| |
| |
| |
| |
| |
| |
Eppie Dam
Fan Hiddema nei Hissema
Oer: G. Willem Abma, De oantaasting
De Tille, Ljouwert 1983
Elk dy't him weaget oan it besprekken fan in produkt út de Fryske literatuer, komt sûnder mis foar de frage te stean hoe heech at er de noarmen stelle moat om de kwaliteit fan dat produkt oan ôf te mjitten. De wrâldliteratuer as literêr-krityske spegel foar it Fryske boek falt fansels al dalik ôf. Mar dan. Mei de besprekker weirekkenje by it peil fan de Hollânske literatuer of moat er him ta de Fryske beheine, ja sels net iens fierdergean as in fergeliking mei earder wurk fan de skriuwer yn kwestje?
Elke benadering hat syn foar en syn tsjin. Salang't it Fryske literêre wrâldsje de spoaren draacht fan in ‘himsels bestowende incrowd,’ is it in goed ding en hâld it plak dêr't wy steane yn 'e gaten en de paden nei widere rûnten rom. Fan dat út is der wat te sizzen foar in fergeliking mei de Hollânske literatuer, wie it net dat soks ek frijwat ûnbinlik wêze kin foar de Fryske skriuwer oer. Dy hat him ommers literêr utere yn it Frysk en fertsjinnet it dêrom, beoardiele te wurden neffens de noarmen dy't men yn it algemien stelle mei oan de Fryske literatuer - noarmen dy't fierhinne bepaald wurde troch wat der yn dy literatuer al skreaun wurden is.
It koe wolris de eangst wêze foar dy ‘himsels bestowende incrowd’, dy't makket dat der yn besprekken fan Fryske boeken sa út en troch ris omraken útpakt, oanpakt en ynpakt wurdt. Of hat dat mear te krijen mei teloarstelling en/of argewaasje oer it feit, dat de Fryske literatuer oer it generaal dochs minder kwaliteit opsmyt as dat men winlik hawwe woe? Beide miskyn. Yn alle gefallen bestiet der in beskate huver foar moederaasje & solidariteit mei de Fryske literatuer, benammen om't soks maklik liede kin ta yn-'e-kont-krûperij, en dêr moatte wy ommers fys fan wêze.
De grutste foarm fan solidariteit mei de Fryske literatuer is, har produkten te hifkjen neffens har eigen noarmen. (Oft it op 'en doer ek de sûnste foarm fan solidariteit is, dat is fers twa.) Men kin lykwols noch fierdergean. Efter elk literêr produkt stiet in skriuwer, en ek mei him kin de
| |
| |
besprekker him solidêr ferklearje. De grutste foarm fan solidariteit mei in skriuwer is, syn produkt te hifkjen neffens dy syn eigen noarmen. De besprekker bedarret dan automatysk yn in rol fan posityf-kritysk begelieder en besiket miskyn, troch it produkt mei eardere produkten fan de skriuwer te fergelykjen, de skriuwer op in heger plan te bringen, wat fansels de literatuer wer te'n goede komme kin.
Wat mysels oanbelanget, ik ken my yn alle trije benaderingswizen wol in bytsje werom en haw se, leau ik, ek allegear hantearre, somtiden sels binnen ien en itselde besprek. It hinget faak fan it ferwachtingsbyld ôf en de literêre pretinsje dêr't it produkt mei presentearre wurdt, hokker ynstap at de foarkar kriget en de oerhân nimt. Wat net weikriget dat men as besprekker fan it Fryske boek meastentiids mei twa fuotten & twa earmen yn ien hoas sit. En kom dêr marris út.
Dat ik yn dit besprek fan G. Willem Abma syn tredde roman De oantaasting de klam lizze wol op in fergeliking mei syn eigen wurk, hat mear mei dat eigen wurk te krijen as mei in mooglik ferlet om de skriuwer de hegere noarmen de besparjen. Dêr komt by, De oantaasting is noch mar it earste part fan in trilogy (in feit dat yn it boek sels spitigernôch net iens fermeld wurdt!) en foar in einoardiel yn breder ferbân is it dêrom no miskyn noch wat betiid.
