Trotwaer. Jaargang 16
(1984)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 112]
| |
Jo Smit
| |
[pagina 113]
| |
forline yn in histoaryske dito? Boppedat, in karikatuer - as hwat dat dy namme fortsjinnet - birêst op it útkomme litten fan biskate trekkens to'n koste fan oare en dat forskynsel is sa âld, mei it net wêze as de wrâld, dan dochs yn elts gefal as de literatuer. ‘Mar Van der Leest griemt âld en nij trochinoar, hy biskriuwt it forline gauris yn wurden fan hjoed-de-dei’. En dat is wier, mar alwer gjin argumint. ‘Wy skriuwe 1345’, sa bigjint it romanforhael en it hiele boek troch hâlde wy de oertsjûging dat it 1345 is, sa sterk dat de skriuwer krekt dêrtroch stilistyske bokkesprongen meitsje kin. Hwannear't op side 69 Dynte yn in âld harnas (út 'e fjirtsjinde ieu) op in drafkjend hynder sit, stiet der dan dat se ‘skoddet as in lege molkbus op in oanhingwein’. Dat byld soe ús net sa amusearje as wy it net ûndergiene as anachronistysk. Dat wol sizze, it byld is klear en goed, mar dúdlik ûntliend oan in resint forline. Dat soarte fan dingen bart faken ek yn itige en earnstige histoaryske romans, sûnder dat it bot opfalt. Dat it yn Hertenfrou & Skoppenboer al opfalt komt alderearst mei't wy hwat it forhael oanbilanget o sa yn it bidoelde forline toevje. De principiéle fraech oft yn in histoaryske roman altiten inkeld it ydioom fan de tiid dy't útbylde wurdt, brûkt wurde mei, liket my troch de praktyk wol biandere to wêzen. Fansels sil in skriuwer, bihalven as er lykas Reinder humoristyske bidoelingen hat, al to slimme anachronismen út 'e wei gean, mar oan 'e oare kant wol er dúdlik wêze foar syn lêzers, wol er lêsber bliuwe en sil er dochs as grounslach it eigentydske ydioom foar kar nimme. Grif hwannear't it giet om in auktorieel perspektyf lykas yn Hertenfrou & Skoppenboer. By in ik-forteller hipt it fansels folle nauwer. Mar hwerom soe men de auktoriéle forteller net gunne hwat men ek de auteur fan in reisbiskriuwing gunt, as dy forhellet fan in oar lân, mei in oare tael en oare uteringen? ‘Mar’, seit in oar, ‘yn Hertenfrou & Skoppenboer is yn 1345 in Pottelomme in soarte fan kening fan Fryslân en dat roait fansels igge noch seam’. Miskien is ek dat wier, mar yn histoaryske romans skeppe nou ienris de skriuwers gauris út 'e frije hân har personaezjes. ‘Ja, mar dan giet dat om minsken út in rige fan nammeleazen, net om in kening, hwant as dy yn sa'n boek foarkomt dan is dat mei bihâld fan namme en hwat der fierders fan him bikend wêze mei.’ Wis, mar dêrmei is de frage hoefier't men gean mei yn it sels skeppen fan romanpersoanen net biandere; moat men boppe in biskate rang of stân ophâlde? Dat sil net ien dochs úthâlde wolle. Fan de steatkundige forhâldingen yn it fjirtsjindeieuske Fryslân witte wy mar och sa'n bytsje en dêrtroch is it fansels ek | |
[pagina 114]
| |
min to biwizen dat sa'n ien as Pottelomme net bistien hat. Ek hwa't yn it algemien úthâldt dat Van der Leest nochal frijmoedich mei de skiednis omspringt hat fansels gelyk, mar noch neat sein dat ta twivel laet oft Hertenfrou & Skoppenboer wol binnen de definysje fan histoaryske roman past.
