Trotwaer. Jaargang 16(1984)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 144] [p. 144] Baukje Wytsma Lyts palet De skilder Hy skildere it net te heinen lûd, de net te kearen tiid. Hoe ûnbedimber wie syn langst nei it ûnmjitlik himelblau. Losbannich frij socht hy om wat it each net sjen kin en it ear net hearre. Sa hat hy him ûnt- dien fan libjen en fan stjerren en waard him lang om let it ûnfergonklike ferklearre. [pagina 145] [p. 145] Stillibben No leit it libben stil, der is gjin tiid. Njonken it oanrjocht noch de lêste boere- koal, sa fan de tún. De earste maaitiids- wyn strykt oer de wite krookjes. De katten sliepe wer en der is gjin ferweech. Binn' 't inkeld dingen dy't ús finzen hâlde? Kearpunt of wei fan net werom? Vorige Volgende