Trotwaer. Jaargang 16
(1984)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 248]
| |
[pagina 249]
| |
NoardséMei forstive tosken
hapstou stadichwei
yn op myn polderlân
Ik stoareagje sûnder útsjoch
nei de grize kobben
dy't it woltierôffal
losskuord út plastiken sekken
topikke yn wyn en stoarm
| |
[pagina 250]
| |
OfskieStjerre
is jins bistean forheffe
ta in foreale ‘ach, lit it mar’
Stjerre
is hwat men elke dei bilibbe
forarbeidzje ta ivige wearden
Stjerre
is de eagen tichtdwaen
foar de stiltme fan de echte joun
|
|