Trotwaer. Jaargang 16(1984)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 150] [p. 150] Cornelis van der Wal Berte Waarm en weak it fiskbegjin. Sinneleaze hoale dy't oan bonken hinget; út syn bûtenierdske eagen streamt lykwols ûndersykjend ljocht. In útwrongen ingel raast op kâlde wite lekkens. It sêfte weefsel skjirret syn jit hillige hûd. Rûne blauwe wurden rôlje út gatten dy't yn glimkjende hollen sitte en sakje troch de sloarpjende trachter, syn weake plasse. Foarmje de earste koarste. [pagina 151] [p. 151] Oergong Magesoer baarnt gatten yn dyn skaadzjende harsens, sadat stjerren sichtber wurde en grimmitige goaden dy't mei parsjende stjonkteannen sinnebloed út dyn lichem drukke. in spûns fan droech sûgjend sân jout dyn libben troch oan it ranende fjoer en út 'e himel daalt in switterige hân. Vorige Volgende