| |
| |
| |
Josse de Haan
By it opdûken fan de F.F.F.L.
1. WAT MEN NET SJOCHT BESTIET NET,
en
2. DE GEWOANTE IS DE SLIMSTE FAN ALLE SYKTEN, WANT DY SOARGET DERFOAR DAT WY HOKKER UNGEMAK, HOKKER FERTRIET, HOKKER DEA EK OANFURDZJE. (side 137, boek?)
en,
3. IT LAN WURDT KALD EN TOAR AT ALLES WAT NET SEREBRAAL TROCHSICHTICH OF FOARSICHTICH IS OFWIISD WURDT.
| |
I. De F.F.F.L. as P.R.-feriening fan formaat
Al sûnt in tsien jier bestiet der in Fryske feriening op it mêd fan de letteren dy't net bestiet, mar wol opnommen is yn de registers fan de lannelike oerheden. Yn Den Haach en yn Amsterdam is de FFFL ynskreaun en ynprinte op de kompjûterlisten fan it ministearje fan WVC en op de burelen fan de Stichting Fonds voor de Letteren. It is gjin wylde stifting, it is gjin alternative stifting, it is gjin kommunistyske stifting, mar it is gewoan in namme lykas KLM, AKZO, LC of OF. De FFFL is like ryk as de AKZO of like earm as de OF. Mei oare wurden, de FFFL is sûnt tsien jier de iennichste Fryske feriening op it mêd fan de literatuer dy't neutraal - want net - behannele is troch kritisy fan lofts of fan rjochts. Gjin Ljouwerter krante is der oer hinne fallen, gjin Tony Feitsma hat har der lulk oer makke, gjin Kultuerried hat der oer gearkomme moatten en sels it FLMD hat gjin weet fan dizze besteande en netbesteande literêre feriening.
It stomme feit dat der de lêste jierren hast gjin literatuer fan betsjutting skreaun is - sa't men alteast seit - soe ynhâlde kinne dat de FFFL de earstfolgjende Gysbert Japikspriis taskikt wurde moat, allinne al troch it bleate gegeven dat dizze feriening de ôfrûne tsien jier de Fryske literatuer ûnder de minsken brocht hat sa't OF dat in 15 jier tebek die. It wûnderlike ferhaal fan de FFFL dy't no opdûkt wurdt, ferklearret himsels: a. yn de tsien jier fan it bestean fan de FFFL binne der sa likernôch in tsien kear seis brieven oan it sekretariaat stjoerd, dat wol sizze, dat op syn minst in tsien kear seis kear tsien postminsken - betink wol in 600
| |
| |
kear - de namme FFFL (‘Vakvereniging van Friese Auteurs’) ûnder eagen hân hawwe, en dan noch wol hjirre yn Hollân.
b. by dy 600 postminsken kin men optelle in efterbân fan lit ús sizze fiifenfyftich komma trije femyljeleden de man/frou wat makket dat trijeëntritich tûzen en hûndert en tachtich minsken de P.R. foar de Fryske literatuer lêzen, s.k. heard, s.k. sjoen hawwe.
c. Op de burelen fan WVC en fan de Stichting Fonds voor de Letteren kin men dit oantal fan b. maklik mei njoggen fermannichfâldigje:
foarst is dêre de ynterne post sels (twa minsken) foar ferfier nei de seef en foar ferfier út de seef (elke moam en elke jûn), dan sitte op dat punt de seefminsken sek (yn sokke organisaasje moat men útgean fan op syn minst trije), en by eintsjebeslút komt it geheel de kontroleur en de antikontroleur ûnder eagen; foar beide organisaasjes komt dat dus op 33180 kear njoggen kear twa, opteld 597240 persoanen. Mei de postminsken sitte wy dan al op in respektabel oantal fan 630420 lêzers/sjenners/hearders fan de namme FFFL (‘Vakvereniging van Friese Auteurs’) d. dit oantal fan 630420 lêzers/sjenners/hearders falt yn de kategory technyske meiwurkers mei efterbân, sis mar de bleate útfierders fan de ynstruksjes fan boppen nei ûnderen en fan ûnderen nei boppen (yn antihiërargyske opset sa't wenst is op de burelen fan kulturele ynstellingen), en dat alles tige sunich en koart om 'e hoeke berekkene. Ommers, njonken dizze technyske meiwurkers/sters tilt it op fan oare amtners lykas der binne: sosjale, ekonomyske, kulturele, morele, etyske, literêre, agogyske, juridyske, sektaryske en bygelyks politike mei- en omwurkers (wittenskiplike en amateuristyske minsken ha 'k net fierder
| |
| |
ûnderskieden). Al dizze persoanen krije yn in demokratysk tiimferbân, en ek wer mei efterbân, de namme FFFL (‘Vakvereniging van Friese Auteurs’) ûnder en boppe har eagen.