It boek dêr't De oantaasting dalik al yn earste oanlis in soad fan weihat, is Abma's earste roman In satansbern (De Tille, 1981). Lêst men de beide romans koart neiinoar, dan komme der, behalven de noadige ferskillen, noch in hânfol pregnante oerienkomsten by. Net allinne ferwize de famyljenammen fan de haadpersoanen (Hiddema en Hissema) neiinoar, ek yn har libbensomstannichheden en har hâlden & dragen binne se dúdlik oaninoar besibbe. Om't De oantaasting him beheint ta de beskriuwing fan de earste tolve libbensjierren fan de haadpersoan (Heerd Hissema), kin ik fansels allinne prate oer dy passaazjes yn In Satansbern dêr't de jeugd fan de haadpersoan (Wibren Hiddema) yn beskreaun wurdt.
Beide haadpersoanen binne as jongste bern grutbrocht yn in grutte hús-hâlding yn in boere(arbeiders)fermidden, dêr't in strang en benypt kristlik leauwe hearske, yn de meast letterlike sin fan it wurd. Beide haadpersoanen reitsje suver oanienwei iepenlik en/of ynderlik yn konflikt mei de minsken om har hinne, bygelyks de ôfstanlike heit, de ûnbetroubere mem, de narjende skoalbern. Beide haadpersoanen sitte tangele mei in lichaamlik/psycho-somatysk brek, dêr't troch de âlden te min oandacht oan jûn wurden is. Beide haadpersoanen hawwe op it doarp in fertrouwensman by wa't hja geregeld oer de flier komme en dy't har better begrypt as heit en mem.
| |
| |
Dit binne de wichtichste mar noch lang net alle oerienkomsten. Hoewol't it tal foarbylden net folslein wêze kin, wol ik hjir in lytse eksposee jaan fan sitaten út de beide romans, om dêrmei oan te toanen hoefolle at hja, oant yn it detail ta, mienskiplik hawwe. Oanslutend gean ik op in pear oerienkomsten wat fierder yn en hoopje tagelyk ek wat mear omtinken te jaan oan de ferskillen.
In satansbern
|
De oantaasting
|
haadpersoan: Wibren Hiddema |
haadpersoan: Heerd Hissema |
|
‘de benjamin fan de keppel’ (12) |
‘Hissema's jongste’ (76) |
|
‘In heit dy't behalven syn snor en syn hierlokje oer de foarholle ek yn oare opsichten mei Hitler te ferlykjen is.’ (30) |
‘(...) en ûnder de noas draacht er in ravenswarte koartknipte snor dy't syn uterlik noch stranger makket.’ (11) |
|
‘Ik wyt dat heit fan 'e jûn tsjerkeried hat (...)’ (82) |
‘(...) fan âlderling waard er tsjerkfâd en fan tsjerkfâd âlderling (...) (11) |
|
‘Mem sjongt súntsjes en sêft ferskes fan God en de Heare Jezus.’ (24) |
‘Linkendewei nestele har frommens yn Heerd: hy wie noch mar twa doe koe er al inkelde psalmen mei didelje.’ (22) |
|
‘Wat haw ik mear west as in soenoffer foar jo eigen skuldgefoelens, ik wie de rekken dy't jo oan God foldiene, mei my betellen jo Him ôf.’ (200) |
‘Heimelik besleat se dit bern oan God ôf te stean. (...) Hy soe it soenoffer wêze foar de skuld dy't sy op har laden hie.’ (21) |
|
‘It is moai waar en mem fertelt my fan alles oer de natoer. ‘de skepping Gods’, seit se altiten. (...) En altiten wer seit se dan: ‘It is allegearre út Gods hân, ferjit dat noait.’ (48/49) |
‘Se sloech in earm om him hinne en wiisde him nochris op alle skientme om harren hinne. (...) En se sei mei safolle klam dat dit allegearre út Gods hân wie (...)’ (44/45) |
| |
| |
‘Dêr tegearre fertel ik him oer de grutten en dat ik lilk, en fan mem ferlitten bin.’ (26) |
‘Mar wat it meast bedutsen fan alles broeide, wie in ûnbestimde hate tsjin de minsken om him hinne, sels tsjin de mem (...)’ (28) |
|
‘Mem skynt nochal bedoarn te wêzen as iennichst famke.’ (137) |
‘Berthe Reeuwsma wie de iennichste dochter (...)’ en ‘(...) wend yn alles har sin te krijen.’ (15) |
|
‘(...) sokke lju pearje sûnder der by nei te tinken, se wachtsje gewoan wat de Heare der fan makket. It binne krekt primitiven dy't gjin ferbân lizze tusken de seksuële died en swier reitsjen fan in frou (...)’ (147) |
‘De heit wist fan neat, sels net dat der al in bern wie. (...) en hoewol't er noait ferbân lei tusken de seksuële died en in berte, pleage him in dizenich skuldgefoel al dy kearen dat er de húshâlding grutter wurden seach.’ (6) |
|
‘Behalven Ruben. Ruben wie de iennige(...) Wy begrepen elkoar.’ (30) |