Oard: Hertenfrou & Skoppenboer is in ûnkristlik boek. Ik bidoel dêrmei in net-kristlik boek en biskôgje dat as in tige positive kwaliteit. Bihalven de namme Pottelomme en de iene kear dat de haedpersoanen oernachtsje yn in tsjerkje as frijplak (fansels mei dûbele bitsjutting by Van der Leest) is der neat yn it boek dat der op tsjut dat it Kristendom ea de Fryske lannen birikt hat. Net yn de tael fan de persoanen, noch yn har hâlden en dragen, noch ek yn de tekst dy't har avontûren meidielt, is der hwat ek to fornimmen fan skuldgefoelens, fan it eigenaerdich skied tusken lichem en siele of fan hokker dogmatisme ek. It forhael wurdt forteld omwille fan himsels, sûnder morael of kommintaer. In skutter út Frankryk, sa bigjint it, reizget efter syn korps oan omt er dronken west hat op it momint dat it gild op 'n paed gie. Yn deselde snuorje is de breid fan Willem IV fan Hollân útpike op in skip dat lykwols ûnder de kust fan Fryslân forgiet. It frommes rêdt it libben dêr ôf en spielt oan yn Fryslân, hwemei't hja bislút nei Denemarken to tsjen, nei har neef Lathem. Safier komt hja net, hwant op side 39 moetet hja de skutter. De twa bringe togearre, yn de frije natûr de nacht troch en dan bart der op side 45 hwat hiel bisûnders. Se sitte huverjend yn de moarnsdize en hja freget: ‘Hwa bistou?’ It andert is: ‘Nier Hinnebruier’ en hja anderet op dyselde frage fan him oan har: ‘Dynte Planteit.’ Foar my is dit it hichtepunt fan it boek. Dy sjamanistyske trekkens fan de protagonisten wie ik net op fortocht. Dat Proteuskarakter bringt ús yn in prae-kristlike wrâld, al is it net dy fan de âlde Griken. Hoe soe it ek, it giet ommers om in Frysk boek fan in Fryske skriuwer. Ek yn de âlde Germaenske wrâld fine wy sjamanisme en wol bisûnder dúdlik yn de Odin/Wodan-figuer. Nou wol ik net biweare dat Reinder van der Leest trochkrûpt is yn âld-germaenske mythology, mar dat makket neat út. Hy tôget blykber ûnbiwitten gâns in erfskip mei. Him tinkt dat er biynfloede is troch Tristram Shandy, troch Rabelais, troch de moderne film en de âlde tûzen-en-ien-nacht, en dat sil grif allegearre wol sa wêze, mar foar in great part is dat uterlik en formeel, ûnderwyls lykwols kringt yn de ynhâld dy't er sels bitinkt, dy't yn him opwâllet, âld germaensk erfguod troch. Ik wit dat omt ik foar mysels it germaenske legaet biwust akseptearje, al hat dat gâns tiid en ynderlike wrakseling ferge. En doe noch! | |
[pagina 115]
| |
Hwat in ynderlik forset hat er net by my west, ear't ik ynsjen woe dat Tony Feitsma Odin is. Dêrmei bidoel ik gjin byldspraek of symbolyk, mar in feit. Wy witte dat Odin him graech yn it stal fan in frommes forklaeit om twaspjalt ûnder de minsken to bringen. Wy witte ek dat er de útfiner is fan de runen en tige dwaende mei allerhande grafemen. Tony Feitsma is Odin, lykas in ûnbikende skutter út Frankryk Hinnebruier is en de Ingelske Prinsesse/breid fan Willem IV: Dynte. Der is yn it bigjin fan it boek noch in ûnbikend, nammeleas frommes, dy't har uteret yn it latyn, hwat ta gâns komyske scènes oanlieding jowt, mar oan 'e ein docht bliken dat hja Nano is (ien fan de bettere nammen yn it boek), de suster fan Pottelomme, dy't de deis fan har mearderjierrigens spoarleas fordwoun is. Mar dat is hwat út it avontûreforhael, net út 'e djippere lagen fan de mythe. Dynte heart dêr wol yn thús. Hja is de white goddess yn de wurden fan Robert Graves. Hwat har ek oerkomme mei fan 'e side fan de wrâld, hoe't hja uterlik ek yn 'e knoei komme mei, hja bliuwt strieljend en ûnoantaestber yn har froulikens. Alle smoargens fan 'e wrâld gliidt fan har ôf, as wetter fan in ein. Omtinken fortsjinnet it taelgebrûk fan Hertenfrou & Skoppenboer, dat blykber gjin forlet hat fan it trochbrekken fan taboes, omt er gjin taboe is. As Nier en Dynte yn in skieppeskuorre op 'e hjitte die trappearre wurde, seit it forhael: ‘Hy lûkt syn sabel ut har skie. Drippend fan leafde komme se oerein. Mar it is al to let.’ Dat lêste net yn 'e sin fan Winnetou, mar omt se snipt binne. De oanfierder fan de skutters ‘is út militair hout fike’, sa docht bliken en hy bolderet: ‘Lostlitte en opstelle’. Dan foarmje de skutters in karré en it boek forhellet: ‘Pimelneaken en poeskebleat steane Nier en Dynte yn it midden fan it fjouwerkant’. Dat is net de tael fan in Kristlik boek.
