mei twa egen as teepantsjes.
‘Herman, jonge, wat matstû hjir?’
Har ferwitende toan giet dy dwers troch alles hinne. Hast der noait goed oer kind. Se sil it sa wol net bedoele, tinkst, nei alles wat jim tegearre trochmakke hawwe, mar hoe dan? Komst starich oerein. De hoon springt noch allegeduerich by dy op.
‘Rekkel, jou dy ou!’ raast se oerallich. Se is der mei oanklaud, liket it wol. Dû fielst dy ek onwis wurden. Hoe doarst hjir ek werom te kommen, nei sa'n ivichheid, en mei sa'n lêst op dyn skouders. Sjochst dy Remco neist har stean, meneuveljend mei syn megere hannen. Hy sil dy helpe mei dyn rêchsek, mar dû dochst it ljouwer sels. De draachbannen dogge dy sear.
‘Ik ben dus Remco,’ seit er, ‘ik heb al heel wat over je gehoord’. Hy wol mei dy fûstkje, mar at er fernimt dastû krekt de hannen fol hast oan 'e rêchsek, lûkt er syn útstutsen hân hastich werom. Hy wyt him gjin rie mei syn hâlding. Dû nammers ek net. Setst dyn bagaazje yn 'e gong onder de kapstok. It is in oarenien as doedestiids, sjochst, dizze sit gjin spegel op. Se hat no in greute spegel op 'e sliepkeamerdoar, dy't heal iepen stiet. It iepensleine bêd gappet dy yn 'e mjitte. Wolst de doar tichtdwaan, mar sy is dy al foar.
‘Kom der mar even yn’, seit se koart, ‘wolst hjir sa net stean bljowe, wol?’
Se gean dy foar nei de keamer. Rekkel tippelt dy sturtgiseljend achternei. Wytst net wat dy oerkomt. Kniperst mei de egen tsjin it fûle ljocht fan in TL-buis. Man, dû kenst it hast net wer! It hat noch it measte fan in sikenhûsseal, fynst, sa wyt en neaken is it no allegear. Allinne de âld klok mei de brike slinger hinget der noch, op itselde plak dêrstû him doedestiids oan 'e muorre spikere hast.
‘Krij mar in stoel, oars.’
Giest oan de greute wite tafel sitten, op it plak onder de lampe dêrst altyd sietst te skrjowen. Besikest deselde hâlding te finen, mar it nijerwetske klapstuoltsje lit dat net ta. De hoon giet by dyn fuotten lezen, as wie der neat feroare.
‘Hast al kofjedronken?’
Kofje hast onderweis yn 'e trein al by de rûs hân, mar wolst it no net ouslaan. Soest it sels ek noch wol sette wolle, at se dy derom frege. Jim sieten ommers altyd oan 'e kofje om distiidhinne as it joonsmiel behimmele wie en it nijs op 'e tillefyzje kôm. It âlde tastel is der net mear, sjochst. Der stiet no sa'n lyts draachber dinkje op 'e flier. De nijslêzer sjocht dy lyk oan, wylst er lûdleas tsjin it glês hapt.