Alles byelkoar fage moat men der fanút gean dat der yn dy tsien jier meiwurkers mei pinsjoen gien binne, guon fuortskopt, oaren wer oannommen, esf., esf., en dat dêrtroch it totaal fan minsken dat op 'e hichte is mei de FFFL (‘Vakvereniging van Friese Auteurs’) steld wurde mei op sa'n tolve en in heal miljoen persoanen. En ek dat is wer tige sunich rekkene. Hokker besteande Fryske feriening (Akademy, Dam, Kultuerried, Skriuwersboun, DAT, Trotwaer, Rono, Mulder, Hjir, en gean mar troch) kin dat fan him- of harsels sizze?(!)?
My tocht genôch oanlieding om de GJ-priis '84 lykas yn it ferneamde jier '69 foar de twadde kear de echte literatuerkant ta te skikken:
| |
II. De FFFL as ferbinende faktor tusken doe en no
- Parseberjocht -
G.J.-PRIIS FOAR FFFL
art. 1:
Gedeputeerde Staten kunnen van de in het vorige lid aangegeven afwisseling afwijken indien het peil van het voor een bepaald jaar ter beoordeling in aanmerking komende werk niet zodanig is dat de prijs kan worden toegekend.
Art. 2:
In bijzondere gevallen kunnen GS van het in het voorgaande lid bepaalde afwijken voor zover het daarin genoemde tijdvak betreft.
Deshalve, alles overwegende, en tegen het advies in van de daartoe samengestelde jury, ook in samenhang met het belangwekkende artikel in de Haagse Post van 25 augustus jongstleden waarin onze geweldige voorzitter de belangen van de Friese Cultuur op een magnifieke wijze verdedigt, besluiten GS van de provincie Friesland de GJ-prijs '84 toe te kennen aan de bestaande en nietbestaande FFFL (‘Vakvereniging van Friese auteurs’), die in de afgelopen tien jaar miljoenen mensen het Fries onder ogen heeft gebracht zonder daarbij ook maar een keer in opspraak te zijn gekomen welke verdienste nu dan gehonoreerd zal worden met de prijs alsmede met een bedrag van twaalf en een half duizend gulden zijnde het tiende deel van het aantal mensen dat bereikt is door de FFFL (‘Vakvereniging van Friese auteurs’).
(Noot: gezien de anonimiteit van de geprezen vereniging en het recente
| |
| |
‘opdûken’ wordt het geld beschikbaar gesteld aan de noodlijdende Friese dichters en overige schrijvers die in dienst zijn van de provincie Friesland waarvoor begin oktober op het provinciehuis een feestelijke bijeenkomst gehouden zal worden en waar onze onvolprezen voorzitter een feestrede zal houden).
De direkte oanlieding ta de FFFL (‘Vakvereniging van Friese Auteurs’) lei neffens my yn de slûchslimme beneaming van Dam (F. en net E.) ta konservator fan it FLMD. Ik fyn nammentlik yn de geheime notulen fan 1974 in opmerking fan Willem Abma oer in programmapunt: ‘salang der gjin opheldering jown is oer de beneaming fan Dam (F. dus en net E.) eltse meiwurking oan FLMD wegerje’. Fierder stiet der noch in oantekening fan Willem oer ‘In Quisling = in kollaborateur’, in namme dy't hjoed no't ik dit skriuw - de divel hat der grif mei te krijen - op 'e foarsiden fan de kranten stiet:
NRC 27-8-1984
Hoe't it bestjoer ûntstien is wit ik net mear, en dat is by in feriening dy't wol en net bestiet ek net it wichtichste tinkt my, eins wol logysk yn it geheel. Der gong in stinsil mei ynformaasje nei sa likernôch 13 swier ballotearre skriuwers dy't letter foar sa'n 50 persint réagearren. Fan guon lizze de strypkes foar oanjaan noch yn it archyf dat fansels tige geheim opslein is yn de kulturele tekstferwurkingsapparaten. Oaren skillen of joegen op in noch wer apartere wize berjocht oan it sekretariaat. Alles,
| |
| |
sa 'k al oanjoech, is opslein yn de troch WVC (doe CRM) beskikber stelde apparatuer.