Tred: Hertenfrou & Skoppenboer is in avontûreroman, lykas de histoaryske romans fan Walter Scott avontûreromans binne. Forhalen mei in plot, mei de nedige bitizing gauris oangeande de ydintiteit fan somlike persoanen, mei gâns spannende situaesjes en ûnforwachte ûntknopingen oan 'e ein. Forhalen fol spanning en gefaren, lykas ek Van Lennep en Oltmans en safolle oaren se skreaun hawwe, fol fan to ûntriedseljen geheimen en gelokkich tafal. De hiele catalogus fine wy ek yn Hertenfrou & Skoppen- | |
[pagina 116]
| |
boer. Van der Leest hat Scott leau ik net neamd by syn mooglike biynfloeders en dat hoecht ek net it gefal to wêzen, rjochtstreeks, hwant it resept is net inkeld rounom neifolge, mar liket hast ‘naturwüchsig’ foar it skriuwen fan in spannend en ûnderhâldend forhael. Yn elts gefal is de oerienkomst fan Hertenfrou & Skoppenboer mei it romantysk histoarjeforhael dúdlik, al fan 'e ynset ‘Wy skriuwe 1345’ ôf. En it komôf fan Pottelomme, mei syn wapen en stambeam, mei dan parallel rinne mei De la généalogie et antiquité de Gargantua dêr't Rabelais mei útein set, soartgelikense ynformaasje krijt men dochs ek hieltiten yn de bidoelde histoaryske avontûreromans. Wol is fansels de nammejowing fan Pottelomme folslein Rabelais: ‘Wa't syn heit wie, bleau in riedling. Hy waard net ferneamd, want nimmen woe sa'n genamt hawwe. Mar hy joech himsels in namme. ‘Pottelomme’, flokte er krûm, doe't syn minne har boarst him ûntglûpte en de tate him om de earen spatte.’ Mar de bou fan it boek is dy fan it klassike avontûreforhael: episoaden, dy't op in spannend momint ôfbrekke, wylst it forhael dan in oare tried folget, hieltyd wer, oant op it lêst it hiele weefsel, mei syn skearing en ynslach dúdlik foar jin leit. Van der Leest docht dat treflik, hwant wylst de haedstikken aerdich koarter binne as ornaris by Walter Scott it gefal is, slagget it him dochs hieltyd om yn koart bistek it forhael op to triuwen, it ûntwikkelje to litten en de lêzer sa yn to spinnen, dat dy de spanning ûndergiet, dat dy bang to moede en nijsgjirrich trochlêst oant de forlossende ein. De haedstikken binne troch rigels wyt fan inoar skaet, mar ek poétysk mei inoar forboun. Dat ‘poétysk’ is hwat fordúdliking brek. De haedstikken, as wy se sa neame meije, hâlde nammentlik midden yn 'e rigel op, wylst it folgjende midden yn 'e rigel bigjint. Se rymje op inoar soe men sizze kinne, mar dat is byldspraek en dus inkeld fordûdlikjend as men it fenomeen út 'e praktyk ken. Wolnou, it earste haedstik, de earste episoade, einiget sa: ‘Tagelyk gean de swurden omheech, de punten reitsje inoar en foarmje’ Dêr brekt it ôf en de folgjende episoade begjint mei: ‘in fonkeljende stjer. Dat is syn liedstjer. Dêr leit it Noarden, dêr moat er hinne.’ De skriuwer hat dit knap folhâlden, it hiele boek troch, al wurket it de iene kears fansels better as de oare. De poétyske forbiningen hawwe noch it bykommende foardiel dat men even hwat fortrage lêst, hwat foar it sa mei oerliz skreaune proaza fan Reinder wier gjin kwea kin. | |
[pagina 117]
| |
Op side 98-101 wurde de episoaden hiel koart, omt dan gâns triedden byinoar komme en in bislissende slach slein wurdt. Men moat dêr wol o sa mei sin lêze om der út wiis to wurden, mar tagelyk spegelje dizze bledsiden ek de bitizingen en de rebûlje fan it slachfjild, hwer't nou ienris slim in oersjoch oer to jaen is, lykas wy witte út Tolstoy syn Oarloch en frede. Hawar, hjir is gâns aksje en avontûr oan foarôfgien, spanning, ûnwissens, travesty en skelmerij. Alles sa't it yn in goed avontûreforhael heart.
