Jelle Kaspersma
Eat oer de dichter Norman Russell en syn wurk.
Normal H. Russell waard berne op 28 novimber 1921 yn Big Stone Gap, Virginia. Hy publisearre 13 boeken oer plantkunde en 15 poëzy-bondels.
Russell hat oer syn identiteit it folgjende te fertellen:
‘It diel fan my dat Yndiaan is, oerhearsket it Europeeske diel fan my. It jout my in grutskens, wille en wiisheid dy't ik net fine kin yn stêden, boeken en universiteiten, en ek net yn alle op skrift stelde skiednissen fan Amearika en Europa. Ik waard oplaat ta ekologist yn de jierren fjirtich en dit wurk brocht my yn alle hoeken fan Amearika, yn hûnderten bosken en prêrys. Hjir haw ik de ôftakeling sjoen. En hjir haw ik de skiednis fan de Yndiaanske folken beharke, sjoen en field. Tsientûzenen jierren lang libben hja yn fredige harmony mei it universum en mei God.
As jo dizze harmony yn myn gedichten fiele, dan bin ik der foar in part yn slagge om foar jo in oprjuchtens en in earbiedigens te skeppen dy't jo faaks nea kend ha - as jo blank binne. Want, sjogge jo, jim blanke manlju en froulju, binne folslein preökkupearre mei de dea. De Yndiaan wie betsjoend troch en folslein ûnder de yndruk fan it libben. Jim rinne foar it antlit fan jimme God, de Yndiaan rûn mei syn God. Jim prate oan ien wei oer leafde. De Yndiaan hie leaf. Jim ha freugde en skientme al sa fierhinne fergetten, dat jim se nea mear neame. De Yndiaan fûn skientme en freugde op elts eagenblik, yn alle dingen.’
Yn 1974 ferskynde der in sammelbondel mei syn wurk: Russell: the Man, the Teacher, the Indian.
Oant 1980 ta wie er Vice President fan Akademyske Saken oan 'e Central State University fan Edmond, Oklahoma. Sûnt dosearret er oan dy universiteit - om't er it wat kalmer oan dwaan wol - biology en poëzy.
Yn it gedicht ‘Ik deadzje har fijannen’ set er in stikje libben del fan in Navahoman en -frou. De Navaho wenje yn Arizona en New Mexico. It is in stamme fan mear as 200.000 minsken. Turquoise is in blauwe of griene healedelstien, dy't foar gâns Yndianen in bysûndere - hillige - betsjutting hat. In ‘hogan’ is in hutte fan 'e Navaho, makke fan balken, stiennen en sân, in koel ûnderkommen yn 'e gleonhjitte woastine. Oer syn gedichten seit Russell:
‘Mei myn fersen haw ik benammen besocht om it libben fan de pre-kolumbiaanske folken fan Skyldpod Eilân oppenij stal te jaan.’