‘Mintsje(...) Sy wie de iennichste fan alle bruorren en susters mei wa't er noch in bytsje kontakt hie.’ (89) |
|
‘(...) beppe Hiltsje(...) Ik haw it net op har stean. Se sjocht altiten sa strang mei har smel en wyt gesicht. Se is lang en meager en se laket noait. Ik fyn dy oare beppe, de mem fan mem, folle aardiger.’ (50) |
‘Syn frou (de mem fan mem, E.D.) wie hertlik en leaf foar de trije bern dy't se hiene. Yn alles wiene dizze beide minsken it tsjindiel fan de âlden fan Jorrit, sels yn har uterlik: de mem fan Jorrit wie lang en skredich(...)’ (15) |
|
‘Wat die ik ferkeard yn myn kontakten mei de doarpsjonges? Ik wyt it net. Ik winske dat Feike, de oanfierder, syn mangels oangroeiden sadat er (stikke soe).’ (15) |
‘Wêrom stie God ta dat er narre waard, wêrom holp Er noait, wat hie men oan sa'n God? (...) Wêrom strafte Er de skoaljonges noait?’ (39) |
|
‘Theunis hate my, omt ik nei de middelskoalle gie(...)’ (18) |
‘Rindert wie der ek net aardiger op wurden sûnt er slagge wie (foar it talittingseksamen foar de |
| |
| |
|
middelskoalle, E.D.) en de oaren seagen al hielendal skilich fan oergeunst.’ (131) |
|
‘Haring is al âld, hy is widner. (...) Haring is altiten freonlik tsjin my (...) Hy skinkt thee yn en doch der in pear stikjes koeke by. Alle kearen as ik nei hûs gean, bynt er my op it hert fral gau werom te kommen om te dammen. / Sa is it al in goed heal jier gien, alle wiken sit ik ien of twa kear by him.’ (80/81) |
‘(...)Laas en Jiltsje(...) Se hiene gjin bern en wiene freonlik tsjin Heerd. (...) Jiltsje (...) kaam werom mei in grutte kop sûkelarjemolke. “Do meist sa faak komme ast wolst,” sei Jiltsje wylst Laas knikte. (...) Heerd kaam no regelmjittich, sûnder dat oaren der fan wisten, by Laas en Jiltsje.’ (74/77/78/87) |
|
‘Ik begryp de pine net dy't ik yn myn ear fiel en ek net dat ik der net om gûle mei. It glês limonade hoech ik net. Dat is myn protest (...)’ (50) |
‘Fan dat momint ôf begûn er earst te stammerjen. (...)en op in stuit kaam der alhiel gjin lûd mear. Unwil en ûnfermogen leine ticht byinoar.’ (29/30) |
|
‘Ik sit te wachtsjen ûnder de tafel yn 'e koken en boartsje mei de katten.’ (23) |
‘(...)om ûnder de tafel by de beide katten te kommen. Dêr koe er skoften tahâlde en einleas de katten oer de rêch streakje(...)’ (26) |
|
‘Healwei is de ôfslach nei de poel.’ (19) |
‘De poel lei in aardich ein fan it doarp efter yn it Marlân.’ (40) |
|
‘Al gau haw ik in behoarlike wytfisk oan 'e heak. It begruttet my slim as ik de heak út 'e bek skuor.’ (75) |
‘Al rillegau hie er byt. It wie mar in wytfiskje; alle kearen wer wie it oft er himsels de heak út de mûle skuorde, sa bot griisde it him oan hoe't dy bisten lije moasten.’ (114) |
|
‘Fannacht haw ik wer dreamd dat ik fan 't stalt foel yn it djippe wetter fan de grêft.’ (23) |
‘Dat er de frjemdste dreamen hie, wist allinne hysels. Sa siet er alle nachten weroan op it stalt oan |
| |
| |
|
'e feart dy't efter it hûs lâns rûn. / Altyd foel er foaroer de dûnkere djipte yn.’ (31) |
|
‘As ik dan wekker wurd, bin ik dweiltrochwiet fan it swit en skamje ik my dat ik in wiete ûnderbroek haw.’ (23) |
‘By soksoarte eangstdreamen liet er it steefêst rinne.’ (31) |
Yn 1981, doe't ik foar dit tydskrift In satansbern bespriek (Trotwaer 81-6, side 389-396), kaam ik oan 'e ein fan dat besprek ta it oardiel dat In satansbern as roman ‘net folslein mislearre’ is, mar: ‘dêr is dan ek wol alles mei sein.’ (395) No't ik De oantaasting lêzen haw en In satansbern foar de twadde kear, doar ik yn myn oardiel noch wol in stap fierder te gean: In satansbern is as roman mislearre. Hoewol't ik op dit momint fansels net wit hoe't de Hissema-syklus him fierder ûntjaan sil, soe it my gjin nij dwaan at ik nei it lêzen fan de hiele trilogy (‘mearfâldige roman’ wol Abma leaver ha) ta de konklúzje kom dat In satansbern as roman sels folslein mislearre is. It hat der nammentlik alle skyn fan wei dat Abma syn earste roman gjin oare funksje hân hat as dy fan iisbrekker foar it flaggeskip.