Fjird: Hertenfrou & Skoppenboer is in Frysk boek. It is dat fuortdaliks al mei't it in diel Fryske skiednis opropt, mar it is it foarâl om't it yn it Frysk skreaun is. Van der Leest syn ambysje is to boartsjen mei de Fryske tael. By in eardere gelegenheit haw ik ris ta de konklúzje komme moatten dat sok boartsjen him net altiten oertsjûgjend slagje woe mei't er net trochkrûpt wie yn it Frysk. Reinder wie dat doe net hielendal mei my iens en hy hâldde my foar - sa stiet it my alteas by - dat er der dochs gâns flyt op dien hie. Dy flyt wie net to ûntstriden en hwat mear seit, dy moat ek bleaun wêze hwant it risseltaet nou mei der wiswier wêze. Hy brûkt goefryske, mar yn it deistige Frysk spitigernôch to selden foarkommende wurden sa linich as hwat en hy sjocht kâns wier to boartsjen mei in navenant greate taelfoarrie. De taelgrapkes by Reinder van der Leest komme fan forskillende kanten. Hy brûkt byldzjende wurden op in plak dêr't men se net forwachtet, sa dat se dêrtroch komysk wurkje, hy nimt in figuerlike útdrukking letterlik, hy wreidet bisteand ydioom út mei eigen oanfollingen en hy nimt it frij om wurdmateriael yn in oare grammatyske kategoary to brûken as de wenstige. It Frysk is wier in rêdsum ynstrumint foar him wurden, lykas ek kear op kear bliken docht út kwasieamstige, faek o sa moaije biskriuwingen. It epyske bigjin bygelyks, dat op lokkige wize oan 'e ein herhelle wurdt, is in moai foarbyld. Foarmingen as ‘sâltbebiten’, ‘wyngisele’, ‘fochtberinge’ brûkt er nei myn smaek hwat to faek, mar lêst haw ik der net fan. Ek de biskriuwingen fan mominten fan fûle aksje treffe troch it to help roppen fan gâns bigripen dy't inoarren oanfolje troch har ynhâld en tagelyk de aksje symbolisearje yn har optsjen yn 'e mande. De dialooch, dy't rynsk oer de bledkanten forspraet is, slút him altyd oan by de sprekkende persoanen en is faek o sa libben. It proaza dochs, fan Reinder van der Leest yn Hertenfrou & Skoppenboer is net flak en op ien toanhichte mar wikselet mei de gong fan it forhael. Faeks kin ik hjir noch even kwyt dat it boek kreas útjown is troch de Koperative Utjowerij, mei noch de oantekening dat it omslach, fan Joy Forster in leave lust is. | |
[pagina 118]
| |
Fiift: Hertenfrou & Skoppenboer is in kolderesk boek. Fan 't bigjin ôf oan 'e ein ta bifettet it boek taelkolder, situationele kolder, ideologyske kolder en dat makket foar in great part de charme út fan it boek. It hâldt fansels it gefaer yn dat men der troch oerfuorre rekket en dan hwat wrantelich bigjint to wurden, sa fan: hoecht dit nou wol, is dat wier sa aerdich, wurd ik ûndersteld dêrom to laitsjen? Lit my forklearje dat mear as foar hokker ôfsûnderlike fynst de auteur lof takomt foar dat it him slagge is in oannimlike dosearring to jaen. Hy lit himsels net ûnbihindere gean en bisiket net eltse situaesje út to melken. It forhael moat fierder, dat is de poarteam dy't de skriuwer himsels oanlein hat, en dêrtroch docht him hieltyd wer de gelegenheit foar ta nije fynsten, tafallige assosiaesjes en komysk kommentaer. As Don Quickshot tortelt dat er in Spanjert is út Madrid, bringt dy plaknamme assosiatyf in