Bart Teroele
Bytsje by bytsje
dit hjir op dizze flet, yn in yn seis parten ferdielde wenmienskip, is it iennichste wat ús bynt in fjouwerkant kaartsje mei al ús nammen derop. it kaartsje stiet foar sjippe, amer mei waarm of kâld wetter en biezum. de nammen steane foar al of net skjinmeitsje fan it trepportaal. elke trije moanne hinget der wer in nij farsk skreaun briefke mei jimmeroan wer dyselde seis nammen. soms yn in oare folchoarder. in feroare folchoarder tsjut wat oan dat ûnútsprutsen bleaun is: in lytse of grutte woedeútbarsting fan de opsteller dy't stadichoan útrûn, ferwettere is yn wiete oerjefte, in benypte foarm fan wraaknimming op in namme, mar it kin ek wêze dat der in namme ferdwûn is en in oarenien der foar yn 't plak komt. ien hiele dei daverje de treppen ûnder it geweld fan it beest dat de namme ‘ynrjochtsjen’ draacht. en net earder hâlde swittende manlju en froulju op fan draven, tôgjen en switfaaiend suchtsjen as dat it beest him wolfernoege oer de mage strikend deljûn hat yn alle hoeken en hannen en er gapperich mei syn iene poat wiuwt ta'n teken dat it sa wol kin, en dan, nei ferrin fan in pear wike, wurdt syn namme op it kaartsje set en jout er him foar wer ûnbepaalde tiid del, wittend dat er alles wer yn streken hat oant er, it mei lang duorje of koart, fannijs wekker wurdend syn poaten útrekt, de pels skoddet en de bewenners oanfitert om him earne oars ûnderdak te jaan.
sa leit it beest op de twadde ferdjipping, rjochts fan 'e trep, al santjin jier yn in djippe sliep bewuolle. it hat yn dy tiid wolris besocht de bloedsomrin wer op gleed te helpen mar alle stevige ynhouten wiene al dusdanich oantaaste, yn gleiïch fet útrûn, dat it net mear slagge en kom oerein. de tiid hat it lichem sa útweakke dat it weisakke is yn alle hoeken, skreven, gatten en naden fan de étaazje. en sa is de frou dêr mei de tiid hieltyd ferwoedener mei húshâldlik ark begûn om te gean, te smiten en lang om let te daverjen ûnder it earst súntsjes foar har út glimkjen en yn harsels praten, mar allinken lûder laitsjend en roppend; en no dan om alles en neat it útskatterjend en baltend troch it hûs waarjend krekt oft hja it beest dêrmei wekker krije kin.