Ut it stinsil docht bliken dat der gjin kontribúsje betelle waard en dat de foarste gearkomste opskood wie nei begjin 1975. It feekaspekt, bestean en net-bestean, spile al fuortdaliks in rol fan betsjutting. Men kin ek sizze dat soks heart ta it literêre aspekt en de minsken dy't har doe ek oppenearren wiene ek de mearsinnigen (...). It foarste èn lêste iepenbiere stinsil sjocht der sa út (wy skriuwe 1974):
F.F.F.L
Sekr. Josse de Haan
Rozenlaan 7, SCHAGEN
tel.: 02240 - 2430
Schagen, augustus 1974
Achte Skriuwer/Skriuwster,
de Fakforiening Foar Fryske Letterkundigen wol ek Jo graech opskriuwe as lid fan har organisaesje. Nammestomear nou't wy fan it VVL in útnoeging krigen hawwe om as wurkgroep yn dat VVL to fungearjen (VVL = Ver. Voor Letterkundigen, secr. te Amsterdam).
Wolle Je op ûndersteand strypke ynfolje oft Jo:
a. lid wurde wolle fan it FFFL;
b. oparbeidzje wolle mei it VVL yn seksjeforbân. Tige tank yn 't foar.
It bistjûr fan de FFFL (Willem Abma, foars.; Josse de Haan, skr.; Trinus Riemersma, skath.) mient dat der dit jier noch gjin kontribúsje bitelle hoegd to wurden. It libben is al djûr genôch, netwier.
Yn jannewaris '75 ropt de FFFL in algemiene ledegearkomste byelkoar. Oer organisaesje en struktuer kin dan praet wurde. Dit jier foarmje wy noch in soarte fan spirituële mienskip.
Foar de bûtenwacht is de FFFL oant nou in hwat dizenich mystearje, en dat soe 't at it heal kin oat jannewaris '75 ek bliuwe moatte. Dizze FAKFORIENING FOAR FRYSKE LETTERKUNDIGEN wol binammen it fakforieningsaspekt oan 'e oarder stelle.
Neijere ynformaesjes kinne Jo krije by Willem Abma, tel. 05100-21989.
Mei freonlike FFFL-groetnis, it bistjûr, de skriuwer,
Josse.
| |
III. De FFFL as ferneuker fan it systeem
Yn 'e rin fan dat bewuste jier 1974, doe't in stikmannich mearsinnigen it in aardich plan fûnen, is de FFFL (‘Vakvereniging van Friese Auteurs’)
| |
| |
op it ministearje deponearre en opnommen yn de kanalen fan de offisjele literatuer, yn dy fan de subsydzjes, yn dy fan de opdrachten, en yn dy fan de prizen. De FFFL (‘Vakvereniging van Friese Auteurs’) wie literatuer wurden sa't literatuer wêze moat.