lyts forslachje oer Atletico yn de fuotbalkompetysje. Mar Van der Leest brûkt dit net as fêst procédé en biheint him ta dizze iene kear. Dy selsbihearsking is to priizgjen, al soe it fansels hiel nuver wêze, as er ek net bisocht him by nou en by dan to ûntwinen oan de frijwillige, niisneamde poarteam. Sa ûnderbrekt er in kearmannich it forhael foar in dialooch mei syn lêstjowers. Dat hie foar my ek mar ien kear hoegd, mar dêr kin in oar oars oer tinke en ik sprek dit inkeld út omt ik krekt sa'n greate wurdearring haw foar de dosearring. It stramyn fan it forhael is stevich genôch om de kolder drage to kinnen net allinnich, mar foar in great part ek mooglik to meitsjen. Yn reinkultuur is kolder slim to genietsjen, mar as kontrapunt by de spanning fan it bouwen en de spanning fan it forhael seis - al mei dat dan yn wêzen ek oars neat wêze as kolder - is it o sa bikoarlik. Nettsjinsteande alles libje wy mei yn de avontûren fan de haedfigueren, dy't har ôfspylje - troch de opset ôfspylje moatte - yn de amorele wrâld fan it mearke. Kannibalen op 'e kust fan Fryslân, wy wurde der net hjit of kâld fan, soargelaes forsûpe wy in efterlike figuer dy't op ús paed komt, wy take jild ûnder it motto ‘primum prendere, deinde philosophari’, wy meitsje sûnder omtinken earsume middenstanners har negoasje ûnbrûk, it deart ús net as oan 'e ein it hiele Frânske korps hiersoldaten min of mear by forsin deamakke wurdt en sels hawwe wy gjin bigreatsjen mei grytman Filtskoech dy't troch misforstân yn itselde lot dielt. Né, wy hawwe gjin gewisse. Goed en tsjoed jilde net yn dizze wrâld, dy't Van der Leest ús foartsjoent. Op ien útsûndering nei. Yn mearkes, yn fabels, yn mythen fan alle tiden en by allerhande folken bistiet de oertsjûging dat de goede, de wier goede die od in ûnforwacht stuit leanne wurdt. It nuvere is dat wy skoan witte dat soks net wier is. Dochs bifredi- | |
[pagina 119]
| |
get it ús djip dat de mûs dy't it net dêr't de liuw ynrekke is, trochgnabbet dêr letter baet by hat As modern synisme de saek réalistysker foarstelt, lêze wy dat ek wer mei in spanning, dy't inkeld mar de bifêstiging wêze kin fan de ûnderlizzende mythe dy't wol dat it goede bileanne wurdt. Dat lêste bart ek yn Hertenfrou & Skoppenboer. Op side 11 kin Nier, dan noch as nammeleas skutter, in frommes rêdde. Der stiet: ‘Hoewol't er as skutter gjin ridderbelofte ôflein hat en dus froulju net hoecht te helpen, fielt er him moreel ferplichte om fanwegen te kommen.’ Oan 'e ein op side 117, as bliken docht dat it frommes Nano is, Pottelomme syn suster, is dat Nier syn rêdding. Van der Leest makket it noch even tige eksplisyt: ‘“Ik haw jo it libben rêden,” ropt Niser mei in hege, oerslaande stim Nano ta. Helje my no foar de dea wei.”’ Dat bart dus en Dynte ek ûntkomt op 'e allerlêste side oan 'e brânsteapel troch dieden út it forline en dat alles bifrediget ús as lêzer djip. Men kin jin fansels ôffreegje oft, as de útrêdding it gefolch west hie fan in minne foarôfgeande die, wy as lêzer minder tofreden wêze soenen. Sa slim is it net om sa'n konstruksje to bitinken, mar Reinder hat dat net dien en dat jowt dochs to tinken.
