Trotwaer. Jaargang 16
(1984)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 185]
| |
Sybren Sybrandy
| |
Verf, earste kearDe ynhâld (en opset in stikhinne) fan It bliuwt pielen wurdt yn de flaptekst moai krekt werjûn: ‘Hichtepunt... foarmet it stakingsbarren fan 1925, doe't de arbeiders yn ferset kamen yn de omkriten fan De Gordyk en Beets.’ De staking wurdt beskreaun yn de haadstikken ‘Staking I en II’ fan it twadde diel, dat as titel hat: ‘Maitiid 1925.’ It earste diel, mei as | |
[pagina 186]
| |
titel ‘Neisimmer 1924,’ yntrodusearret de haadpersoan Aukje en Wybren, faam en feint by deselde boer yn de greidhoeke en fereale op inoar op de bekende Fryske ynbannige menier, mar ek de (net hielendal echte) komelker Barelt dy't Wybren fynt en herberget, as er tramtearre en berôve is troch mannen út de herberge dêr't er tefolle sûpt hie. Aukje wie fuortrûn doe't se troch de boer ferkrêfte wie, en Wybren wie efkes letter flechte nei't er de boer delslein hie en in jildkistje meinommen hie. Fan Aukje wurdt yn twa haadstikken (Aukje, earste kear, en Aukje, twadde kear) beskreaun hoe't hja plak fynt yn Ljouwert by in romtinkende dokter, dokter Sybesma, ynstee fan yn de prostitúsje te bedarjen. Fia Barelt komt Wybren yn kontakt mei it soasjalisme en hja meitsje de staking mei fan 1925. Dy staking mislearret, mar it boek hat in happy ending. It docht ntl. bliken dat Sybesma befreone is mei de pake fan Barelt, in notaris. Sadwaande fynt Wybren syn Aukje werom, en Barelt bedarret yn Grins om dêr op kosten fan syn pake foar dokter te learen, nei it foarbyld fan Sybesma, in ‘goede’ dokter dy't in soad docht foar earmelju út syn praktyk. Allegearre hast wat te moai om wier te wêzen. Lykas sein, de staking is it hichtepunt fan it boek. Dat is û.o. te fernimmen oan it feit dat de lêzer dy staking it meast detaillearre ferteld krijt, hast fan oere oant oere, wylst de skriuwer yn de rest fan it boek mei folle langere trêden troch de tiid giet. Hiel eigenaardich binne de twa kursyf printe stikken ‘Fyts’ en ‘De man fan de spitkeet’, dy't nei ‘De Staking, I’ en ‘De Staking, II’ ôfprinte stean. ‘Fyts’ is in lofsang op de fyts, de auto fan de gewoane man, wylst der krekt in ‘fiets- en samenscholingsverbod’ ôfkundige is en de plysje de lju dy't nei in demonstraasje wolle de fytsen ôfpakt. ‘De man fan de spitkeet’ giet oer it lot fan de man dy't foar in dûbeltsje berne is en - lykas bekend - nea in kwartsje wurde sil. Dizze beide kursive stikken meitsje dat de lêzer langer stilstean bliuwt by de staking en it dêryn opsletten drama; it belang derfan wurdt sa ekstra ûnderstreke. Eigenaardich is ek dat de skriuwer yn in noat ekstra ynformaasje jout oer it N.A.S. en literatuer neamt oer de soasjale striid fan doe. Yn TV-termen sein giet it hjir de kant út fan de dramatisearre dokumintêre. Besjocht men it boek as gehiel dan is opfallend dat de spannendste en wichtichste haadstikken, ntl. dy oer de staking, net oan 'e ein set binne, lykas gauris bart om in klimaks te bewurkjen. Dit hat fan gefolgen dat it ferhaal fan Aukje en Wybren wat plichtmjittich ôftrieddet nei de ein ta, wylst it hichtepunt al west hat. De staking hat - nei noch in haadstik ‘Prate en piele’ mei neipetearen - ek net mear safolle ynfloed yn harren libben. It bliuwt in episoade; Barelt en Wybren binne beide ek gjin man- | |
[pagina 187]
| |
