Trotwaer. Jaargang 16(1984)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 292] [p. 292] Jelle Kaspersma: Fersen fan Norman Russell De beam sliept yn 'e winter de beam sliept yn 'e winter hy ferweecht dêr't de wyn him mar ha wol hy komt werom en hy knikkebollet as it bern op 'e middei mar hy kin net lizzen gean hat de beam gedachten yn 'e winter kin er him de simmer tebinnen bringe stiet er yn de snie te wachtsjen kin de beam wachtsje sa't ik wachtsje? sprekke de beammen fan bergen ôf skreauwe hja fan de top ôf de snie is kommendewei sizze se yn 'e delling de bear sliept harkje de beammen nei inoar? fernimt de sliepende beam de fûgel dy't klaut en klaut de iikhoarn dy't tsjin syn slieperige rêch triuwt it hart dat syn sêfte hoarn wriuwt de sinne dy't sprekt en seit kom wekker wurde it is no maitiid? [pagina 293] [p. 293] The tree sleeps in the winter the tree sleeps in the winter he moves where the wind wishes him he returns and he nods his head like the child in the afternoon but he cannot lie down does the tree think thoughts in the winter does he remember the summer does he stand in the snow waiting can the tree wait as i wait? do the trees speak down mountains do they call shouts from the top snow coming from the bottom saying the bear sleeps do the trees listen to each other? does the tree sleeping feel the bird scratching and scratching the squirrel pushing his sleepy back the deer rubbing his soft horn the sun speaking saying come awake it is spring now? [pagina 294] [p. 294] De ierde leit altyd op 'e rêch dêr is de berch dêr is de delling dêr oan de oare kant is de flakte de ierde is ronfelich en sit fol groeden lykas myn âlde gesicht de ierde hat syn fjildslaggen hân de ierde hat syn fredes hân de ierde is like âld as my nei de jierren fan reizgjen rêst ik yn skaad of sinne om oan de winsk fan de wyn te foldwaan ik lis op de grutte âlde ierde ik skraabje myn búk mei myn hân want de ierde leit altyd op 'e rêch hy stoareaget mei syn eagen fan marren de loft yn fan syn god. [pagina 295] [p. 295] Sjongende wolf sprekt sjongende wolf sprekt lûd sjongende wolf sprekt fan moed sjongende wolf sprekt fan gloarje sjongende wolf sprekt fan skalpen sjongende wolf sprekt fan oerwinning sjongende wolf sprekt fan krigele dieden sjongende wolf sprekt fan grutskens sjongende wolf sprekt healwiis ik sil net mei him gean [pagina 296] [p. 296] Ik deadzje har fijannen ik draach de tekken fan myn wiif sy draacht de earmbân dy't ik makke ha ik brocht de skiep grut sy groef de turquoise op ik ûnderwiis de soan dy't sy my joech sy siedt it iten dat ik har joech myn wiif skilderet my foar oarloch ik deadzje har fijannen as ik op jacht gean giet myn wiif yn myn herte as myn wiif yn 'e hogan bliuwt bliuw ik ek yn har herte wy binne tegearre wy binne ien. Vorige Volgende