Ik sitearje fan side 83: ‘Yn de healtsjustere romte binne trije minsken oan it balânzjen. In daaifet frommes, in bienbitige hurdfegeren in famke mei in jiskich gesichtsje.’ Ik woe mar sizze dat it foar my ek tiid wurdt om to balânzjen. Bin ik dêrby daeifet frommes, bienbitich hurdfeger of famke mei in jiskich gesichtsje? It stiet my gjin ien fan trijen oan, dan bin ik mar leaver Magister Alcofribas, abstracteur de quinte essence. Ik hie myn ûndersikingen fordield nei fiif fasetten en Hertenfrou & Skoppenboer bisjoen as histoaryske roman, as ûnkristlik boek, as avontûreforhael, as Frysk boek en as in goudmyn fan kolder. Jimme hawwe wol fornommen dat it my net slagge is dy fasetten bihoarlik to ûnderskieden, lit stean to skieden, hwant hieltiten diene alle eleminten mei. Dêrom nou dus balânzje. De roman fan Reinder van der Leest is gjin kweeste dêr't de haedpersoan troch allerhande avontûren yn ta himsels komt, op geheimsinnige, alchimistyske wize. Hertenfrou & Skoppenboer is net djipsinnich as Don Quichot, net essayistysk as Tristram Shandy, net pedagogysk as Gargantua en Pantagruel, mar lyk as dy boeken is it meinimmend en ûnderhâldend. It is ûnderhâldend lykas in stripforhael dat is mar al mei in stikmannich pluspunten. Foar safier der fan alchimy praet wurde kin, is dat omt, wylst de auteur syn forhael yn syn retorten rémakket, hy ek noch hwat oars krijt. Gjin goud spitigemôch, mar wol in fonkeljend fjûrwurk. Net mear, mar ek net minder. | |
[pagina 120]
| |
Dan geane wy, lêzers, nei't it fjûrwurk ôfroun is op hûs yn. Wy sizze tsjin inoar dat it moai west hat en de iene is noch optein oer de fjûrpylken en in oar rekket net útpraet oer it tafriel mei de Bengaelske forljochting en wer in oaren ien is noch ûnder de oangename yndruk fan it tongerjend gewelt fan in salvo brisanteksplosiven. De lytse ûngemakjes wurdt net oer praet, de pylk dy't net hegernôch kaem en machteleas weromfoel. Yn myn Ljouwerter jierren wie der op heechtiiddagen fjûrwurk op it Saeilân en ik lies altiten mei greate nocht de biskriuwing dêrfan. Ik bidoel fansels net it kranteforslach efterôf, hwant in journalist stiet nou ienris machteleas foar soks oer, né, ik bidoel de ynhâldsopjefte fan de kommersy foarôf. It gie dan oer in cascade fan dit of dat en oer hwat oars fan draeijende sinnen en neam mar op. Ik soe dêr graech in foarbyld fan jaen wolle, mar spitigernôch is der neat to sitearjen, hwant dêrta mis ik smertlik ‘it boek dêr't alles yn stiet’. Wis, der binne encyclopédyen, mar dy helpe ús net, dy binne ek net it rjochte boek dêr't alles yn stiet! Hawar, ik hoopje mar dat jimme ek wolris sa'n fjûrwurk op skrift lêzen hawwe. Men kin jin derby ôffreegje oft sa'n abstrakt draeiboek ek folstean kinne soe om Van der Leest yn 'e gelegenheit to stellen syn fynsten en fratsen oan op to hingjen. Guon soe dat djip bifredigje - fuort mei it forhael en lang libje de autonome eksperiminten. Ik haw der lang oer neitocht: ik leau net dat it kin. |
|