read, lichems wurde teroppe, oan stikken skuord, as wienen se net yn tel.
En de skimen bûge har iendrachtich, stekke de hannen nei dy út, binne it gripende kloeren? Kloeren dy't noch mear stikken skuorre?
Nee, nee, it binne... ik... nee
‘Nee...’ raas ik lûd, ‘ophâlde...’
Se hearre it net, se lykje dôf, blyn... Mar ik sjoch it ferkeard, it binne sêfte hannen, hannen mei ark, dy't better meitsje, dy't besykje om... mar, se wurde tsjinwurke.
De mortieren saaie harren deadzjende frucht troch de loft, brisant en fosfor struie in spoar fan ferdjer. Ik wol flechtsje, krûp yn in hoekje by de muorre, it hûs fan de buorlju stoart yn, de muorre fan ús hûs kreaket, ik klau oer de flier en sykje myn brot by inoar, wat moat ik hjir noch langer, ik moat hjir út sjen te kommen, rûnom oan alle kanten om my hinne laket my de dea ta, it bloed jaget my troch de ieren, it herte bûnzet my, de sliepen binne oeral en it swit dript my fan 'e holle... Komt der dan nea in ein oan?
Stadichoan ferdôvet alles, it knallen wurdt minder, komt der feroaring yn 'e sitewaasje? Is der dan dochs in kear? In kear te'n goede? Mar wat... hoe sil...
In wite dize lûkt oer my hinne en ik wit fan neat mear, ik reitsje yn in frjemde tsjoen, tusken dreamen en drôgjen, of is dit de dea? Underwilens sjoch ik dy net mear, bisto dea? Hoe sit it mei dy? Ja? Nee? Alles is ûnwis, allinne in wyt skaad lûkt fuort, fierders wurdt it stil, dea ende deastil...
It is ljocht, as ik myn eagen iependoch. Ik bin net dea, ik lis tusken it pún fan wat ienris mei folle muoite boud is, mar ik kom oerein, ik kin gewoan rinne, alles liket yn oarder; dan sjoch ik dy - wyt, sa wyt as kalk, mar do bist ek net dea, de lippen binne dy sûnder folle kleur, mar dyn eagen ljochtsje en do libbest...
En dan, ik wol wat sizze, mar wat? Wat moat ik sizze? Wat ha wy no oan holle frasen? Neat ommers, it fielt my dôf mar dochs... dochs is de benearing fuort, want wy libje! En do leist der o sa stil en wyt hinne, dochs bist sûnder skuld. Wy sille libje!