Trotwaer. Jaargang 16(1984)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 140] [p. 140] Margryt Poortstra Turfsingel 67 it rút begjint ûnder myn knibbels al steil en twa kear heger as myn eigen hichte lûkt it my steatlik lang boppe de strjitte dêr't de mannichte djip yn 'e mantels foarbyskoot stean ik de stille jûn te reden fan bûten ôf betsjut it neat gjin minske doart it antlit iepen nei de rein te slaan en nimmen sjocht my yn de eagen nêst al dy grize skaden rin ik de trêden ûnder 't finster mei dy't tsjin de muorre stikkenspatte oant it petear ferskoffelt yn it swart [pagina 141] [p. 141] Post-nataal (1) myn reserves op nul nimsto noch mear sûchst oan myn libben en drinkst myn bloed flewielen wankjes sykje wreed myn hûd dyn gûlen sit ferpakt yn 't lûd fan wettertsjettel rein en wyn do lakest mar ik leau dy net ik traapje der net yn stil te sliepen slachst my alles út 'e hannen ferbjustre eagen om my hinne bloedbannen, memmehert fan falen fal ik útinoar ik doar dy net [pagina 142] [p. 142] Post-nataal (2) yn in kuorke ha 'k dy op it wetter set myn hannen heine it reid mar keare it net se stiene dy nei 't libben leaf leaf lyts jonkje se leine 't der sa lang op ta oant ik dy net mear ha woe net sjen koe sûnder sear. it baarnde mar wetter dwêst fjoer en wa sil wetter sline letter gean wy hân yn hân nei 't ûnthjitten lân wy sille it wol fine [pagina 143] [p. 143] Shot dyn fel fearret en it waarme fleis dêrûnder stjit hecht de hûd yn eigen strakke skyl heech op 'e skonken kontoeren skerp tsjin 't jûnljocht it pleisterwurk by 't kâlde ôf profesjoniel op 't ramt oanbrocht stiesto dêr neaken nei te wêzen twa trêden en it triljen fan dyn tagedienens sil yn it fjoer fergean mar sa yn byld beferzen bliuw sa noch even stean Vorige Volgende