt sân hinget gear dat de kritikus de lêzer oriëntearret: hoe ferhaldt it te besprekken wurk him ta oar wurk fan de dichter/skriuwer: ensfh. |
It neifolgjende poëzijbesprek jout my de gelegenheid te besykjen it ien en oar yn praktyk te bringen.
|
|