Yn In satansbern is de skriuwer deryn baarnd, hat er om him hinne slein en al syn enerzjy ferbrûkt om te brekken. Yn De oantaasting is er yn rêstiger farwetter bedarre, kin er de dingen mei mear distânsje besjen en in gruttere djipgong helje. Nochris, ik kin op dit stuit inkeld oardielje op grûn fan it earste part fan de trilogy (it klinkt yndie wat damesromaneftich, mar fierder is der dochs neat mei te rêden?), mar it liket derop dat de skriuwer In satansbern oppenij oan it skriuwen west hat (en mooglik is) en dêrby gebrûk makke fan de stof dy't yn dat boek yn 'e rûgens ferarbeide is. Hy hat it der by wize fan sprekken, wa wit letterlik, neist hân en hieltyd dy eleminten derút helle, dy't er no mei in mear monumintale oanslach nochris ûnder hannen hawwe woe - as in skilder dy't de grize, kwasterige grûnfarve weiwurket ûnder in mearkleurich motyf.
Abma sels hat syn trilogy ‘fiktive biografy’ neamd (de Strikel 84-4, side 121). It liket hast in contradictio in terminis te wêzen, mar it jout nei myn betinken krekt oan wat de tredde roman foar hat boppe de earste, nammentlik in heger persintaazje fiksje. Yn In satansbern sloech it libben fan de haadpersoan sa foar master op, dat de skriuwer (as skriuwer) der suver net oan te pas komt. It risseltaat wie in boek mei mooglik in aardich heech wierheidsgehalte, mar dêrmei wie it noch gjin roman. Yn De
| |
| |
oantaasting draait de skriuwer de saken om, hysels bepaalt it ferhaal, hy manipulearret, hy hat de toukes yn hannen en wynt de haadpersoan om syn finger. De roman wurdt der faaks minder autobiografysk fan, mar dêr hie de lêzer ek net om frege. Dy ferwachtet in ferhaal dat yn himsels nijsgjirrich is en troch de skriuwer oannimlik makke wurdt.
Dat it Abma yn dizze roman better as yn de earste slagge is en meitsje syn ferhaal oannimlik, hat behalven mei in dregere útwurking fan de thema's en it mear útdjipjen fan guon karakters, ek te krijen mei in stylistysker taalgebrûk en in gaadliker ferhaalperspektyf. It ik-perspektyf is ferfongen troch in hy-perspektyf, dat ôfwikseljend keppele is oan de haadpersoan en de ferteller. Benammen ûnder it gesach fan de lêste hat it ferhaal oan oannimlikens wûn. Lykwols sitte der ek yn dizze roman in stikmannich ûnwierskynlike passaazjes. Sa haw ik bygelyks muoite mei de tige flotte gewaarwurding fan de mem dat Heerd ‘in bysûnder bern’ wie en dat har ‘hast twatûzen jier nei Kristus (...) in nazareeër berne (wie).’ (21) Dat liicht der net om en hie dêrom ekstra dreech ynlaat en ûnderboud wurde moatten, nei myn idee. Dat Heerd op it húske yn geuren & kleuren in komplete abie poepe kin, ja sels ‘de puntsjes op de i en de j’ (81), dat binne fansels skytmerakels. Dat Heerd (11 jier) noch altyd by syn suster Mintsje (28 jier) sliept, wylst der fjouwer keammerkes leech wiene, hat de skriuwer besocht oannimlik te meitsjen troch te wizen op Heerd syn ûnfermogen om lûd te jaan at der wat te rêden wie. Dochs hâld ik ek hjir myn twifels, om't benammen de (Bonderske!) mem weet hie fan Heerd syn préokkupaasje mei it seksuële. Nettsjinsteande soksoarte ‘misserskes’, wit de skriuwer trochstrings de lêzer te oertsjûgjen fan de authentisiteit fan it ferhaal, sels dêr't it giet om de jonge jierren fan de haadpersoan yn kombinaasje mei syn bûtenwenstige talinten. Yn In satansbern wie dat oars.
