Fan 'e redaksje
Nihilisten, sinisten, pessimisten en alle oare opperteurs dy't noch drok oan it skriuwen binne foar it Ein-nûmer fan Trotwaer wurde der hjirby yndachtich op makke dat 31 augustus de definitive slutingsdatum is foar harren kopij.
Froulju en Fryske literatuer. Dêr sil it om draaie yn it lêste nûmer fan dizze jiergong. Tsjits Peanstra, Akky van der Veer, Baukje Wytsma en Tine Piebenga hawwe har ree ferklearre om de redaksje fan dat nûmer op harren te nimmen. Wa't no al graach wat mear oer dat nûmer witte wol foar in evt. bydrage oan dat nûmer, wurdt fersocht kontakt op te nimmen mei Tine Piebenga, Scheltemastate 34 te Ljouwert. Mear ynformaasje oer dit Froulju's-nûmer komt te stean yn it folgjende nûmer fan Trotwaer.
As lêste in fersyk oan Thies Roorda om yn ferbân mei evt. printflaters yn de kopij kontakt te sykjen mei de redaksje.