Trotwaer. Jaargang 16(1984)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 149] [p. 149] Sybe Sybesma Antwurd Goudglânzgjend hat de tiid gjin boadskip mear, binnen dy sletten sirkel wuollet woede: it stjerrend ljocht set alles yn 'e gloede, it libben tynt en docht himselme sear. Dy krêft hantearret leafde, en de roede, de wylde roas, it fûgelt, lear om lear, libje har út yn ûntwang o sa tear, fan herten nimt men har ûnder jins hoede. De wierheit is it ûnforhoalen barren, mar ỳn de tiid, hja is in stoarmryp farren op 'e koerts fan in sé dy't ûnbigryplik is; tingje net nei de dea, o faem, kom harren, dounsje dyn douns dan mei yn dizze tsjusternis en begroetsje it ljocht dat nou op kommen is. Vorige Volgende