Ek wat de styl fan skriuwen oangiet, is der in grut ferskil tusken it earste en it tredde boek. Wurdkar, sinsbou, ynterpunksje, alinejearring en ferhaalopbou drage net langer de spoaren fan hast en achteleazens, mar hawwe foarwerp west fan omtinken en oerlis. De oantaasting is hechter & helderder skreaun, en suniger - der hat in kritysk each oerhinne west. En dochs is styl net Abma's sterkste kant. Syn styl is neutraal. Die it proaza fan It satansbern gauris ôfbrek oan it ferhaal, it proaza fan De oantaasting kin it ferhaal drage, mar foeget der amper wat oan ta (útsein faaks yn haadstik 7 dat der (dêrom?) útrint). Ik wit net rjocht wat dat mei Abma syn proaza is, mar der leit bytiden in wat swiersettich-âldfrinzenich flues oerhinne. No wol ik dalik tajaan dat dit de sfear fan it ferhaal net alhiel misstiet, mar dan noch. Lit my it besykje mei in pear sitaten út it boek (de kursifearrings binne fan my).
| |
| |
‘Hy ferstive, ien mei de stoel dêr't er op fêstklibbe like(...)’ (7)
‘(...)oant alle snokkerjen smoarde yn in djip en eangstich swijen dat har mei de tate mong.’ (19)
‘Heerd stie oan de grûn neile doe't se by him wei fleach(...)’ (73)
‘As waard er troch in waps stutsen, sa skrok er.’ (116)
My tinkt, it is it gemak dêr't de Hollânske klisjees mei yn it Frysk oerset wurde, wat my winlik steurt. Gewoanwei jongesboekerich binne de passaazjes nei oanlieding fan Heerd syn akkefytsje mei Ate Tasma.
‘Dan giest der oan,’ dy wurden droanden driigjend nei. Noait soe er hjir mei Laas oer prate meie. Noait!’ (122)
‘Dan giest der oan, dan giest der oan,’ it bûnze mar yn syn earen al like driigjend en dûnker as dy eagen him oanseagen. Noait soe er hjir mei Laas oer prate, werklik noait.’ (123)
Wêr't Abma, yn fergeliking mei In satansbern, de grutste winst mei helle hat yn syn lêste roman, is de djippens dêr't er de karakters fan benammen de heit en de mem mei tekenet. De haadpersoan yn In satansbern is sa slim op himsels rjochte, dat er him oars net as flechtich en oerflakkich ferdjipje kin yn de eftergrûnen fan syn âlden, mei wa't er net opsjitte kin. Hoewol't it al yn him opkomt dat elk mins wolris it produkt fan syn ferline wêze kin, jilelt soks yn feite mear foar himsels as foar de heit en mem. Der wurdt in oanset jûn om it hâlden & dragen fan de âldelju te ferklearjen, mar mear as in oanset is it ek net. ‘Mem skynt noch al bedoarn te wêzen as iennichst famke’ en (oer de heit) ‘Hy moat thús sels ek tramtearre wêze, ik hoech my beppe mar foar de geast te heljen.’ (In satansbern, 137) Dêr hâldt it wol sawat mei op. Boppedat is it de skriuwer yn In satansbern net slagge en jou de haadpersoan dy oprjochtens mei dy't syn wurden echt meitsje moat - der sit wat fan in pose yn. Yn De oantaasting is dat oars. Nei't yn haadstik 1 de berte fan Heerd Hissema beskreaun wurden is, wurdt haadstik 2 útlutsen foar in wiidweidige beskriuwing fan de eftergrûnen fan de heit, en haadstik 3 foar dy fan de mem, plus in beskriuwing fan harren houlik oant dan ta. It hat yn dit ferbân gjin doel en gean mei sitaten fierder op dy eftergrûnen yn, wêr't it om giet is dat se yn heldere halen oanjûn wurden binne en dat behalven de haadpersoan, ek de âlden as minsken fan fleis en bloed (en net as karikatueren) it ferhaal yn kinne. Net dat har hâlden & dragen dêrmei goedpraat wurde moat, mar it wurdt al begrypliker, wat fierderoan de tragyk allinne mar grutter meitsje sil.
| |
| |
Nei dy earste trije haadstikken, dêr't de skriuwer de linen yn útset hat, stiet de roman dalik op poaten. Sa net, winlik stied er dat al nei de alderearste alineja fan it boek, amperoan fiif rigels lang, en dat wylst In satansbern nei 200 siden nóch swom.