nen út de spitkeet. Fansels woe de skriuwer de staking belibje litte troch minsken fan fleis en bloed en dat fleis en bloed krijt de lêzer dan ek, yn in dochs wat melodramatysk ferhaal. Wat dit oangiet sit de skriuwer mei twa fuotten yn ien hoas. Boppedat hellet it melodrama fan Aukje en Wybren (ferkrêfting, delslaan fan de boer, flecht, in oerwûn bern, ensfh.) it net, fergelike by it drama fan de staking, mei de hiele soasjale striid op 'e eftergrûn derby. It liket wol oft de skriuwer mar safolle mooglik stof yn it Aukje-Wybrenferhaal troppe hat, om it gewicht te jaan foar it staking-ferhaal oer. Hy berikt dêrmei allinnich mar in effekt fan ‘overkill’, dêrfandinne de kwalifikaasje ‘melodrama’. Wichtichste beswier is dat de beide ferhalen net organysk yn inoar ferweefd binne; it Aukje-Wybren-ferhaal befettet eleminten dy't foar it stakingsferhaal net needsaaklik binne. (In soartgelikense tsjinstelling foei my op by it stik Triljende ierde fan Piter Terpstra, it ôfrûne seizoen spile troch Tryater. Dêr wurdt in soad war dien om de persoanlike striid fan Piter Jelles út te byldzjen, mei help fan in sjongfaam en in striidfaam wylst dochs yn de twadde helte fan it stik it politike drama dêr't er de haadrol yn spilet, sûnder in soad teatrale keunsten folle sterker útwurking hat). | |
Verf, twadde kearVerf syn twadde boek befettet plysjeferhalen. Ik wol my hjir meast beheine ta it titelferhaal dat ek fierwei it langste is: 94 siden in foege novelle dus. It giet hjir net om plysjeferhalen yn de betsjutting fan de roman policier; it binne ferhalen dy't mien hawwe dat de plysje der in grutte rol yn spilet, gauris net sa'n moaie rol - al binne der útsûnderingen - benammen net foar minderheidsgroepen lykas kânsearme jongerein of gastarbeiders oer. De koarte ferhalen hawwe almeast in iepen ein; hja jouwe in sitewaasjeskets in ‘tranche de vie’ sa't dat wol omskreaun wurdt. Echt in hap werklikheid dus yn de wurden fan Tiny Mulder. Ek yn it titelferhaal giet it û.o. om de konfrontaasje tusken plysje en de besikers fan in jongereinsintrum dêr't in foarmingswurker delstutsen wurdt en dêr't letter ek de haadpersoan, plysje Wytse, ferwûne rekket. Oars as de foarmingswurker komt hy der yn it sikehûs gau wer boppe op. Sadree't er kin, giet Wytse der op út om de dieders op it spoar te kommen en hy komt sa yn petear mei allerhande lju dy't by it drama en it jongereinsintrum belutsen binne. Tusken de bedriuwen troch rekket er fereale op in suster, Baukje, in BOM-mem, dy't har gelokkich letter betinkt. It ferhaal wurdt net yn gronologyske lijn ferteld. Op side 12 leit Wytse al yn it sikehûs en krijt de lêzer fierder yn de foarm fan flash- | |
[pagina 188]
| |
backs it barren yn it jongereinsintrum te lêzen. It begjin fan it ferhaal is in soarte fan (frijwat sarkastyske) ynlieding fan de skriuwer oer de probleemgroepen en wat dêr wol net allegearre mei de bêste bedoelings foar dien wurdt, sûnder dat it úteinlik in soad helpt. It perspektyf ferskoot dan nei de foarmingswurker dy't delstutsen wurdt (s. 8) en op s. 9 wurdt Wytse yntrodusearre. De rest fan it boek is foar it grutste part fanút Wytse skreaun, al wikselet dat fan s. 27 ôf mei it stânpunt fan suster Baukje. It lêste stik krijt de lêzer dan noch te lêzen út it point of view fan de dieder, Broer, wei. Dit is allegearre frijwat yngewikkeld; de skriuwer rekket ek wolris efkes yn 'e tiis. Sa nimt er op s. 46/47 ynienen sels it wurd foar in tirade oer it militêre fleanfjild: ‘Gelokkich kamen der hieltyd mear minsken dy't it oars hawwe woene ... Baukje wie ien fan dy minsken.’ Ofsjoen hjirfan sit it ferhaal goed yn inoar. Krekt as yn It bliuwt pielen is it leafdesferhaal fan Wytse en Baukje der hjir ek wol wat op ta, mar de kompositoaryske ferhâldingen binne betten fanôf s. 83 oant 92 it ferhaal fan Broer, útrinnend op syn arrestaasje (en dea), dan noch twa siden as epilooch foar Baukje en Wytse tegearre. Wichtiger is noch dat it de skriuwer slagge is en fyn de goede ferhâlding tusken de dramatyske ûntwikkeling fan it ferhaal en it dúdlik meitsjen fan de efterlizzende problematyk. De dramatis personae krije genôch stal om werklik libjende yndividuen te wurden, gjin typen. Hja binne sa keazen dat de lêzer ûngemurken wei fanút ferskate hoeken mear ynsjoch krijt yn de problemen fan de (meast wurkleaze) besikers fan it jongereinsintrum, de rol fan de plysje, de jongereinwurker, de direkteur fan it sintrum, ensfh. | |
BeslútWerom nei de ynlieding: yn it wurk fan Willem Verf hawwe wy te krijen mei in (benammen yn it twadde boek goed slagge) besykjen om de maatskiplike werklikheid fan hjoed de dei op sa'n wize oan 'e oarder te stellen dat de lêzer dêroer oan it tinken set wurdt. De skriuwer giet mei de werklikheid yn 'e slach ynstee fan der ôfstân fan te nimmen. Hy jout gjin tsjûgenis; sels wit er ek net krekt hoe't it moat. Wy fernimme by de yntegere figueren lykas bg. plysje Wytse of de foarmingswurker in machteleazens foar de geweldige problemen oer. Fansels komme de netgoedwollende figueren der minder foar wei: yn dat stik fan saken sprekke benammen guon koartere plysjeferhalen dúdlike taal. Hat it no doel en rop de Fryske skriuwers op om mear happen út de werklikheid te dwaan? Op himsels is in wat útdaagjende oprop lykas dy | |
[pagina 189]
| |
fan Tiny Mulder ta ferbreding fan de tematyk my wol sympatyk. Yn it foarste plak moat lykwols sein wurde dat Verf net allinnich stiet yn syn besykjen; tink marris oan Anne Wadman syn Yn Adams harnas, Tiny Mulders Tin iis en Piter Boersma (bien étonné) mei syn Skuor. Fierder is it mar de fraach yn hoefier't skriuwers op bestelling skriuwe kinne en wolle. Ik diel de romantyske opfetting fan de ynspiraasje net, as soe it keunstwurk spontaan - as in soarte fan moerasgas, yn Bomans syn wurden - omheech buorrelje. Mar it oare uterste is wol om oan te wizen fan hokker soarte boeken ferlet is en dan fan skriuwers te ferwachtsjen dat hja tenei datsoarte boeken skriuwe. Sa is der yn Fryslân al faak frege om ‘moderne boereromans’, sûnder in soad fertuten. Slimmer is lykwols dat Tiny Mulder yn har oprop ek fuort de skriuwers dy't har resept net folgje moreel leechleit troch termen as yntegriteit, ego-sintrysk en lúkse yn it spul te bringenGa naar voetnoot1)". It binne swier laden wurden dy't jo yn in literêre diskusje mar slim brûke kinne, as jo net krekt sizze wat jo der mei bedoele. Ynteger binne jo as jo jo belestingbiljet earlik ynfolje. In roman is in stik fiksje; as jo yn dat ferbân oer ynteger sprekke wolle giet it oer in yndruk by de lêzer, dy't mei literêre middels ta stân brocht wurdt. Der binne in soad minsken dy't alle keunst lúkse fine; sels hâld ik o sa fan lúkse. In góéde psychologyske roman, gelyk oft er yn de ik-, dû- of hy/sy-foarm skreaun is, sil in soad lêzers oansprekke omt hja der wat fan harsels yn werom fine en de tematyk dus net persoans-bûn, mar universeel is. Dat jilelt ek foar poëzy. De trochslach jout dochs de kwesje fan de kwaliteit. By it happen út de werklikheid is der it gefaar hingjen te bliuwen yn in tendinsroman, dêr't de figueren net echt yn ta libben komme, of - in oare mooglikheid - de lêzer te bedobjen ûnder it iene aventoer nei it oare, sûnder dat der fan werklike djipgong praat wurde kin. Wa't lykwols oan dy gefaren wit te ûntkommen, kin by it ferbreedzjen fan it eachweid rekkenje op myn ynstimming en soms bewûndering. Mar as in skriuwer gjin bek op dy werklikheid sette wol, kinne jo him al min twinge. |
|