Trotwaer. Jaargang 16(1984)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 148] [p. 148] Baukje Wytsma Moeting Ik skilderje it libben yn pastel en hein it sa yn dizige kontoeren. Pensielje wurden oer de stille oeren, oant by de fierste grins: dy iene tel dat alles gearrint, alles stadich floeit muoiteleas oergiet yn it lêste witten. Oant ik my burgen fiel en tagelyk ferlitten, in wylde roas, dy't bliedend iepenbloeit. Sêft reitsje ik de wiere dingen oan en fiel my troch it libben sels omsletten. Dêr jilde oare krêften, oare wetten, dy fan de earste dei, de earste moarn. Himel en ierde ha de tiid fergetten, ticht om my hinne wurdt de sirkel sletten. Vorige Volgende