De wichtichste fraach dy't doe op ûnderskate nivo's behannele wurde moast lei yn it bestean of yn it net-bestean, mei oare wurden, hoe koe men it bewustwêzen op de grins fan dy beide utersten operasjoneel meitsje (dé fraach foar de amtners op de departeminten). It sekretariaat hat yn septimber '74 ien briefke skreaun - it deponearjen fan de namme FFFL (‘Vakvereniging van Friese Auteurs’) sis mar - en dêrnei konsekwint swijd. Bliken hat dien dat it hin-en-wer-fytsen fan amtners blykber sa grut is dat men noait fierder kommen is as de foarste fraach. Yntusken begûn it systeem fansels te draaien en waarden subsydzjes, buro's, materijalen, argyfkasten, skriuwark, ien amtner, ûnkosten foar it buro en de skriuwer gewoan taskikt. Om 'e twa moanne kaam der in kast dy't fol siet mei korrespondinsje tusken oan 'e iene kant CRM (letter WVC) en de Stichting Fonds voor de Letteren, en oan de oare kant de provinsje Fryslân, de Kultuerried, de Akademy en oare ynstellingen. Alle advizen (fakentiids geheim, en Tony hie dus alles by de FFFL opfreegje kinnen) oangeande prizen, opdrachten, addisjonele honoraria, wurkbeurzen, wurdboeken, de hâlding fan Piter Boersma as oerheidstsjinner en fertsjinner, de beneaming fan Wiegel, de rol fan Mr. Dr. K. yn Súd-Afrika, it likwidearjen fan Laurens en gean mar troch kamen daalk yn kopij op it sekretariaat. Wier, it is in argyf mei in skat oan gegevens. Troch de betelle krêft fan WVC, tafoege oan it sekretariaat, is alles op in tekstferwurker ynprinte. At ik op de knop ‘dichters mei pinsjoen’ druk krij ik in folslein oersjoch fan de taskikte wurkbeurzen en addisjonele honoraria fan de lêste tsien jier. Lykas op de measte tsjerkhôven bliuwe de gegevens in 20 jier nei it ferstjerren beskikber. Foarbyld:
(kompjûterútdraai)
| |
| |
Nijsgjirrich is ek de korrespondinsje út '75 doe't de Stichting Fonds voor de Letteren it FLMD frege wat de FFFL (‘Vakvereniging van Friese Auteurs’) feitliken wie. Yn 't koart gearfette fan de kompjûterlisten gong dat yn in 21 brieven oer seis moannen sa likernôch op dizze wize:
Fonds: |
graag info over FFFL (‘Vakvereniging van Friese auteurs’) |
FLMD: |
bestiet net |
Fonds: |
onzin, staat hier en op CRM ingeschreven |
FLMD: |
(lichte panyk) wy geane op 'e sneup |
Fonds: |
hoe lang duurt dat? |
FLMD: |
FFFL bestiet net, mar wy sneupe fierder |
Fonds: |
flauwekul, er zitten al 3 ambtenaren aan, er is subsidie gegeven, de FFFL (‘Vakvereniging van Friese Auteurs’) bestaat! |
FLMD: |
der bestiet allinnne in Skriuwersboun |
Fonds: |
kennen we niet, bestaat dus niet |
FLMD: |
dat is ek allinnich foar Fryslân |
Fonds: |
wij vragen géén regionaal en provincialistisch denken |
FLMD: |
wy binne dochs Friezen, of net soms? |
Fonds: |
(brief dy't net ferstjoerd is) dat is nu juist het grote probleem gvd. |
Se binne der meielkoar nea yn slagge en fyn út wat no al bestiet en wat net bestiet. Tsien jier lang hat it systeem wat talitten dat bestie en net bestie. It sekretariaat (ik dus, jdh) hat in bult ynformaasje dy't ik no sa
| |
| |
njonkenlytsen wol slite wol. Want, it is eins ommers dochs wol wat yndiskreet dat ik as partikulier eksakt weet haw fan de geheime advizen en korrespondinsje en gearkomsten oer de oanfregers (en -sters) fan wurkbeurzen en stipendia. De diskusje oer it ferskil tusken In satansbern (f 3840) en Tin iis (f 4800) gong oer it ferskil tusken Willem Abma en Tiny Mulder. Ik lit no de diskreetheid jilde en besparje Willem Abma de opmerkingen oan syn adres, mar hy is fansels in tûzen gûne minder wurdich as Tiny Mulder!
Tsien jier lang ha 'k alles deaswijd, en dat bliuw ik dwaan. Tsien jier lang bestie in Fryske feriening yn 't systeem dy't eins net bestie. Mei it opskriuwen fan dit stik ha 'k de FFFL (‘Vakvereniging van Friese Auteurs’) opdûkt. Makket it foar de GJ-kommisje ek wat ienfâldiger (lektuer by de rûs!). It wie in nijsgjirrige tiid, en dit is de ein fan de FFFL.
(Noat: Ik noadigje it FLMD út en doch in bod op it totale argyf. Foar in f 2500,- is praten mooglik).
|
|