goed tinkt.’ ‘Dat wie ek wol te ferwachtsjen’, seit Gísli, ‘datsto, leffe hûn, de wapens net tsjin my opnimme doarst.’ Eyjólf sei doe tsjin Helgi Strúnder: ‘No soe 't in romroft stik wêze, asto as earste bij de rotsen opgiest om Gísli oan te fallen, en dy rom soe lang stean.’ ‘Ik ha gauris ûnderfûn’, seit Helgi, ‘datsto meast oaren foar dy ha wost, at de kniper op 'e skine komt, mar omdatst der sa fûl bij my op oanstiest, sil 'k oanfalle, mar folgje do my moedich en gean achter my oan, ast net in grutter skiter bist.’ Helgi falt no oan, dêrt it 'm it skoanst talike, en hij hie in grutte bile yn 'e hân. Gísli wie sa útrist dat er in bile yn 'e hân hie en in swurd oan 'e gurl en in skyld op 'e side; hij hie in grize mantel oan en dy hie-d-er mei in tou om 'e mul bûn. No nimt Helgi in oanrin en ljept bij Gísli op 'e rotsen. Dy draait 'm nei Helgi ta, ûnderhellet it swurd en slacht 'm yn 't weak fan 't liif, dat de man midstwa feegd waard, en beide stikken falle boppe fan 'e rotsen ôf.
Eyjólf komt op in oar plak boppe, en dêr kaam Aud 'm temjitte en slacht 'm mei de kneppel op 'e hân, dat er der gjin macht mear yn hie, en hij knoffelt wer fan boppen. Doe sei Gísli: ‘Ik wist allang dat 'k in bêst wiif hie, mar 'k wist net dat it san bêsten wie, as at 't is; mar do helpst my minder as ast woest of fan doel wiest, al hast in bêste raam dien, want oars soenen se no beide 'tselde paad lâns gien wêze.’
35. Dan gean twa mannen op Aud en Gudríd los om se fêst te hâlden, en har tinkt dat se dêr de hannen wol oan fol ha. No fal tolve man Gísli oan en se slagje op 'e rotsen. Mar hij ferwart 'm mei stiennen en wapens, dat der in grutte rop fan gie. Dan springt in maat fan Eyjólf op 'm ta en hij sei tsjin Gísli: ‘Jou my dy goede wapens dyst draachst, allegear, en Aud, dyn frou, ek.’ Gísli antwurdet: ‘Dêr sist foar beolgje matte; want bist se beide net wurdich, de wapens net dyt fan mij west ha, en de frou net.’ Dy man stekt nei Gísli mei de spear, mar Gísli slacht werom en de spear fan 't fiem, en dat wie san fûle hou, dat de bile tsjin 'e rotsen sloech en de hoeke fan 't izer brekt dêrof. Dan smyt er de bile del en pakt it swurd en fjuchtet dêrmei en hij dekt 'm mei 't skyld.
Se fal no ferheftich oan, mar hij ferwart 'm goed en moedich; no rekken se fûleindich meiinoar yn 'e slach. Gísli sloech doe noch twa man dea en dan bin der fjouwer dea. Eyjólf sei dat se mar kjirlachtich oanfalle mat, ‘we krij omraak op 'e hûd’, seit Eyjólf, ‘al krij wy in goed lean foar ús muoite, it kin de skea net oerhelje.’ En at n't ien der op fertocht is, draait Gísli 'm om en springt op in rots dyt fan Einhamar hyt, fan 'e kliffen ôf; dêr draait Gísli 'm om en ferwart 'm. Dat kaam har oer 't mad; se miene dat se der no raar ta sit, fjouwer man dea, en sij beseare en wurch. Dan