Hja glimke fermakke om myn niget oan de skilderijen en iepene in doar nei in grutte salon, dêr't fioelemusyk dalik myn oandacht hie.
Twa froulju by in fjoer kamen gau oerein.
Us foarsteld as freondinnen fan de gastfrou, wiene hja allyksa klaaid yn lange jûpen en net minder moai.
De readhierrige makke in lichte bûging en lústere de architekt wat yn it ear, laitsjend ferlieten hja earm yn earm de keamer.
De oare, in lytse, ljochte frou, glimke om it tafriel en sette har wer del by it fjoer, doe't op itselde stuit de fioelemusyk ophood en in grutte frou hoeden op ús takaam.
‘Hâlde jo fan fioelemusyk?’, sei hja fuortendalik nei't wy tige formeel fûstke hienen.
En ear't ik anderje koe, ‘It is in sinlik instrumint, it easket leafde, oanienwei leafde, sûnder betingst.’
Ik rekke even yn betizing fan har strange eagen, en doe't hja myn ûnwissens merkbiet, bûgde hja nei my oer en frege wat ik drinke woe.
Nei't hja ús allinnich litten hie, socht ik de hal wer op om de skilderstikken nochris wiidweidich te bestudearjen, doe't ynienen in doar iepenswaaide en twa froulju my gysten temjitte kamen.
De konfrontaasje wie like ferrassend as ûnferwachts, en wylst hja tagelyk stil hoden, glieden har swarte eagen ferwûndere by myn stal lâns.
Donker fan hûd stelde de iene har brutaal op yn in trui, wêryn't de swiere boarsten oanienwei ferweegden.
De oare kontrastearre yn in read streekjespak en gychele oanhâldend. ‘Wy hearre by it hûs,’ kaam de earste, sûnder dat ik der nei frege hie, en op in toan oft hja my in geheim meidielde.
De oare seach sykjend om har hinne en gnyske.
‘Wy soargje foar it iten, net mear en net minder.
‘O,’ sei ik, mar ear't ik de kâns krige om der op yn te gean, kaam de architekt yn 'e doar en frege de froulju minlik alles ree te meitsjen foar it miel.
Freonskiplik lei er my in hân op it skouder en sei ta my nei it miel mear nijsgjirrige skilderijen te toanen.
Fansels wiene Lise en ik útnoege om oan te sitten oan it miel.
Hy kniep my yn 'e earm en gong werom nei de salon, dêr't er, hieltyd omringe troch froulju, ferhelle fan brike foarfallen út syn wurk.
Lise hie it sa't it like nei 't sin.
Ut en troch wiksele er fan plak en prate yntym mei de froulju, wylst hja amusearre nei him harken en him boartlik oanrekken.
Tjarda kaam deun neist my sitten.