Trotwaer. Jaargang 16(1984)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 135] [p. 135] Geart fan der Mear XXII jo kant de kleau - ferwachten jo in doel fan mij, in sin, ferfolling fan in dream? wie 'k foar jo as de blêden oan in beam dy't it sinljocht heine en it grut gefoel dat waarmte jout, dat reizge troch it kâld hielal? gjinien wol neaken, doelleas, stean noch foar't de winter komt - dus moat ik gean, om jo, troch libbens jiergong, en it sâlt priuwe fan langst nei dy iene maityd - foarbij - en, om jo, ek ûnderfine: gjin takomst, gjin doel litte har bine oan it eigen sels as 't gjin oarsprong wyt. in swiere leechte dûzelt yn myn holle. dêr soe ik jo soms om ferflokke wolle. [pagina 136] [p. 136] XXIII mar kin it net. want ik moat wer tinke oan dy nacht, jo lêste nacht, it lange wachtsjen op 'e dea. jo longen, lippen, blaasden lucht, suchten, as lêste tekens - mar foar altyd wie de tagong sletten ta jo geast. dêr't ik, yn jo omtinken, net mear bestie. jo libben fegetaal, dy nacht, mar nóch yn 'e geast fan dy't jo fleis wiene en bloed. bij de dea fan elk fan ús stjerre jo noch mear, oant der neat oerbliuwt as jo namme yn argiven. ek dat fergiet. ik wit, in minske siket tiid fan libjen bûten himsels: bestean, duorje, woen' jo ek nei jo hinnegean. [pagina 137] [p. 137] XXIV jo sochten it duorjende yn jo god, net allinne yn jo bern. ik kin it net. ik kin net leauwe dat de minske eat bliuwends besit, oars as de langst dat dát duorje mei wat ienris is. wij wolle, healwiis, bernachtich, fêst yn ús earmen klamme elk lyts momint, en gods foarmen hjir op ierde sjen. troch ús tefolle oan langst fermannichfâldiget de langst en flechtet foldwaning achter fiere kimen. hjír is it plak, en it wiere lok is dít momint. hie ik dochs gjin eangst om hjoed, om hjir - nim 't lok fan no, fan hjir yn hannen dat foar myn fuotten leit: 't leit net ‘oan fiere strânen’. Vorige Volgende