‘Hoewol't it midsimmer wie, sie it needwaar doe't er berne waard. En it wie snein. Trije dingen dêr't noch it ien en oar bykaam sadat der genôch wie dat him in libben lang hjitfolge. Dat der nei him net ien mear út de skurte fan de mem glide soe, wie ien fan dy bykomstichheden.’ (5)
Der sit wer sa'n stive formulearring yn dy't krekt net it effekt hat as dat faaks de bedoeling wie (‘út de skurte fan de mem glide soe’), mar oars iepenet dizze alineja yn al har kompaktens dalik al it perspektyf foar de fierdere gong fan it ferhaal - der is in see fan romte skepen. Hissema's libben wurdt yn ien haal tige suggestyf ûnder de tekens brocht fan striid, twariedigens, tragyk. It is ek in alineja dy't hingjen bliuwt yn it ûnthâld en neigeraden dat it ferhaal him fierder ûntjout, oan ynhâld en betsjutting wint. De benaude brodzige sfear fan it âlderlik hûs (it wie midsimmer), it oardiel fan de heit mei in gesicht dat op tongerjen stiet, en dat fan de God dy't him as in swarte wolk fan ûnwissichheid en driging boppe de holle hinget (it wie needwaar), it ympregnearre-wêzen fan it hiele bestean mei de bitende beits fan dogmatysk leauwe & tsjerke (it wie snein), allegear binne it eleminten dy't har earste oanset hân hawwe yn dy iene alineja. En wat dy alineja docht yn it lyts, dogge de earste trije haadstikken yn it grut: de iepeningen meitsje foar it ferhaal.
It ferhaal rint linejêr en jout in kronologysk oersjoch (it wurd is wat oerflakkich - it ferhaal skaft earder ynsjoch) fan it libben fan de haadpersoan. Haadstik 4 sketst in byld fan Heerd syn earste trije-fjouwer libbensjierren, haadstik 5 beskriuwt syn beukertiid, haadstik 6 syn earste jier op skoalle, ensafuorthinne. It boek, en dêrmei it earste part fan de trilogy, slút ôf mei haadstik 17 - Heerd is dan tolve jier âld en klear om nei de middelskoalle ta. Sa'n linejêre útwurking leit foar in biografy fansels wol y n'e reden. Hoewol't ek wat dit oangiet it ferskil mei In satansbern opfalt, dêr't stikjes bernejierren troch it trochrinnende ferhaal frissele waarden, is dat boek dochs net op dit punt mislearre, nei myn idee. Wat ik yn it lêste haadstik fan De oantaasting al mist haw, is in wat evaluëarjende gearfetting fan de ferteller, dêr't alle linen nochris yn byinoar komme en in oanset yn jûn wurdt foar it twadde part. No knapt it ferhaal ûnferwachts ôf en stiet de roman as literêre ienheid mooglik dochs te min op himsels.
| |
| |
It measte fan wat Ik kwyt woe, is hjir wol mei sein. Oer myn oardiel oer De oantaasting yn relaasje ta In satansbern hoech ik, leau ik, net mear op 'e tekst. Miskyn noch al efkes koart oer dat iene haadstik dat der qua kwaliteit sa dúdlik útrint: haadstik 7, dat fan de poelreis fan Heerd en syn mem. It is yn alle opsichten (fernimstigens, yngeandheid, emoasje, sfeartekening, timing, taalgebrûk) in treflik stikje fakwurk(!): benearjend en befrijend tagelyk, dreech en transparant, stouwend en farkeljend, oandwaanlik en humoristysk. Net allinne ynhâldlik, ek nei de sfear docht it ferhaal sterk tinken oan it wurk fan Maarten 't Hart, in fergeliking dy't him trouwens faker optwingt. It wie miskyn nijsgjirrich en wurkje sa'n fergeliking, bygelyks at de hiele trilogy der leit, nochris fierder út - alteast, at der dan noch likefolle oanlieding foar is.
|
|