| |
| |
| |
[Nummer 3]
Jan Wybenga
De foksejacht (fragmint)
I
1.
Skrousk maitiidswaar. Troch it leech
en lek pandak siperet de rein.
De dokken rotsje oan it wrak,
skimmelich spjirwurk, bryk op de
útbûke muorre. Lek en bryk.
Lek en brek. It lekken is troch
tusken de Macht en de man dy't
heukeret yn 'e klint, in paria,
in dwerstriedderich eamelder.
Yn eigen each 'n skierfoks yn syn hoal.
Dêr sit er, blêdet yn in boek
en priuwt en kart in rigel as
wyn fan in goed jier: in mâle
oanwenst, oer út better dagen.
En wyls syn eagen bylâns de
muorren glide, sjocht er oan 't damp
behang de print, abstrakt, fûl read,
fier útskaaid fan 't skilderij dat
‘als bloed in de schemering hangt.’
Ferklomme wurden, toarre rangen
fan 'n ferkommen spraak, onmachtich
in feale print ta nije gloed
te twingen, as er se preuveljend
beswarrend sprekt: as bloed, as bloed!
Preuvelje, âlde, wylst as dreech
delgiet yn dy. Preuvelje dyn
| |
| |
tizepraat, mei't it ljocht dy yn 'e
eagen byt as swit, de flier rêd
omkipt yn dy... Dan bist der wer,
sitst kei nij tizepraat te
stammerjen: bidst, lakest, tankst.
Wachtsje ôf - derôf bist net!
| |
2.
Dêr rint de âld foks. Beneam him mar
as Harke of Reitse, 't maalt net:
hy bliuwt onsjoch en griis, lûkt wat
mei de foet en skoffelet bryk by
de muorren lâns. Hy wennet al
sont jierren yn 'e stêd, dochs bliuwt er
doarpsman, de holle fol oare
dingen as dy't elk sjen moat. Heal
los fertroud rint er yn himsels
te rútsjen, seit heallûd rigels
út âlderwetske teksten op,
ketterpraat nei it fersetten
fan de wet. En onderwrottend
neffens de Nijen, dy't kedize
oer wisse en himmele kliniken
mei feardich psychologefolk,
oer kampen en barakken yn 't fean.
Hy wit syn bêst net. Hy bliuwt dwers
en eigenwiis, besiket slûchslim
stokeljend de Macht de stikeljen.
Hy is net wurdich dat de sinne
noch ljocht oan him spandeart,
ien fan it te ferdylgjen naasje
dat yn it tsjuster fegeteart...
Mar sjoch, dêr rint de man en nimt
frijút syn part oan sinne en wyn.
Ek 't sulverwaaske oer 'e beammen
| |
| |
en op 't grien wetter yn 'e grêft
wurdt sines mei en oer 't rea kleed
fan blossom op it tegelpaad
wâdet er mei nocht, lossinnich.
| |
3.
Hy woe as rintenier sa'n ljochte striehoed drage
en, mei de boksen fan 'e broek wat omteard, rinne
yn in blau ingelsk himd mei koarte mouwen.
Moarns slakje-fandelje fan 't slaad en yn 't skaad
fan de jasminen wjudzje, in noflik moarnsskoft lang
trochpielend. Dan yn de koele keamer, lins nimmend
- blêden foar 't finster weevjend, blau skaad oer 't behang -
troant er faraöanysk yn syn brede reiden stoel,
priuwt de kofje en de krûdich farske koeke,
pratend oer 't ierdske, dat er hast ontgroeid is,
evenredich. En eefkes fan it ivige reppe, temûk
glimkjend, as ien dy't de geheimen wit.
| |
4.
Op in bank by de fiver yn 't park glydt de skierfoks
- in kochelich âld man, dy't drop brûkt by 't hânfol -
yn 'e smûkens tebek fan âlde maitiidsdagen.
Kreas jonkje yn in wyt matroazepak
drafket er nêst mem, foars strûzjend
efter in hege bernewein. Skerp snijt
it gummy om 'e tsjillen in smel spoar
yn it skylpaad. Onder de brede râne
fan 'e hoed faget Mem 't swit fan 'e holle.
Slûch dine as no de dei op fiverdriuwsel,
buskes, útweakke bôle, houtsjes. En noppich lei
it ljocht bestjurre onder it oerhingjend grien.
Mar de einen bin no roppiger en minder bont,
de swannen sa steatlik net, mar frijwat suterich.
| |
| |
Oer 't park spande as no in macht fan wolkens gear:
In bleke loft, mei streken swart berûn. Roazen
en rododendronstrûzen struie de kleuren
loswei it paad oer en yn it spegelflak
fan de fiver foar him it glêde skerm dêr't
in âlde film triljende oerhinne skoot.
Onder hege iperen beammen
fan de heechoploege preammen
yn de spegel fan de doarpsfeart.
Foar de eagen fan de tille
wifket wyt in doweflecht.
Yn smook en dampen stint it tramke
onder de ikebeammen troch
en in T-ford stuitet stadich
de buorren út de strjitwei del.
It lyts wyfke út it tolhûs
drafket stjitrich nei de hikke
om de dûbeldstoer te garjen.
Mar gekjeiend komme hearen
jagers út de âld herberch
om op de slimme foks te jeien.
Hjoed, wylst him de sinne onferhindere
glâns spandeart, riist waarm ferwachting
yn him op, al bliuwt it bitter
witten dat er in slach ferlear
en him net oppenearje mei
yn de nederlaach syn dryste
glossen skikke, net temûk
kloftsje mei sibben nei de geast.
Want de nije hearen jagers
binne ree om 't fjild yn. Dan
wurde fuort de foksen faai.
| |
| |
| |
5.
Op syn bank by de fiver yn 't park lêst de âld man
- oan idele rhetoryk ferslingere ketter - yn de Georgica
Maro syn wurden oer de kar fan de bêste fôle.
steatliker stapt in fôle fan edeler bloed
yn 't lân, set liniger de fuotten del en draaft
foar de oaren út. hy doart it oan as foarste
it driigjend wetter te fergjen en him earst
te weagjen op 'e frjemde brêge en is net eang
fan idel gerûs. heech draacht er de hals, sierlik
de holle. hy is gewant en sit oer de rêch
goed yn it fleis, spiersterk is it boarst, ticht
waachse de moannen, dy't rjochts oer 't skouder hingje:
densa iuba et dextra iactate recumbit in armo.
Domwei genietsjend lit er dy wurden oer it wetter klinke
en sjocht dat oare kant de fiver de jacht wer iepen is:
in jager set syn strikken dêr op stiennen treppens út,
de eagen skerpsteld op it byld fan skerpbemjitten froulju,
dy't hieltyd oars de ranke lea wer spanne en grutsk har
fange litte, klik op klik. Yn djoere pronk ynfieren,
yn losser klean as fôlen derten, spanne se gear
tsjin syn âldmannedream fan in behâlden park, taaste
de stilte oan mei snijend skerpe stimmen en swier
raspjende auto's by 't gean. Utdolde paden, spattend grint.
|
|