mar yn 'e fyftich wie. Tritich jier lyn hie er harren al op 'e wrâld set en no't in fan God ferlitten lân harren wrâld wie, no waard er hurd âld yn harren eagen. ‘Hy is yn ein’, seine se, ‘hy makket it net lang mear.’
Dat sei de âldste, de kreaste, dy't altyd sa sljocht nei manlju west hie. ‘Witst wat,’ sei se tsjin har suster, de klienere, dy't gauris op harsels siet en sa weemoedich wêze koe, ‘wy boarne him dronken. At wy jûn foar de tinte sitte en it is waarm en hy wurdt wat sleauwich, dan moedigje wy him oan en drink troch.’
‘Wêrom?’ frege se.
‘Silst wol sjen.’
‘Wat bist fan doel?’ frege se.
‘Silst wol sjen.’
En doe't de jûn oer it nearzich keale lân foel, fan God en minske ferlitten, sieten se stil, foar de tinte en dronken harren wyn.
‘It smakket mar wer goed,’ sei er.
‘Heit moat it der mar goed fan nimme,’ sei de âldste. ‘Heit hat oars ek neat.’
‘En jim dan?’
Se seine net folle. Se stoarren it toarre, deade lânskip oer. Elk toch harres. De âldste dreamde oer hoe't it fiele soe om in man te begearen. In hite gloede baarnde yn har liif. Se beseach har heit en bereizgje him yn gedachten.
En doe't de âld man al wat fleuriger waard nei in glêsfol of wat, sei se, ‘it is hjir waarm, wy kinne better wat klean út dwaan.’
Sa fuorre se him troch en aaide him de holle mei fluenske lûden oer simmer en nocht. En har suster seach ta en ek sy waard bewuolle yn it web fan de hertstocht.
Doe kaam de sliep oer him, dêr't se op wachte hie. En dwyl fan begearte streake se de roede oant einlik har lichem as in hynst op him sittend, mei lijen en switten tagonklik waard. Hy kroande wat, de holle hinne en wer giseljend as in dwylsinnich bern.
It slagge te'n lêsten. Se fage har skamte ôf en sei tsjin har suster: ‘no do.’ In bern allinne stjert de wrâld likegoed fan út. Twa moatte der komme, in man en in frou, om ús net nammeleas stjerre te litten. Us heit hat ús makke as plicht foar de wrâld oer en no moatte wy, al soe it syn dea dwaan. Want wat west hat, hat west. No fierder.’
Yn 'e iere moam slagge it nochris, freugde wie der net by. En doe't se har suster yn 'e earmen naam, de jongere dy't yn ien nacht hurd âlder wurden wie, gûlden se fan blidens. Want libben is mear as de leafde en dy't de dea keare wol siket de striid.