Tineke Steenmeijer-Wielenga
Oergong
Hja rûnen yn in arkadysk lânskip. De man en de frou.
It wie in âlde man mei griis hier.
De frou wie folle jonger. Hja like hast noch in famke.
It koe har net heuge, dat hja ea earder mei de man kuiere hie.
Hja rûnen dêr lykwols, as hearde it sa.
Hja hie nea wat mei him hân. Nea sá oan him tocht.
Doe't hja lyts wie, hie hja gauris by him west, as har âlden in dei fuort moasten.
Hy wie feilich en fertroud. En freonlik. Hja hie him altyd graach lije mocht. Faaks hie hy har doe wolris út skoalle helle.
Echt tegearre praat hiene hja nea. No rûnen hja hân yn hân en it wie goed sa.
Jierrenlang hie hja him net sjoen. Oant hja tafallich te wenjen kaam yn it doarp dêr't hy hinne ferhuze wie. Har eigen bern brocht hja no by him, as hja ris fuort woe.
Hja hie gjin idee, wêr't hja wiene, mar hy skynde it paad te witten.
It wie der moai. Bercheftich, beammen, grouwe stiennen yn in heldere beek.
Oan 'e oare hân fierde hja in fyts mei. Letter moast hja dy stean litte. It paad waard smeller en smeller, mar net tsjusterder. It wie myld helder waar. Fûgels fluiten, mar frjemdernôch ferbriek dat de stilte net.
‘No kinst net fierder mei’, sei de man hommels en lei even syn hannen om har holle. Doe waard er wei. Tusken de beammen.
Unwis fytste hja nei hûs. Uneinich ferlitten.
Doe't hja de oare deis út it doarp werom kaam - in bern oan 'e rokken, in bern op 'e earm, de jonge kat om 'e fuotten te springen en de tas fol boadskippen - hie de post der krekt west.
Tusken kranten, in giro en kleurich reklameprintwurk lei in brief.
Pas doe't hja de slúf mei de smelle grize râne op 'e matte lizzen seach, begriep hja.
Hja sette it bern oer de flier en draafde nei boppen.
It jonkje begûn te gûlen.
‘Stil mar, leave, mem is ommers weromkommen.’
De âldste seach har oan, mei grutte eagen.